The Hero (film út 2017)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
The Hero
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
The Hero 2017 film logo.png
makkers
regisseur Brett Haley
produsint Houston King
Sam Bisbee
Erik Rommesmo
senario Marc Basch
Brett Haley
kamerarezjy Rob Givens
muzyk Keegan DeWitt
filmstudio Northern Lights Films
Park Pictures
Houston King Productions
distribúsje The Orchard
spilers
haadrollen Sam Elliott
Laura Prepon
byrollen Krysten Ritter
Nick Offerman
Katharine Ross
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 9 juny 2017
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjedramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 93 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst $4,1 miljoen

The Hero is in Amerikaanske komeedzjedramafilm út 2017 ûnder rezjy fan Brett Halsey, mei yn 'e haadrollen Sam Elliott en Laura Prepon. De titel betsjut "De Held". It ferhaal giet oer in filmstjer op jierren dy't it hichtepunt fan syn rom al fjirtich jier foarby is en mar wat oanmodderet. As er te hearren kriget dat er in terminale foarm fan kanker hat, besiket er lang fertutearze dielen fan syn libben te feroarjen. The Hero is in ûnôfhinklike film dy't foar it earst fertoand waard op it Sundance Filmfestival yn Utah. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lee Hayden is westernakteur dy't op jierren rekket. It hichtepunt fan syn karriêre leit fjirtich jier efter him. Sûnt hat er noch wol films makke, mar neat mear dêr't er wier grutsk op is. De lêste jierren hat er hielendal gjin rol mear hân, mar troch syn djippe, sonoare stimlûd kin er himsels bedrippe mei it ynsprekken fan slogans yn reklamespotsjes. Sa lit de earste sêne fan 'e film him sjen as er yn 'e studio foar in lûdstechnikus dy't syn wurk blykber net ferstiet, oant op it ferfeelsume ôf de slachsin "Lone Star Barbecue Sauce, the perfect pardner for your chicken" ynsprekke moat. (Pardner is in typyske 'western'-útspraak fan it wurd partner.)

Foar de rest bringt Lee syn dagen troch mei it werbelibjen fan syn gloarjedagen en it smoken fan marihûana mei Jeremy Frost, in eardere kollega-akteur dy't no syn drugsdealer en iennichste freon is. Lee syn rêstich fuortskolferjende bestean wurdt rou ûnderbrutsen as út in ûndersyk yn it sikehûs bliken docht dat er alfleisklierkanker hat. Frijwol tagelyk moetet er by Jeremy thús in oare klant fan 'e drugsdealer, de jonge(re) frou Charlotte Dylan. Troch de kankerdiagnoaze wurdt dúdlik dat Lee prioriteiten stelle moat dy't er lang fertutearzje litten hat, lykas it reparearjen fan 'e bân mei syn fan him ferfrjemde folwoeksen dochter Lucy en it sykjen nei in lêste grutte filmrol om syn reputaasje mei te konsolidearjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Om't er al op yngeande wize oan selsmedisearring docht mei syn marihûanagebrûk, is Lee der bekstallich fan om behanneling foar syn alfleisklierkanker te sykjen. Op it ynternet lêst er hoe leech oft op 'e termyn fan ferskate jierren de oerlibbingspersintaazjes binne by wat ien fan 'e meast ferfrettende foarmen fan kanker is. Hy freget him ôf oft in pear jier ekstra libben alle ûngemak fan 'e behanneling wol wurdich is. Ynstee set er op knoffelige wize útein mei it besykjen om 'e emosjonele wûnen te hieljen dy't er mar trochotterje litten hat sûnt er in fearnsiuw earder by syn eks-frou weigien is. Mei Lucy hat er yn gjin jierren kontakt hân en sy sit dan ek net op neieroankommen mei har heit te wachtsjen. Pas as Lee fan syn eks-frou Valerie heart wêr't se is en har yn persoan opsiket, stimt se deryn ta om oankom wike mei him út te iten te gean.

