Springe nei ynhâld

The Eagle (film út 2011)

Ut Wikipedy
The Eagle
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Kevin Macdonald
produsint Duncan Kenworthy
senario Jeremy Brock
basearre op The Eagle of the Ninth
   fan Rosemary Sutcliff
kamerarezjy Anthony Dod Mantle
muzyk Atli Örvarsson
filmstudio Toledo Productions
Film4 Productions
DMG Entertainment
distribúsje Focus Features (Fer. St.)
Universal Pictures (oare lannen)
spilers
haadrollen Channing Tatum
Jamie Bell
byrollen Donald Sutherland
Tahar Rahim
Ned Dennehy
Mark Strong
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre 11 febrewaris 2011
foarm langspylfilm
sjenre sandalefilm
taal Ingelsk (ek wat Skotsk-Gaelysk)
spyltiid 114 minuten
budget en resultaten
budget $25 miljoen
opbringst $38 miljoen

The Eagle is in Amerikaansk-Britske histoaryske dramafilm fan it subsjenre fan 'e sandalefilm. De film kaam út yn 2011 en waard regissearre troch Kevin Macdonald nei in senario dat besearre wie op 'e roman The Eagle of the Ninth fan Rosemary Sutcliff. De haadrollen waarden spile troch Channing Tatum en Jamie Bell. De titel betsjut "De Earn", en ferwiist nei de standert dy't it embleem fan 'e legioenen fan it Romeinske Ryk wiene. It ferhaal giet oer de jonge Romeinske ofsier Marcus Flavius Aquila, dy't mei syn slaaf Esca ôfset op in kweeste om 'e ferlern giene earn fan it ferdwûne Njoggende Legioen op te spoaren en werom te bringen. Hy wol dêrmei de skande útwiskje dy't oer syn famylje kommen is troch it ferlern gean fan dy standert, om't syn heit ien fan 'e ofsieren fan it Njoggende wie. The Eagle krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en behelle yn 'e bioskopen in teloarstellend resultaat.

Yn it jier 140, tweintich jier nei't it Romeinske Njoggende Legioen yn it barbaarske Kaledoanje, benoarden de Romeinske provinsje Brittanje, ferdwûn is, arrivearret de jonge senturion Marcus Flavius Aquila yn Brittanje om kommandant fan in garnizoenspost te wurden. Syn heit wie ien fan 'e ofsieren fan it Njoggende Legioen, en om't de earn (standert) fan dat legioen ferlern gien is, klibbet der skande oan 'e famyljes fan alle mannen dy't yn dat legioen tsjinnen. Want as in earn ferlern giet, is de ear ferlern, en as de ear ferlern giet, is alles ferlern, yn it Romeinske tinken. Marcus hopet troch it Romeinske Ryk mei moed en al syn kinnen te tsjinjen, de ear fan syn famylje werom te winnen. Hy is noch mar inkele dagen op syn nije post as der in pleatslike opstân fan 'e Keltyske befolking plakfynt, wêrby't Marcus syn wachens en krigelens it iennichste is dat tsjinkeart dat it garnizoen ûnder de foet rûn wurdt. Hy kriget foar syn dapperens in hege ûnderskieding, mar hy is yn 'e striid sa slim ferwûne rekke oan syn lofterskonk, dat er earfol ûntslach út it leger kriget.

Hy wurdt neitiid nei it lângoed fan syn omke brocht, yn 'e neite fan Calleva Atrebatum (Silchester), yn it suden fan Brittanje. Dêr betteret er stadichoan op, al rekket er ferbittere oer it ôfknappen fan syn militêre karriêre en oer it feit dat syn eigen heldedieden neat dien hawwe om 'e skande fan 'e namme fan syn heit wei te nimmen. Marcus is mank it publyk as by in gefjocht om libben en dea yn 'e arena fan Calleva Atrebatum in slaaf foar in profesjonele gladiator oer set wurdt. De slaaf wegeret lykwols oan it gefjocht mei de dwaan, al hoe't de gladiator him ek tramtearret om him lulk te krijen. Marcus en syn omke hawwe bewûndering foar de hâlding fan 'e slaaf, mei't it wiere moed ferget om sûnder jinsels te ferdigenjen jins dea temjitte te stappen. As it derop oankomt dat it publyk oer it lot fan 'e slaaf beslute moat, ropt Marcus de oare oanwêzigen op om foar libben te kiezen en rêdt dêrmei de slaaf fan 'e dea. Letter blykt syn omke deselde slaaf, dy't Esca hjit, nei it gefjocht foar him kocht te hawwen.

