The Specialist (film út 1994)
The Specialist | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Luis Llosa | |
produsint | Jerry Weintraub | |
senario | Alexandra Seros | |
basearre op | de romansearje fan John Shirley | |
kamerarezjy | Jeffrey L. Kimball | |
muzyk | John Barry | |
filmstudio | Warner Bros. | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Sylvester Stallone Sharon Stone James Woods | |
byrollen | Eric Roberts Rod Steiger Mario Ernesto Sánchez Brent Sexton | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 7 oktober 1994 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjeskriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 110 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $45 miljoen | |
opbringst | $170,4 miljoen |
The Specialist is in Amerikaanske aksjeskriller út 1994 ûnder rezjy fan Luis Llosa, mei yn 'e haadrollen Sylvester Stallone, Sharon Stone en James Woods. De titel betsjut "De Spesjalist". It ferhaal giet oer in hiermoardner yn Miami dy't fereale rekket op syn opdrachtjouster. Dêrom stimt er, tsjin betterwitten yn, ta yn it deadzjen fan 'e kriminelen dy't jierren lyn har âldelju ombrocht hawwe. De film krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in kommersjeel súkses.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1984 fiere Ray Quick en Ned Trent, ekplosive-ekspêrs yn 'e tsjinst fan 'e CIA, in geheime misje yn Latynsk-Amearika út, wêrby't se in drugsbaron eliminearje moatte. Dat dogge se troch springstofladings oan te bringen ûnder in brêge dêr't er oerhinne ride sil. As se him oankommen sjogge, docht lykwols bliken dat der in lyts famke by him yn 'e auto sit. Ray wol de aksje ôfblaze, mar Ned wegeret en smyt de ôfstânsbetsjinning wêrmei't er de bommen ûntwapenje kin yn 'e rivier. Ray besiket de springstofladings hânmjittich te ûntwapenjen, mar kin de twadde net op 'e tiid berikke. De bom giet ôf as de auto deroerhinne riidt, wat resultearret yn 'e dea fan sawol de drugsbaron as it famke. Yn razernij slacht Ray Ned del en seit him oan de hiele saak iepenbier meitsje te sillen, wat neitiid liedt ta it ûntslach fan sawol himsels as Ned.
Tsien jier letter wurket Ray yn Miami as hiermoardner. Hy libbet in iensum libben en hat inkeld selskip fan syn kat, dy't er Timer neamd hat. Klanten nimme kontakt mei him op fia in digitaal prikboerd op it ynternet en hy nimt de saken oan dy't syn belangstelling wekje. Hy hat in reputaasje opboud as ien dy't syn slachtoffers mei bomoanslaggen ombringt, wêrby't er lykwols de ûntploffings sa 'foarmjout' dat inkeld it doelwyt omkomt en ûnskuldige omstanners mei de skrik frij komme.
Ray nimt oer de tillefoan kontakt op mei May Munro, in kreaze jonge frou dy't him ynhiere wol om 'e trije kriminelen te deadzjen dy't har âldelju op wreedaardige wize fermoarde hawwe doe't se noch in lyts famke wie. Har heit hie nammentlik wat sjoen dat er net sjen meien hie. Har âlden hiene har ferstoppe yn in kleankast, dêr't se it hiele drama wei sjoen hat. De moardners wiene Tomás León, de soan fan 'e machtige maffiabaas Joe León, en twa fan syn trewanten. Ray twifelet oft er har opdracht oannimme sil, mar hy spoart har op en begjint har te folgjen wylst er stadichoan mear obsedearre troch har rekket.
