Springe nei ynhâld

Terminator 3: Rise of the Machines

Ut Wikipedy
Terminator 3:
Rise of the Machines
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jonathan Mostow
produsint Hal Lieberman
Colin Wilson
Mario Kassar
Andrew G. Vajna
Joel B. Michaels
senario John Brancato
Michael Ferris
kamerarezjy Don Burgess
muzyk Marco Beltrami
filmstudio Columbia Pictures
Intermedia Films
C2 Pictures
VCL
distribúsje Warner Bros. (Noard-Amearika)
Sony Pictures (ynternasj.)
spilers
haadrollen Arnold Schwarzenegger
Nick Stahl
Claire Danes
Kristanna Loken
byrollen David Andrews
Mark Famiglietti
Earl Boen
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
Dútslân
premiêre 30 juny 2003
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 109 minuten
budget en resultaten
budget $187,3 miljoen
opbringst $433,4 miljoen
filmsearje
filmsearje Terminator
● foarich diel Terminator 2: Judgment Day
● folgjend diel Terminator: Salvation

Terminator 3: Rise of the Machines is in Amerikaansk-Britsk-Dútske science fiction-aksjefilm út 2003 ûnder rezjy fan Jonathan Mostow, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger, Nick Stahl, Claire Danes en Kristanna Loken. De titel betsjut "Beëiniger 3: Opkomst fan 'e Masines". It is it trêde diel út 'e Terminator-filmsearje, nei The Terminator, út 1984, en Terminator 2: Judgment Day, út 1991. It ferhaal folget in folwoeksen John Connor, dy't, diskear yn 'e mande mei syn takomstige frou Kate Brewster, op 'e nij it doelwyt wurdt fan in robot dy't troch de keunstmjittige yntelliginsje Skynet út 'e takomst wei troch de tiid hinne weromstjoerd is om him te deadzjen. Fannijs wit it minsklik ferset tsjin Skynet in eigen Terminator werom te stjoeren om him en Kate te beskermjen. Terminator 3: Rise of the Machines wie de earste Terminator-film dy't net regissearre waard troch James Cameron en ek de earste dêr't aktrise Linda Hamilton yn ûntbriek. Hoewol't de film troch in diel fan 'e fans as in rare ôfdijer beskôge waard omreden fan 'e yn mineur einigjende plot, krige Terminator 3: Rise of the Machines oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e bioskopen wie de film súksesfol, ek al wie it doedestiden de djoerste film aller tiden. In ferfolch kaam yn 2009 út ûnder de titel Terminator: Salvation.

Tsien jier nei de ferwoastging fan Cyberdyne Systems (sjoch: Terminator 2: Judgment Day) libbet John Connor nei it ferstjerren fan syn mem Sarah oan kanker in nomadysk bestean om himsels te ferbergjen foar de takomstige keunstmjittige yntelliginsje Skynet. Want nettsjinsteande it feit dat de oarloch tusken minsken en masines net, lykas foarsein, yn 1997 útbrutsen is, bestiet it gefaar noch altyd, dêr is er fan oertsjûge. En hy hat gelyk. Want mei't Skynet Connor yn dy syn ferline net fine kin, stjoert it in nij model Terminator mei in froulik uterlik, de T-X, werom yn 'e tiid nei Connor syn hjoeddeistige tiid yn Los Angeles. De T-X is programmearre om net Connor, mar syn lettere bûnsgenoaten yn it minsklik ferset tsjin Skynet te eliminearjen. It ferset wit op 'e nij in eigen, werprogrammearre T-800 Terminator werom yn 'e tiid te stjoeren, dy't de taak hat om 'e doelwiten fan 'e T-X te beskermjen, ûnder wa Connor syn takomstige frou Kate Brewster.

Connor kriget in ûngemak mei de motor, wêrby't er him oan ien fan syn skonken ferwûnet. Om't er him net nei in sikehûs of dokter doar te bejaan, mei't er dan mei namme en tanamme yn 'it systeem' komme sil en wer fynber wurde sil foar Skynet, brekt er yn by in bistedokterspraktyk, dêr't er himsels feterinêre medisinen tatsjinnet. It tafal wol dat dat deselde bistedokterspraktyk is dêr't Kate wurket. Underwilens komt de T-X, nei't se ferskate oare doelwiten likwidearre hat, Kate op it spoar. Yn 'e bistedokterspraktyk ûntdekt se bewiis fan 'e oanwêzigens fan Connor, dy't dêrnei fuortendaliks har wichtichste doelwyt wurdt. Mar mei help fan 'e Terminator witte Connor en Kate te ûntkommen.