As Marcus geroften heart dat de earn fan it Njoggende Legioen earne yn Kaledoanje sjoen is, beslút er om it ding te sykjen en werom te bringen, om op dy wize de eare fan syn heit werom te winnen. Syn omke en de oare Romeinen mei wa't er gedoente hat, fine dat in healwiis plan, mei't gjin inkele Romein dy't him noard fan 'e Muorre fan Hadrianus weaget, ea weromsjoen wurdt. Marcus set lykwols troch en nimt Esca mei as gids en tolk. Tegearre reizgje se op in pear hynders nei it noarden, dêr't se troch in poarte yn 'e Muorre fan Hadrianus geane. Underweis wurdt dúdlik dat Esca syn master net lije mei. Hy is de soan fan 'e haadman fan 'e Briganten, in Keltyske stamme út it noarden fan Brittanje, en syn âlden en bruorren binne troch de Romeinen deade by in opstân. Esca walget fan alles dêr't Rome foar stiet, mar om't Marcus syn libben rêden hat, is er dyselde syn tsjinst skuldich.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei ferskate wiken yn Kaledoanje nei oanwizings socht te hawwen oer it plak fan 'e earn, komme Marcus en Esca in man op it spoar dy't Guern hjit. It docht bliken dat dyselde berne is as Lucius Caius Metellus, en hy is in oerlibbene fan it Njoggende Legioen dy't nei de ferneatiging fan dy legerienheid opnommen is yn 'e stamme fan 'e Selgoven. Hy fertelt Marcus dat it Njoggende Legioen yn Kaledoanje yn in mûklaach rûn fan 'e Kelten en de Pikten, dêr't ek de Briganten fan Esca syn heit by belutsen wiene. Fan alle fijannen wiene de krigers fan 'e Robbestamme, lju fan 'e noardkust dy't harsels beskilderje, it skriklikst. Sy offeren de Romeinske ofsieren dy't se te pakken krije koene, op ynkurven stiennen wylst de fjildslach noch geande wie. Inkeld in stikmannich deserteurs, dy't foar de ein fan 'e striid útpykten, oerlibben de slach. Marcus syn heit ferdigene de earn fan it legioen oan de bittere ein ta. De earn waard úteinlik bútmakke troch de Robbestamme.

Neitiid reizgje Marcus en Esca fierder nei it noarden, oant se by de Robbestamme oankomme. Esca identifisearret himsels dêr as de soan fan 'e haadman fan 'e Briganten, en Marcus as syn slaaf. Hy wurdt troch de Robbestamme ferwolkomme as in eare gast, wylst Marcus in priuwke kriget fan hoe't it slaven fergiet. Esca spilet syn rol sa goed, dat Marcus op 't lêst begjint te tinken dat er him ferret hat. Mar op in jûn, as de krigers fan 'e Robbestamme by in ritueel in ferdôvjend middel ynnommen hawwe en neitiid yn in fêste sliep fallen binne, docht bliken dat Esca noch altyd wurd hâldt. Hy en Marcus stelle de earn út 'e grot dêr't de oarlochstrofee troch de Robbestamme bewarre wurdt. Dêrby komme de haadman fan 'e Robbestamme en ferskate krigers dy't net sliepe harren oer it mad. Wylst Esca ôfweeft mei de krigers, giet Marcus it gefjocht mei de haadman oan, dy't him lykwols oan syn minne skonk wit te ferwûnjen as Marcus de ring opmerkt dy't de man draacht, dy't fan syn heit wie. De haadman ropt him yn it Piktysk ta dat syn heit foar him op 'e knibbels fallen is en om syn libben smeke hat foar't er him deasloech, mar Marcus ferstiet dy taal net en as er Esca der letter nei freget, wegeret dy it oer te setten.