As it har te lang duorret, ûndernimt May sels aksje, ek al riedt Ray har dat ôf, troch ûnder de falske identiteit fan Adrian Hastings nei in feest te gean dêr't se mei har skientme de oandacht fan Tomás wit te lûken. Se krije in relaasje en May wurdt syn mêtresse. Ray hâldt oan mei har te folgjen en wurdt úteinlik opmurken troch Tomás, dy't him bedriget. Dat is it lêste setsje dêr't Ray ferlet fan hat om út 'e rie te kommen, en hy nimt de opdracht oan.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Underwilens wurket Ned no as 'probleme-oplosser' foar Joe León. Nei't Ray de earste fan Tomás syn beide trewanten út 'e ljochten holpen hat, nimt Joe León kontakt op mei de pleatslike plysjekommissaris, dy't korrupt is en foar him wurket. Hy lit Ned yn syn hoedanichheid fan âld-CIA-man mei ûnderfining op it mêd fan bomoanslaggen as adviseur by it plysje-ûndersyk belûke. Yn 'e praktyk nimt Ned al rillegau de lieding oer dat ûndersyk oer. Nei't Ray de twadde fan 'e beide trewanten fan Tomás ombrocht hat, docht bliken dat Ned krekt wit wa't ferantwurdlik is foar de moard. Mar by in konfrontaasje mei May, fuort dêrnei, komt oan it ljocht dat er dy wittenskip net ôflaat hat út 'e gearstalling fan 'e bommen. Ned en May blike fan it begjin ôf oan gearwurke te hawwen, mei't May Tomás en syn beide helpers dea hawwe woe, wylst Ned ferlet hie fan in oannimlike opdracht om Ray út syn skûlplak te lokjen sadat er mei him ôfweve koe. It is Ned nammentlik noch net fergetten dat Ray him syn baan by de CIA koste hat, en hy is út op wraak.
Underwilens giet Ray sûnder euvelmoed fierder mei syn opdracht. Hy plantet in bom foar Tomás, mar sjocht te let dat May deselde keamer yngiet. Hy besiket de bom noch te deäktivearjen, mar it is te let. Krekt foar't Tomás troch de bomoanslach deade wurdt, fertelt May him har wiere namme, sadat er wit wêrom't er stjert. Ek May komt by de bomoanslach om, want neitiid ferskynt der in rou-advertinsje yn 'e krante ûnder de namme fan Adrian Hastings. Joe León jout Ned opdracht om 'e moardner fan syn soan libben by him te bringen. Ned lit in falsk berjocht efter op it digitale prikboerd, sadat Ray tinke sil dat May noch libbet. Ray reägearret dêr yndie op, mar de plysjefrou dy't har foardocht as in freondinne fan May en him ta in moeting besiket te bepraten, oertsjûget him net. Hy beseft wat der geande wêze moat en freget oft er net eefkes mei Ned prate mei, dy't grif fuort njonken har stiet. Ray ferget Ned oant dyselde him oerjout oan in útbarsting fan razernij, mar hinget op foar't it tillefoantsje trasearre wurde kin.
As Ray letter de begraffenis fan May besiket, docht bliken dat der in frou op jierren yn 'e deakiste leit. As er de tsjerke ferlitte wol, treft er in libbene May, dy't de bomoanslach oerlibbe en har eigen dea yn sêne set hat om Ned om 'e tún te lieden. Se is dêr oanwêzich om't se sjen woe oft Ray ek op har begraffenis komme soe. Tegearre bejouwe se har nei in hotel, dêr't se mei-inoar op bêd geane. De oare moarns, as Ray wekker wurdt, is May fuort. Se hat in bryfke foar him efterlitten mei de tekst: "Ik bin net in frou dy'tst fertrouwe kinst."
Underwilens is Ned letter ek nei de begraffenis gien, dêr't er ûntdutsen hat dat May noch libje moat. Hy lit de trewanten fan Joe León, sabeare as plysjes, by alle hotels lâns gean mei foto's fan Ray en May, oant se byt hawwe. Sadwaande rint May, as se de oare moarns fuort wol, yn 'e lobby Ned tsjin it liif. Se beart dat se Ray foar him opspoard hat en jout him it keamernûmer. As se dêrnei sels troch ien fan 'e mannen fan León fuortbrocht wurdt, bepraat se him om even nei it húske te meien, dêr't se de mobile tillefoan fan in oare frou ôfpakt en Ray syn keamer opskillet om him te warskôgjen. Dat jout Ray, hielendal boppe-oan yn it hotel, de tiid om springstofladings yn 'e hotelkeamer oan te bringen en fan rutens te spyljen. As Ned syn mannen arrivearje, en ien fan harren de hoarn fan 'e tillefoan op 'e heak leit, ûntploft de boel.
May wurdt by Joe León brocht. It spul is no út en se fertelt him wa't se is en wat se dien hat. León fertelt har op syn beurt dat se ien fan 'e moardners fan har âldelju mist hat, want hysels hie dêr it befel ta jûn. Ned stiet derop dat May yn libben holden wurdt om as lokkebrea foar Ray te tsjinjen. Hy twingt har Ray op te beljen en in ôfspraak te regeljen. Yn it petear mei Ray wit se him derfan te oertsjûgjen dat se wier gefoelens foar him hat, mar se seit ek tsjin him dat alles wier is dat yn har lêste brief oan him stie. Sadwaande wit Ray wat der spilet. Hy beävensearret in moeting yn in leechsteand gebou dat er daliks opblaast nei't sy deryn kommen is. Ray en May ûntsnappe troch de efterdoar oer it wetter yn in speedboat. Hy nimt har mei nei syn ûnderdûkadres yn in leechsteand pakhûs, dêr't se fannijs de leafde bedriuwe.