De Terminator nimt harren mei (Connor gewillich en Kate minder gewillich) nei it mausoleum dêr't Sarah Connor sabeare beïerdige is. As se yn har grêf ynbrekke, treffe se lykwols ynstee in fjoerwapenarsenaal oan dat Sarah neilitten hat foar it gefal dat de saneamde Oardielsdei (de dei dat Skynet in kearnoarloch útlokket om 'e minskheid út te rûgjen) tsjin alle hope yn dochs noch plakfine soe. As de plysje arrivearret om Connor en Kate te arrestearjen foar harren skynbere belutsenens by de oanfal op 'e bistedokterspraktyk, folget der in sjitpartij. De T-X fynt harren wer, mar se witte op 'e nij te ûntkommen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De Terminator leit oan Connor en Kate út dat de aksjes fan syn mem yn 1995 (sjoch: Terminator 2: Judgment Day) de Oardielsdei inkeld útsteld hawwe. Feitliks is it hjoed Oardielsdei, mei't Skynet om 6.18 oere selsbewustwêzen berikke sil en in mikrosekonde letter ta de útrûging fan 'e minskheid beslute sil om't it dy as in gefaar foar it eigen fuortbestean sjocht. Fuort dêrnei sil it in kearnoarloch begjinne dêr't mear as fjouwerfyfde part fan alle minsken by omkomme sille. De Terminator wol Connor en Kate nei Meksiko bringe, om oan 'e radio-aktive strieling te ûntkommen dy't mei de kearnoanfal op Los Angeles mank gean sil.

Connor wol lykwols besykje om 'e Oardielsdei dochs noch tsjin te kearen, en oarderet de Terminator om him en Kate nei Kate har heit Robert Brewster te bringen, in luitenant-generaal by de Amerikaanske Loftmacht, dy't belêstge is mei it tafersjoch oer de ûntjouwing fan Skynet. De Terminator wegeret om opdrachten fan Connor oan te nimmen. Dan komt út dat dizze seldichste Terminator John Connor op 4 july 2032 deade hat; Kate wie dejinge dy't him fong, werprogrammearre en werom yn 'e tiid stjoerde, en sy is sadwaande de iennichste fan wa't er opdrachten akseptearret. Op fersyk fan Kate bringt de Terminator har en Connor nei har heit by it bedriuw Cyber Research Systems (CRS), dat, sa docht no bliken, yn it djipste geheim de ûntwikkeling fan Skynet oernommen hat nei de ferwoastging fan Cyberdyne Systems.

Underwilens stiet generaal Brewster by CRS ûnder druk fan 'e Amerikaanske legerlieding om Skynet foartidich te aktivearjen, sadat it tsjinkeare kin dat in ôfwikend kompjûterfirus wrâldwiid alle servers binnenkringt. Noch Brewster, noch de legerlieding begrypt lykwols dat it firus eins Skynet sels is, dy't alle kompjûters op 'e wrâld oernimt. Connor en Kate arrivearje te let by CRS om 'e aktivearring fan Skynet tsjin te kearen, want generaal Brewster jout ta oan 'e druk dy't fan boppe-ôf op him útoefene wurdt en stelt it systeem yn wurking. De T-X is harren ek foar en kringt it gebou binnen, dêr't se generaal Brewster ferwûnet en de automatisearre wapensystemen, dy't ek troch CRS produsearre wurde, aktivearret. Dat resultearret yn 'e dea fan alle wurknimmers as dy wapensystemen har tsjin harren makkers keare. Ear't er oan syn wûnen beswykt, jout generaal Brewster oan Connor en Kate de lokaasje fan wat Connor mient dat de systeemkearn fan Skynet is.

Underwilens wurdt de T-X de yn ferliking mei har ferâldere Terminator oermânsk en werprogrammearret syn motoryk om Connor te deadzjen. Sels efterfolget se Connor en Kate troch it CRS-kompleks, mar as der in dieltsjesferflugger aktivearre wurdt, komt se fêst te sitten om't it magnetysk fjild har mei de ferflugger ferbynt. Underwilens wrakselet de Terminator, waans bewustwêzen noch altyd de opdrachten fan 'e takomstige Kate folget, om syn werprogrammearre motoryk te betwingen. As er op it punt stiet om Connor te deadzjen, fiteret dy him oan om frije wil te brûken en te kiezen tusken de beide tsjinstridige programmearrings. De Terminator reägearret dêrop troch mei opsetsin syn hiele systeem út te setten, wat Connor de kâns jout om te ûntsnappen. Koart nei't hy en Kate fuortgien binne, reboot it systeem fan 'e Terminator lykwols. De T-X wit harsels nei in lange wrakseling fan 'e dieltsjesferflugger te befrijen en set Connor en Kate efternei.