Sawol by syn maat Jeremy as by syn eks-frou en dochter wol Lee fertelle oer syn medyske tastân, mar hy skytskoarret der tsjinoan en wynt him der hiderkear op it lêste momint foar wei. Underwilens skillet syn agint him op mei de meidieling dat der in feriening fan fans fan westernfilms is dy't him in oeuvrepriis tahawwe wol. Lee stimt deryn ta om dy sneins op 'e útrikkingsseremoanje oanwêzich te wêzen. Hy wol Lucy meihawwe dêrhinne, mar sy fielt dêr dúdlik neat foar en komt mei in ferlechje. As er letter by in snackwein Charlotte wer treft, dy't him útdaget om har om in ôfspraakje te freegjen, nûget er har út om mei nei de útrikking.

Underweis yn in limûsine nei de priisútrikking sprinzget Charlotte, mei syn goedfinen, ecstasy yn Lee syn sjampanje. As de drug letter begjint te wurkjen, feroaret in ferfeelsume jûn middenmank in kloft goedbedoelende mar saaie lju foar Lee yn in oangenaam fersetsje. It is fansels de bedoeling dat er in taspraak hâldt by it oannimmen fan 'e priis, en ûnder ynfloed fan drank en drugs fertelt er earlik dat er fan miening is dat er de priis net wurdich is. Want in oeuvrepriis is úteinlik in priis foar in libben lang wurkjen, en dogge de measte minsken dat net? Dêrom fynt er dat alle oanwêzigen likefolle rjocht op sa'n priis hawwe as hy. Dikerjend tsjin it ljocht fan 'e felle lampen yn, kiest er in willekeurige âldere frou út it oanwêzige publyk, in Diane, dy't er nei it poadium ta hellet om 'e oeuvrepriis oan troch te jaan.

De oare deis docht bliken dat ien fan 'e oanwêzigen it hiele spul opnommen hat mei in mobile tillefoan en it filmke op YouTube set hat. Yn in nacht tiid is Lee in ynternetsinsaasje wurden nei't it filmke viral gien is. Hy is no ynienen sa hot, dat de oanbiedings fan rollen by syn agint binnenstreame. De 71-jierrige Lee begjint in seksuele relaasje mei Charlotte, mei wa't er hast fjirtich jier skeelt. Sy wol him net fertelle hoe âld oft se is, behalven dat se âlder is as syn dochter Lucy (dy't 34 is). Charlotte blykt in oanstoarmjend talint op it mêd fan stand-up comedy te wêzen, mar as Lee dy jûns nei in lyts teäter giet dêr't se optreedt, blykt se in hiele rûtine fan (foar him) pynlike grappen betocht te hawwen oer it hawwen fan seks mei âlde mannen. Pas as er oerein komt en de seal útrint, sjocht Charlotte dat hy yn it publyk siet.

De oare moarns hat Lee in audysje foar in nije filmrol dy't er graach hawwe wol. Hy hat de middeis fan 'e foargeande deis syn tekst mei Jeremy trochnommen, en dat gie sa goed dat Jeremy de triennen fan oandwaning yn 'e eagen stiene. Mar op 'e audysje ferprutst Lee it alhiel, sa bot dat er him úteinlik needsake fielt syn ûntskuldigings oan 'e regisseur oan te bieden om't er syn tiid fergriemd hat. Hy giet nei hûs, dêr't er treast yn drugs siket en al syn marihûana opsmookt. Dêrnei sprekt er it pûdsje mei paddo's oan dat Jeremy him jûn hie 'foar needgefallen'. Sadwaande is er de rest fan 'e dei alhiel fan 'e wrâld en nimt er de tillefoan net op as Lucy him út it restaurant wei dêr't se ôfsprutsen hiene opskillet om te freegjen wêr't er bliuwt. Uteinlik giet se lulk, kwetst en teloarsteld nei hûs.