Fia de jonge dy't de besoargings fan 'e pleatslike supermerk docht, wit Ned efter Ray syn adres te kommen. Hy lit it gebou ynslute troch in grutte plysjemacht, mar Ray hat yn 't foar al in grut tal bommen yn it pakhûs oanbrocht, dy't er no aktivearret. Ned oarderet de plysje om neat te dwaan en kringt dan sels it gebou binnen, dêr't er sûnder tsjûgen foargoed ôfweve wol mei Ray. Hy kriget Ray en May yn 'e tange, mar syn eigen heechmoed wurdt him fataal as er op ien fan 'e aktivearre lânminen fan Ray stean giet. Dy iene ûntploffing lit alle oare bommen yn it gebou ôfgean, en it hiele pakhûs giet de loft yn. Neitiid ornearret de plysje dat nimmen dat oerlibbe hawwe kin, en Ray, May en Ned wurde allegear dea ferklearre.
Ray en May binne lykwols mei de kat Timer temûk troch in ûndergrûnske tunnel ûntkommen. De oare deis lêst Joe León oer wat der bard is, en dêr is er tige tefreden oer. Dêrnei iepenet er in brief dat in bombrief blykt te wêzen, dat him deadocht. Ray en May befine har ticht genôch by syn filla dat se de bom ôfgean hearre kinne. No't alle moardners fan har âldelju dea binne, kin May har ferline einlings ôfslute. Sy en Ray ride fuort om tegearre in nij libben te begjinnen.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Ray Quick | Sylvester Stallone |
May Munro / Adrian Hastings | Sharon Stone |
Ned Trent | James Woods |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Tomás León | Eric Roberts |
Joe León | Rod Steiger |
Charlie | Mario Ernesto Sánchez |
Manny | Brent Sexton |
Tony | Tony Munafo |
trewant | Sergio Doré jr. |
Stan Munro | Chase Randolph |
Alice Munro | Jeana Bell |
de jonge May Monroe | Brittany Paige Bouck |
pianist | Emilio Estefan jr. |
sjongster | LaGaylia Frazier |
preester | Ramón González Cuevas |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Specialist waard regissearre troch Luis Llosa nei in senario fan Alexandra Seros dat loskes basearre wie op 'e romansearje The Specialist fan John Shirley. As produsint wie Jerry Weintraub by it projekt belutsen foar filmstudio Warner Bros. Der wie foar The Specialist in budget fan $45 miljoen beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jeffrey L. Kimball, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Barry. De sênes yn it hotel waarden opnommen yn it Fontainebleau Miami Beach yn Miami Beach.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan The Specialist waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 7 oktober 1994 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Specialist krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes. Sa joech James Berardinelli de film 11/2 fan 4 stjerren en omskreau him as "pynlik dom". Yn 'e Chicago Sun-Times parte Roger Ebert The Specialist 2 fan 4 stjerren ta. Hy skreau: "[Dit] is ien fan dy films dy't de personaazjes twingt om har yn bochten fan dialooch en aksje te wringen om in plot út te lizzen dy't sa ûnwierskynlik is dat it eins de muoite net wurdich is."
The Specialist waard nominearre foar fiif Golden Raspberry Awards foar de minste prestaasjes op it mêd fan film, en wûn twa: minste aktrise (Sharon Stone) en minste pearke op it wite doek (Stone en Sylvester Stallone, hoewol op in dield earste plak mei Tom Cruise en Brad Pitt yn Interview with the Vampire).
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Specialist in tige leech goedkarringspersintaazje fan 7%, basearre op 29 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, wie anno 2021 (noch) gjin beoardieling fan The Specialist beskikber.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Specialist brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $57,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $113 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $170,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $45 miljoen betsjut dat in winst fan $125,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Nettsjinsteande alle krityk wie de film sadwaande in kommersjeel súkses.
De ferzje fan sjongster Gloria Estefan fan it liet Turn the Beat Around, dy't ûnderdiel útmakke fan 'e soundtrack, groeide út ta in dûnssensaasje.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |