Springe nei ynhâld

Stienmurd

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stienmarter)
stienmurd
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai marters (Martes)
soarte
Martes foina
Erxleben, 1777
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De stienmurd (wittenskiplike namme: Martes foina), ek wol bekend ûnder de hollanistyke ynterferinsje "stienmarter", is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e marters. Dit bist is lânseigen yn it meastepart fan Jeropa en grutte dielen fan Aazje, en komt ek yn Fryslân foar. De stienmurd is in middelgrut rôfdier dat fral yn leafwâld en tusken rotsen libbet. It is in krepuskulêr en nokturnaal (by skimer en nacht aktyf) bist, dat it grutste part fan syn bestean solitêr trochbringt. De stienmurd moat net betize wurde mei de nau besibbe beamotter (Martes martes), dêr't er in protte op liket. De IUCN klassifisearret de stienmurd as net bedrige.

De stienmurd komt yn hast hiele Jeropa foar, útsein Yslân, de Britske Eilannen, it Skandinavysk Skiereilân, Finlân, it grutste part fan Estlân, noardlik en sintraal Ruslân en de measte eilannen yn 'e Middellânske See. Wol besteane der populaasjes stienmurden op Korsika, de Baleären en de Grykske eilannen Kreta, Roados en Korfû. Bûten Jeropa is dit bist lânseigen yn grutte parten fan Lyts-Aazje, westlik Syrje, Libanon en Israel (útsein de Negevwoastyn), en fierders yn parten fan Irak, Iraan, Sintraal-Aazje, Afganistan, Pakistan, de Himalaya, Sina, Mongoalje en it Altaiberchtme yn súdlik Sibearje. Yn 2016 waard fêststeld dat de stienmurd ek yn it noarden fan Birma foarkomt.

In stienmurd.

As eksoat is de stienmurd troch de minske yntrodusearre yn 'e Amerikaanske steat Wisconsin, yn 't bysûnder yn 'e kriten om 'e stêdekloft fan Milwaukee hinne, yn 'e heger leine gebieten yn it Steatswâld Kettle Moraine en de deunby leine bosken fan 'e countys Walworth, Racine, Waukesha en wierskynlik ek Jefferson. Dizze populaasje stammet nei alle gedachten ôf fan guon eksimplatern dy't yn 'e 1940-er jierren ûntsnapten út in pelsfokkerij yn Burlington. Inkele oare eksimparen ûntkamen (of waarden loslitten) yn 1972.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kop-romplingte fan in folwoeksen stienmurd is trochinoar 37–52 sm, mei in sturtlingte 20–30 sm. De skofthichte bedraacht likernôch 12 sm, en it gewicht leit om 'e 0,7–2,1 kg hinne. Stienmurden fertoane in beskate foarm fan seksuele dimorfy yn 'e sin dat de mantsjes dúdlik grutter en swierder binne as wyfkes.

De stienmurd hat in brune pels mei in wite oant krêmkleurige bef op 'e kiel. In dûnkere streek spjaltet dy bef midstwa. By de Kretinzyske ûndersoarte sit der mar in lyts griis plakje op 'e kiel. Troch syn bef kin de stienmurd ûnderskaat wurde fan 'e nau besibbe beamotter (Martes martes), dy't krekt sa'n soarte plak op 'e strôt hat, mar dan net wyt fan kleur, mar gielich oant oranje. Oare ferskillen binne de minder behierre fuotsoallen, de smellere earen en de bredere, koartere snút fan 'e stienmurd. Boppedat is de stienmurd in stik lûdroftiger as de stikeme beamotter.

Stienmurden libje benammen yn leafwâlden, oan wâldsiggen en op iepen rotsheuvels. Yn 'e Alpen kinne se fier boppe de beamgrins foarkomme, oant op in hichte fan likernôch 2.400 m. Dit bist is in opportunist dy't him maklik oanpast oan 'e omstannichheden. Yn tichter befolke streken hâldt er dan ek almar tichter by de minske ta, yn 'e omkriten fan doarpen en pleatsen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stienmurd libbet meastentiids in solitêr bestean, al jaget er yn troch minsken bewenne gebiet inkeld wol yn lytse groepkes fan 4–5 eksimplaren. Sokke troepsgenoaten hawwe in behindiger territoarium as foar stienmurden wenst is. Normaal beslacht in territoarium, ôfhinklik fan it lânskipstype, 50–700 ha. Stienmurden binne krepuskulêr en nokturnaal, wat sizze wol dat se yn 'e jûnsskimer en by de moarnsdage, resp. nachts aktyf binne. Ien eksimplaar kin 10–15 km yn ien nacht ôflizze, al komt er yn trochsneed net fierder as sa'n 5 km foar mantsjes en 3 km foar wyfkes.

In nêst stienmurdejongen.