Mei it ienmotoarich fleantúchje fan generaal Brewster reizgje Connor en Kate nei de geografyske koördinaten dy't er harren jûn hat. Op dy lokaasje ûntdekke se in fasiliteit dy't Crystal Peak hjit en dy't úthoud is yn 'e bergen fan 'e Sierra Nevada, op 'e grins fan 'e Amerikaanske steaten Kalifornje en Nevada. Net lang nei harren oankomst dêre arrivearret de T-X yn in helikopter. Ear't se harren lykwols oanfalle kin, ferskynt de weropstarte Terminator op it toaniel yn in twadde helikopter, dy't er boppe-op de T-X delstoarte lit, sadat se stikkendrukt wurdt. Wylst it restant fan 'e T-X harsels út 'e brokstikken sleept en besiket om Connor en Kate te folgjen nei de yngong fan Crystal Peak, hâldt de Terminator de troch de beide delstoarte helikopters skansearre doar langernôch iepen om har beiden deryn te litten, wêrnei't er de lêsten fan syn wetterstofbrânstofsellen brûkt om himsels en de restanten fan 'e T-X folslein te ferneatigjen.

Binnendoar ûntdekke Connor en Kate dat Crystal Peak net it plak is dêr't de systeemkearn fan Skynet him befynt, mar ynstee in bunker dy't bedoeld is om hege militêren, regearingsfunksjonarissen en oare pommeranten te beskermjen yn it gefal fan in kearnoarloch. Skynet hat no gjin kearn mear, mei't it systeem opgien is yn 'e cyberromte no't it selsbewust wurdt. De Oardielsdei begjint as Skynet wrâldwiid alle beskikbere kearnwapens ôffjurret, wêrmei't it systeem in nukleêre holokaust útlokket dêr't miljarden minsken by omkomme. Yn Crystal Peak begjinne Connor en Kate oer de radio fan 'e apparatuer dêre berjochten fan bûten op te fangen. Wifeljend nimt Connor it befel oer de restanten fan 'e minskheid op him troch op 'e berjochten te antwurdzjen, en hy en Kate lizze har mei tsjinnichheid del by harren lot.

Arnold Schwarzenegger.
Claire Danes.
Kristanna Loken.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
de Terminator Arnold Schwarzenegger
John Connor Nick Stahl
Kate Brewster Claire Danes
T-X Kristanna Loken


byrollen
personaazje akteur/aktrise
luitenant-generaal Robert Brewster David Andrews
Scott Mason Mark Famiglietti
dokter Peter Silberman Earl Boen
plysjeman op strjitte yn Westside Jay Acovone
resjersjeur Edwards Kim Robillard
resjersjeur Bell Mark Hicks
automobilist Billy D. Lucas
Betsy Moira Harris
haadyngenieur Chopper Bernet
adjudant fan Brewster Christopher Lawford
rike frou Carolyn Hennesy
útsmiter M.C. Gainey
Bill Anderson Brian Sites
faam fan Bill Alana Curry

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar't The Terminator, it earste diel fan 'e Terminator-filmrige, makke waard, ferkocht regisseur James Cameron de rjochten op sawol dy film as eventuele ferfolchfilms foar it symboalyske bedrach fan ien dollar oan filmprodusinte Gale Anne Hurd. De Hemdale Film Corporation, dêr't Hurd foar wurke, waard fia har eigner fan 50% fan 'e rjochten, oant dat part yn 1990 ferkocht waard oan Carolco Pictures, in bedriuw dat oprjochte wie troch Andrew G. Vajna en Mario Kassar. Yn 1995 gie Carolco lykwols fallyt. Filmstudio 20th Century Fox hie belangstelling foar it meitsjen fan in trêde diel yn 'e rige, nei Terminator 2: Judgment Day, út 1991. Cameron soe dat op 'e nij regissearje, en Arnold Schwarzenegger soe wer de Terminator spylje. Ek aktrise Linda Hamilton wie mei Fox yn petear om foar de trêde kear yn 'e hûd fan Sarah Connor te krûpen.