De oare deis, as Lee wer ta himsels kommen is en foar it ferstân kriget wat in stommiteit oft er begien hat, nimt Lucy fansels har tillefoan net oan as er har besiket op te skiljen. Letter dy deis komt Charlotte del om har te ûntskuldigjen foar de ûnfoege grappen. Se fertelt Lee dat it nea har bedoeling wie om him te kwetsen en jout him in dichtbondel mei it folsleine wurk fan har leaflingsdichteresse Edna St. Vincent Millay kado. Lee, dy't krekt sels immen ûnbedoeld kwetst hat, kin net lulk op har bliuwe, en se belânje wer mei-inoar op bêd. Neitiid fertelt er Charlotte dat er deagiet. Dêr is se stil fan, mar suver it earste dat se freget, is hoe't syn famylje dat opnommen hat. Dan moat Lee bekenne dat sy de alderearste persoan is oan wa't er it ferteld hat. Dat kin sa net ta, fynt Charlotte, en as se heart dat er twifelet oer de libbensferlingjende behanneling, praat se krekt sa lang op him yn oant se him in ûnthjit ûntfytmanne hat dat er mei syn famylje prate en him behannelje litte sil.

Lee pakt it no ferstannich oan, troch earst nei Valerie te gean en har te fertellen wat der oan 'e hân is. Valerie beävensearret neitiid dat Lucy en Lee inoar moetsje, sadat Lee har ek oer syn kanker fertelle kin. Lucy is lulk op him om't er har yn it restaurant sitte litten hat, mar noch lulker dat er har as bern altyd sitte litten hat om't er wichtiger dingen te dwaan hie as der foar har te wêzen. Lee kriget no pas foar it ferstân hoe slim oft er it altyd ôfwitte litten hat as heit, ek al foar syn skieding fan Valerie. Hy freget Lucy oprjocht om ferjeffenis, wat by har einlings de angel út 'e wûne liket te heljen.

Yn 'e lêste sêne is Lee wer werom yn 'e studio om in reklameslogan yn te sprekken, mei't de belangstelling foar him as akteur nei de hype dy't op it ynternet om him hinne ûntstien wie, mar fan koarte doer wie. Hoewol't er dêrmei beropsmjittich wer op itselde plak is dêr't er begûn, hat er wat karakterûntwikkeling en syn dêrmei gearhingjende priveelibben oangeane, ûnderwilens in grutte ûntjouwing ûndergien.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Lee Hayden Sam Elliott
Charlotte Dylan Laura Prepon


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lucy Hayden Krysten Ritter
Jeremy Frost Nick Offerman
Valerie Hayden Katharine Ross
harsels komédiënne Ali Wong
harsels komédiënne Cameron Esposito
dokter Doug Cox
Gary Babcock Max Gail
Betsy Jackie Joyner
regisseur Christopher May
Linda Linda Lee McBride
Diane Patrika Darbo
man yn dream Frank Collison

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Hero waard regissearre troch Brett Haley nei in senario fan himsels en Marc Basch. As produsinten wiene Houston King, Sam Bisbee en Erik Rommesmo by it projekt belutsen foar de filmstudio's Northern Lights Films, Park Pictures en Houston King Productions. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Rob Givens, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Keegan DeWitt. Regisseur Haley die sels de filmmontaazje. De opnamen foar The Hero fûnen plak op ferskillende lokaasjes yn Los Angeles en duorren achttjin dagen.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de haadrol yn The Hero waard Sam Elliott frege, in akteur dy't ferneamd is om syn grutte grize snor en syn ekstreem djippe, sonoare stimlûd. Byrollen waarden fertolke troch Laura Prepon, dy't bekend waard as it readhierrige buorfamke yn 'e komeedzjesearje That '70s Show, Krysten Ritter, Nick Offerman en Elliott syn echte frou Katharine Ross.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Hero waard fersoarge troch The Orchard. De film waard foar it earst fertoand op 21 jannewaris 2017 op it Sundance Filmfestival yn Utah. Op 9 juny fan dat jier gied er yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige The Hero oer it algemien positive resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Hero in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 106 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] stipet op it ynteine aktearjen fan Sam Elliott, dat mear as goed genôch is om 'e film troch de minder ynspirearre mominten fan syn wat klisjeemjittige ferhaal hinne te helpen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Hero in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 28 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Hero wie in lytse produksje dy't yn 'e bioskopen wrâldwiid $4,1 miljoen opbrocht. Om't net bekend is hoe'n grut budget de film hie, is it dreech om te sizzen oft The Hero dêrmei in súkses wie. Mar yn acht nommen dat it in ûnôfhinklike film is, dy't faak foar in relatyf leech bedrach makke wurde, soe't it samar kinne dat de film mei dy behindige opbringst dochs winst makke.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.