Oars as de nau besibbe beamotter (Martes martes) lit de stienmurd him net ôfskrikke troch de oanwêzigens fan minsken. Stienmurden komme sadwaande rûnom foar yn tichtbefolke gebieten, al wurde se net faak waarnommen om't se inkeld by skimer en tsjuster op 'en paad binne. It komt sels wol foar dat se yn bewenne huzen ynbrekke en harsels nei wenjen sette op souders, yn stâlen, skuorren of hokken en sels wol yn auto's, ûnder de motorkape. Dêrby kinne se gâns skea oanrjochtsje, sadat se gauris as in pleachdier sjoen wurde troch harren minsklike gasthearen. By de minsklike bewenning wei libje stienmurden yn natuerlike spjalten yn rotsen of yn holten yn beammen, soms wol 9 m boppe de grûn (mei't se earsten klimmers binne). Bytiden grave stienmurden ek wol in hoale yn 'e grûn.

De peartiid falt yn 'e simmer, fan juny oant augustus. De eigentlike draachtiid duorret mar in moanne, mar troch in ferlinge draachtiid fan hast 8 moanne wurde de jongen pas yn maart of april fan it foljende jier smiten. De stienmurd kriget meastentiids 3–4 jongen, mar 1–8 jongen yn in smeet is ek mooglik. Stienmurdejongen binne by de berte blyn. It wyfke fersoarget harren allinnich; it mantsje lit him net wer sjen. Mei 8 wiken wurde de jongen ôfwûn, en mei 8–10 wiken ferlitte se it nêst. Stienmurden binne nei 1–2 jier geslachtsryp. Se wurde yn finzenskip oant 18 jier âld, mar helje yn it wyld op syn heechsten 10 jier.

De stienmurd is meast in fleisiter. Mûzen, rotten, wrotmûzen, iikhoarntsjes, kninejongen, kikkerts, hagedissen, ynsekten en wjirms steane by him op it menu. Ek fret er wol boskfruchten, fûgels en aaien. Oars as de measte oare rôfdieren fret de stienmurd, fral winterdeis, ek wol pipermûzen. Yn guon dielen fan syn ferspriedingsgebiet fret er benammentlik fruchten, ynsekten en ies. De stienmurd hat der ek gjin muoite mei om hinnen en oar plomfee binnen koarte tiid út harren hokken en lopen te jeien en lytsman te meitsjen, ta argewaasje fan (hobby)plomfeehâlders. In bút fan 5–10 hinnen op ien nacht is net ûngewoan. By wize fan it oanlizzen fan foarrieden kinne stienmurden neitiid de kadavers fan harren slachtoffers nei de meast ûnmooglike plakken slepe, lykas op dakken en oer stekken.

De stienmurd hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der foar dit bist wrâldwiid gjin kâns op útstjerren bestiet. Yn Nederlân en Belgje is er wetlik beskerme, mar yn in protte oare lannen en territoaria, wêrûnder Dútslân en Denemark, mei er noch wol bejage wurde. Sûnt er syn beskerme status krigen hat, is de populaasje stienmurden yn Nederlân in bytsje groeid, wat fral te tankjen is oan 'e fergrutting fan syn areaal troch it ynstellen fan ekologyske ferbiningssônes.

In opsette stienmurd.

In soad minsken kleie lykwols stien en bien, mei't de stienmurd nochal wat skea oanrjochtet. Benammen ûnder de motorkape fan in auto kin er in ferskuorrend soad ferrinnewearje oan betriedding en isolaasjeateriaal. De dieders binne fral jonge bisten, dy't de betriedding trochbite om 'e ytberens derfan út te probearjen. Faak binne dêrby auto's fan Japanske makkelei it doelwyt, mei't dêryn bûzjykeabels brûkt wurde dêr't fiskoalje yn ferwurke sit. Folwoeksen bisten witte ornaris better en litte de triedden gewurde. Behalven oer skea kleie in protte lju ek oer stank- en lawaai-oerlêst.

Opsomming fan ûndersoarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 11 (stân fan saken fan 2005) erkende ûndersoarten fan 'e stienmurd (Martes foina):

  • de Balkanstienmurd (M. f. bosniaca)
  • de gewoane of Jeropeeske stienmurd (M. f. foina)
  • de Ibearyske stienmurd (M. f. mediterranea)
  • de Kaukazyske stienmurd (M. f nehringi)
  • de Kretinzyske stienmurd (M. f. bunites)
  • de Krimstienmurd (M. f. rosanowi)
  • de Lhasastienmurd (M. f. toufoeus)
  • de Rodinzyske stienmurd (M. f. milleri)
  • de Sintraalaziatyske stienmurd (M. f. intermedia)
  • de Syryske stienmurd (M. f. Syriaca)
  • de Tibetaanske stienmurd (M. f. kozlovi)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770, s. 174–177.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.