Nei't Marcus de haadman deade hat, naaie hy en Esca op harren hynders dat út nei de Muorre fan Hadrianus, mar ier de oare moarns ûntdekt de soan 'e haadman wat der bard is en set mei syn krigers de efterfolging yn. Hoewol't Marcus en Esca oer hynders beskikke, is dat net sa'n grut foardiel yn 'e Kaledoanyske Heechlannen, dêr't it terrein almar steil op en del giet. Nei't Esca syn hynder fan ynspanning net mear fierder kin, moatte se boppedat tegearre op ien hynder. Uteinlik litte se dat ek efter en moat Esca Marcus, dy't net op syn iene skonk stean kin, suver meislepe. As dúdlik wurdt dat se op dizze manear net ûntkomme sille, jout Marcus Esca opdracht om 'e earn mei te nimmen en allinnich nei Brittanje werom te kearen. Esca easket dêrfoar syn frijlitting út slavernij, en Marcus stimt dêr mei tsjinnichheid mei yn. Dêrop jout Esca Marcus de earn werom en draaft fuort, sizzende dat er weromkomme sil. Marcus bliuwt efter op 'e boaiem fan in steile kleau dêr't in beekje streamt.

As Marcus de krigers fan 'e Robbestamme al oankommen hearre kin, dûkt Esca wer op mei by him Guern en inkele tsientallen oare oerlibbenen fan it Njoggende Legioen. Guern fertelt Marcus dat er syn heit stjerren sjoen hat, en dat er oan 'e ein trochfochten hat. De lezjonêrs, dy't har nei al dy jierren noch altyd skuldich fiele oer harren desersje, krije in kâns om harsels te rehabilitearjen as de krigers fan 'e Robbestamme harren oanfalle. Yn 'e striid komme de measte lezjonêrs om, en alle krigers. Marcus deadet de soan fan 'e haadman fan 'e Robbestamme troch him te ferdrinken yn it beekje. As it wetter de ferve fan syn gesicht spielt, blykt er ynstee fan it skriklike meunster dat er liek, in gewoane jongfeint te wêzen. Marcus, Esca en de lezjonêrs meitsje in brânsteapel om it stoflik omskot fan Guern te kremearjen. Marcus en Esca keare werom nei Brittanje, dêr't se de earn fan it Njoggende Legioen ôfleverje by de feralterearre gûverneur yn Londinium. Neitiid sette se tegearre ôf, mei't se freonen wurden binne.

Channing Tatum.
Jamie Bell.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Marcus Flavius Aquila Channing Tatum
Esca Jamie Bell


byrollen
personaazje akteur/aktrise
omke Aquila Donald Sutherland
de erfgenamt fan 'e haadman fan 'e Robbestamme Tahar Rahim
de haadman fan 'e Robbestamme Ned Dennehy
Guern / Lucius Caius Metellus Mark Strong
senturion Lutorius Denis O'Hare
Cradoc Douglas Henshall
Galba Paul Ritter
legaat Claudius Dakin Matthews
tribún Placidus Pip Carter

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Eagle waard regissearre troch Kevin Macdonald nei in senario fan Jeremy Brock op basis fan 'e roman The Eagle of the Ninth, út 1954, fan Rosemary Sutcliff. Dat boek hie as útgongspunt it histoaryske feit dat it Romeinske Njoggende Legioen op in stuit sûnder oerlevere ferklearring út histoaryske boarnen ferdwûn. Lange tiid waard ornearre dat it fan 'e Muorre fan Hadrianus noardoan marsjearre wie om 'e stammen fan Kaledoanje (it hjoeddeistige Skotlân) te ferslaan, mar tsjintwurdich wurdt dy oanname yn twifel lutsen.