It rûn lykwols oars, want it Frânske Canal+ kocht de fûnskatalogus fan Carolco foar it bedrach fan $58 miljoen, dat heger wie as wat Fox biede woe. Mar de fûnskatalogus omfieme inkeld de rjochten op films dy't al makke wiene, en net de rjochten op noch te meitsjen ferfolchfilms. De 50% fan dy rjochten dy't Carolco yn besit hie, waarden letter by opbod ferkocht, en Fox wie fan doel om se dan oan te skaffen. Foartiid die in rjochter lykwols de útspraak dat it oankeapjen fan 'e rjochten net inkeld foarbeholden wie oan in fêstige studio, sa't in legere rjochter earder bepaald hie. Dat iepene de doar foar Vajna om 'e rjochten op persoanlike basis oan te skaffen, wat er dan ek die foar de priis fan $8 miljoen. Schwarzenegger hie noch besocht om Cameron te bepraten om 'e rjochten mei harren beiden oan te keapjen, mar Cameron hie dêr gjin belangstelling foar en woe dat oan Fox oerlitte. Doe't Schwarzenegger letter ûntdiek dat Fox (yn syn wurden) "bespotlik leech" bea, mei bedraggen yn 'e oarder fan grutte fan $750.000, wied er poer en beskôge er it as in miste kâns dat er sels net tapakt hie.

Tegearre mei Kassar kocht Vajna neitiid foar nochris $8 miljoen ek de 50% fan 'e rjochten op dy't oant dy tiid noch yn it besit wiene fan Hurd, sadat se foar de folle 100% eigener fan 'e franchise waarden. Dêrnei wie it foar harren lykwols noch in poepetoer om in trêde Terminator-film fan 'e grûn te krijen. Se rjochten dêrfoar yn 1999 de nije studio C2 Pictures op, en sleaten oerienkomsten mei it Japanske Toho-Towa en it Dútske VCL. Se wiene dat jiers deunby in oerienkomst mei Fox dy't it projekt rûnmakke hawwe soe, mar dat rûn op 'e non om't Toho-Towa en VCL de distribúsjerjochten yn Japan, resp. Dútslân opkochten, de beide grutste merken bûten de Feriene Steaten, mei as gefolch dat Fox gjin brea mear yn 'e ûndernimming seach. Uteinlik berikten Vajna en Kassar oerienstimming mei Columbia Pictures en it Britsk-Amerikaanske Intermedia Films, wylst VCL in oandiel fan 25% yn it projekt naam, sadat it in Amerikaansk-Britsk-Dútske ko-produksje waard.

James Cameron, dy't de earste beide Termator-films makke hie, wegere Terminator 3: Rise of the Machines te regissearjen. Neffens boarnen dy't bekend wiene mei de sitewaasje wie dat om't er net mei Vajna en Kassar koe, mar sels seid er dat it idee him tsjinstie om in film te meitsjen nei oarmans senario dat oan 'e haal gie mei in idee (fan 'e earste film) dat er sels betocht hie. Neffens Schwarzenegger hie Cameron it gewoan te drok mei oare projekten. Yn elts gefal moast der in oare regisseur komme, en dêrfoar passearren û.o. Ang Lee, Ridley Scott en Roland Emmerich de revú.

Yn maart 2001 waard Jonathan Mostow foar dy funksje oanlutsen. Dyselde brocht syn produksjepartner Hal Lieberman as filmprodusint mei, dy't yn dy hoedanichheid gearwurkje moast mei Vajna, Kassar, Colin Wilson en Joel B. Michaels. Mostow beloek ek syn âlde klasgenoaten John Brancato en Michael Ferris by de film, dy't in ier skript fan Tedi Sarafian hielendal op 'e nij besjen moasten. Foar de film wie yn 't earstoan in budget beskikber fan $169 oant 170 miljoen, wat it op dat stuit de djoerste film ea makke. Uteinlik soene de kosten oprinne oant $187,3 miljoen. (Dêrfan foarme $30 miljoen it salaris fan Schwarzenegger en nochris $5 miljoen it salaris fan Mostow.)

Arnold Schwarzenegger waard ree fûn om op 'e nij yn 'e hûd fan 'e Terminator te krûpen, mar Linda Hamilton sloech in oanbod ôf om nochris Sarah Connor te spyljen, mei't se teloarsteld wie oer it senario. Foar de rol fan John Connor, dy't yn 'e foargeande film fertolke wie troch Edward Furlong, besleaten Mostow en de produsinten in oare akteur te sykjen. Shane West, Jake Gyllenhaal en Logan Marshall-Green waarden serieus yn omtinken nommen, mar úteinlik foel de kar op Nick Stahl, nei't er trije kear audysje dien hie. Foar de rol fan Kate Brewster hie Mostow fan it begjin ôf oan Claire Danes al op it each, mar dy sloech it oanbod yn 't earstoan ôf. Dêrom waard Sophia Bush yn 'e rol cast, mar hoewol't Mostow tige entûsjast oer har wie, die oan it begjin fan 'e opnamen bliken dat er him fersind hie en dat se te jong oerkaam foar har rol. Op it lêste momint ferfong er har sadwaande dochs noch troch Danes.