As produsint wie by de film Duncan Kenworthy belutsen, foar syn eigen Toledo Productions y.g.m. Film4 Productions en DMG Entertainment. The Eagle wie dêrmei in Amerikaansk-Britske ko-produksje. Der wie in budget fan likernôch $25 miljoen foar de film beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Anthony Dod Mantle, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch de Iislânske komponist Atli Örvarsson. De opnamen setten op 24 augustus 2009 útein yn studio's yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest, dy't him sûnt de milenniumwiksel ûntjûn hat ta it sintrum fan 'e Jeropeeske filmyndustry. Der waard ek filme op lokaasje yn Skotlân, û.m. yn Wester Ross, by Loch Lomond en by it doarp Achiltibuie.

Yn in omdraaiïng fan 'e gebrûklike praktyk yn produksjes fan 'e filmyndustry fan Hollywood, dêr't yn films oer it Romeinske Ryk de Romeinen Britsk-Ingelsk sprekke en harren fijannen Amerikaansk-Ingelsk, liet Macdonald yn The Eagle de Romeinen mei in Amerikaansk aksint prate, wylst de Kelten en Pikten mei ferskate aksinten fan 'e Britske Eilannen sprekke. Neffens Macdonald besocht er sa de Romeinen mei Amerikanen te assosjearjen "om in stikje hjoeddeistich symbolisme te reälisearjen."

De distribúsje fan The Eagle waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Focus Features, en yn it Feriene Keninkryk en oare lannen troch Universal Pictures. De film gie op 11 febrewaris 2011 yn 'e Feriene Steaten yn premiêre en op 25 maart yn it Feriene Keninkryk. Op 21 juny fan dat jier kaam The Eagle út op dvd en blu-ray.

Regisseur Kevin Macdonald woe in sa histoarysk autentyk mooglike film meitsje, mar Skotlân, of Kaledoanje, sa't it yn 'e Romeinske Tiid hiet, waard doedestiden nei alle gedachten bewenne troch de Pikten, oer wa't net in protte bekend is. Mei't fan 'e Piktyske taal hast neat oerlevere is, liet Macdonald de Kaledoanyske stammen Skotsk-Gaelysk sprekke. Om't dy taal noch mar sprutsen wurdt troch 58.000 minsken (teljier 2011) beheinde er himsels dêrtroch o sa by it casten fan akteurs. Histoarysk doocht it eins net, want it Skotsk-Gaelysk is pas yn 'e Iere Midsiuwen troch ymmigranten út Ierlân wei nei Skotlân ta brocht. Taalkundigen binne fan miening dat it Piktysk wierskynlik nauwer besibbe west hawwe moat oan it Welsk, in folle gruttere taal, sadat Macdonald himsels in protte muoite besparje kinnen hie as er de Kaledoanyske stammen dy taal sprekke litten hie.

The Eagle krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes. Roger Ebert wie der lykwols posityf oer en joech de film 3 fan 4 stjerren. Neffens him rôp de film de sfear op fan "tradisjonele sandalefilms". Hy hie ek lof foar de reälistyske gefjochtssênes en it tebekhâldende gebrûk fan special effects. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Eagle in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 40%, basearre op 156 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] lokket oan mei in plezierich tradisjoneel aksje-aventoer, mar dat giet te sink ûnder Kevin Macdonald syn trage rezjy en it ûnynspirearjende wurk fan Channing Tatum yn 'e haadrol." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Eagle in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 35 resinsjes.

The Eagle brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $19,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $18,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op in teloarstellende $38 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $25 miljoen betsjut dat in winst fan $13 miljoen, mar dêr moatte de marketingkosten noch ôf. Yn 'e Feriene Steaten ûnderfûn The Eagle yn 'e bioskopen frijwat konkurrinsje fan Gnomeo and Juliet, Justin Bieber: Never Say Never en Just Go With It.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.