Likernôch 10.000 froulju diene audysje foar de rol fan 'e T-X. Schwarzenegger hie in foarkar foar showwrakselster Chyna, mar de Nederlânske Famke Janssen kaam oarspronklik as de wierskynlikste gadingmakster út 'e bus. Begjin 2002, doe't de knoop definityf trochhakke waard, keas men lykwols foar Kristanna Loken. Dyselde ûndergie seis wiken fan yngeande oefenings foar rol, mei gewichten, op it mêd fan fjochtsjen en oangeande wapentraining. Se learde ek de begjinsels fan 'e fjochtsport krav maga en folge in mymkursus om 'e roboatyske bewegings fan 'e T-X oan te learen.

De opnamen foar Terminator 3: Rise of the Machines setten op 15 april 2002 útein en duorren hûndert dagen. De lêste opnamedei foel op 8 septimber fan dat jier. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Don Burgess. In grut diel fan 'e film waard opnommen yn 'e Los Angeles Center Studios, hoewol't der ek op lokaasje filme waard, û.m. op ferskate plakken yn Los Angeles en fierders yn Whittier (Kalifornje), Agua Dulce, de ferneamde winkelstrjitte Rodeo Drive yn Beverly Hills, in Boeing-fabryk yn Downey (Kalifornje), it Nasjonaal Park Big Bend yn Teksas, en op 'e Ynternasjonale Lofthaven fan San Bernardino yn San Bernardino (Kalifornje).

Under de postproduksje waarden troch in team technisy fan Industrial Light & Magic (ILM) û.l.f. Stan Winston oan Terminator 3: Rise of the Machines mear as 600 special effects tafoege. Teffens waard yn dat stadium fan 'e produksje de filmmuzyk derby dien, dy't fersoarge waard troch Marco Beltrami.

De distribúsje fan Terminator 3: Rise of the Machines waard yn 'e Feriene Steaten en Kanada fersoarge troch Warner Bros. en yn 'e measte oare lannen en territoaria troch Sony Pictures Releasing, de distibúsjepoat fan Sony Pictures, dat de memme-ûndernimming is fan Columbia Pictures. De film gie op 30 juny 2003 yn Los Angeles yn premiêre en iepene op 2 july in 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum waard op 24 juny 2003 útbrocht troch platemaatskippij Varèse Sarabande. Terminator 3: Rise of the Machines kaam op 11 novimber 2003 út op VHS-keapfideo en dvd.

Fan 'e filmkritisy krige Terminator 3: Rise of the Machines oer it algemien positive resinsjes. Ferskate foaroansteande resinsinten lieten lykwols ôfwikende lûden hearre. Sa skreau A.O. Scott fan The New York Times: "[it] is útsoarte in B-film, dy't him der tefreden mei stelt om lûd, dom en foarsisber te wêzen." Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte Terminator 3: Rise of the Machines 21/2 fan 4 stjerren ta en omskreau de film as "eins ien lange efterfolging en fjochtpartij, ûnderbrutsen troch komyske, teätrale of simplistyske dialooch." In oansjenlik diel fan 'e fans fan 'e earste beide Terminator-films ûnderfûn Terminator 3: Rise of the Machines as in rare ôfdijer fanwegen de úteinlike nederlaach fan 'e haadpersoanen.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Terminator 3: Rise of the Machines in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 206 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't [de film] nea yn 'e buert fan 'e hichtepunten fan 'e twadde film komt, is it in wolkomme oanfolling op 'e Terminator-franchise." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Terminator 3: Rise of the Machines in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 41 resinsjes.

Terminator 3: Rise of the Machines helle yn 'e bioskopen wrâldwiid in opbringst fan $433,4 miljoen op, wat 16,6% minder is as wat Terminator 2: Judgment Day yn 1991 binnenswile (net korrizjearre foar ynflaasje). Ofset tsjin it budget fan $187,3 miljoen betsjut dat in winst fan $246,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Terminator 3: Rise of the Machines kommersjeel súksesfol, mar dochs net as súksesfol as de produsinten hope hiene.

Terminator 3: Rise of the Machines waard nominearre foar Teen Choice Award foar favorite filmakteur (Arnold Schwarzenegger) en foar in MTV Movie Award foar bêste aksjesêne.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Terminator (filmsearje)
The Terminator (1984) • Terminator 2: Judgment Day (1991) • Terminator 3: Rise of the Machines (2003) • Terminator: Salvation (2009) • Terminator: Genisys (2015) • Terminator: Dark Fate (2019)