Springe nei ynhâld

Kostroma (oblast)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oblast Kostroma)
Kostroma oblast

Костромская область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Ruslân
Federaal Distrikt Sintraal
Ekonomyske Regio Sintraal
haadplak Kostroma
grutste plak Kostroma
taal Russysk
sifers
ynwennertal 620.776 (2022)
oerflak 60.211 km²
befolkingstichtens 10 ynw. / km²
Etnyske groepen Russen (95,6 %)
Oekraïners (1,1%)
stân 2002
oar
stifting 13 augustus 1944
tiidsône UTC +3
koördinaten 57° 45' N 40° 55' E
webside www.region.kostroma.net

De Oblast Kostroma (Russysk: Костромская область; Kostromskaja oblast) is in oblast yn it noardwestlike diel fan Ruslân.

Troch it súdwestlike diel fan de oblast streamt de Wolga. It klimaat is tuskenbeiden en likernôch 73% bestiet út bosk.

De ekonomy bestiet fral út houtferwurking, tekstylyndustry en it ferwurkjen fan itensguod. Dêrnjonken foarmet toerisme in wichtige boarne fan ynkommen.

De regio is al foar it kristenjen bewenne. Oant slavyske stammen tusken de 9e en 12e iuw it lân ynnamen, bewennen finsk-ûgryske folken it gebiet. Stadichoan rekke it gebiet ûnder it bewâld fan it foarstedom Vladimir-Sûzdal en sûnt de Mongoalske oerhearsking yn de 14e iuw ferdwûn hearde it gebiet by it Grutfoarstedom Moskou.

Under Peter de Grutte waard it gebiet yn 1708 in provinsje fan it gûvernemint Moskou. Yn 1787 ûntstie it gûvernemint Kostroma, dat oant yn de Sovjet-tiid bestean bleau. Op 14 oktober 1929 waard it ûnderdiel fan de yndustry-oblast Ivanovo (Ivanovskaja Promyschlennaja oblast), wêryn't it ynearsten noch oant yn 1930 in okrûg wie.

Op 13 augustus 1944 waard út dielen fan de yn de jierren 1930 stifte oblasten Jaroslavl, Ivanovo, Gorki en Vologda lang om let de oblast Kostroma stifte.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2021
Befolking 1.081.000 1.077.000 921.000 871.000 804.000 809.000 736.600 628.400

Bestjoersyndieling en stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oblast Kostroma is te ferdielen yn 24 rajons en 6 stedsdistrikten. De iennige stêd mei mear as 100.000 ynwenners is it bestjoerssintrum fan de oblast, Kostroma. Meiïnoer hat de oblast 12 stêden en 7 plakken mei in stedsk karakter.

Name Russyske namme Rajon/stedsdistrikt Ynwennertal [1] Wapen Lokaasje
Bûi Буй Bûi (stedsdistrikt) 22.960 58° 29' N 41° 31' E
Galitsj Галич Galitsj (stedsdistrikt) 16 629 58° 23' N 41° 21' E
Kady Кадый Kadyjski rajon 3.332 57° 46' N 43° 11' E
Kologriv Кологрив Kologrivski rajon 2.706 58° 49' N 44° 18' E
Kostroma Кострома Kostroma (stedsdistrikt) 277.021 57° 46' N 40° 56' E
Krasnoje oan de Wolga Красное-на-Волге Krasnoselski rajon (Kostroma) 8.193   57° 31' N 41° 00' E
Makarjev Макарьев Makarjevski rajon 6.266 57° 53' N 43° 48' E
Mantûrovo Мантурово Mantûrowo (stedsdistrikt) 14.747 58° 20' N 44° 46' E
Neja Нея Nejski rajon 8.474 58° 17' N 43° 52' E
Nerechta Нерехта Nerechtski rajon 20.635 57° 27' N 40° 35' E
Ponazyrewo Поназырево Ponazyrevski rajon 4.239   58° 21' N 46° 18' E
Sjarja Шарья Sjarja (stedsdistrikt) 23.222 58° 22' N 45° 30' E
Soligalitsch Солигалич Soligalitsjski 5.912 59° 05' N 42° 17' E
Sûdislavl Судиславль Sûdislavski rajon 4.583 57° 53' N 41° 42' E
Sûsanino Сусанино Sûsaninski rajon 3.033   58° 08' N 41° 35' E
Tsjistyje Bory Чистые Боры Bûiski rajon 9.489   58° 29' N 41° 32' E|-
Tsjûchloma Чухлома Tsjûchlomski rajon 4.906 58° 45' N 42° 42' E
Vetlûzjski Ветлужский Scharja (stedsdistrikt) 11.671   58° 44' N 45° 23' E
Volgoretsjensk Волгореченск Volgoretsjensk (stedsdistrikt) 16. 111 57° 26' N 41° 10' E

Eardere stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folgjende plakken fan de tsjintwurdige oblast Kostroma hiene eartiids stedsrjochten:

Namme
(heutiger)
Russysk Rajon/stedsdistrikt (tsjintwurdich) Lokaasje fan oant opmerking
Kady Кадый Kadyjski rajon 57° 46' N 43° 11' E 1778 1924 tuskentiids doarp (selo), no in delsetting mei in stedsk karakter (sjoch boppesteande tabel)
Parvenjevo Парфеньево Parfenjevski rajon 57° 26' N 41° 10' E 1708 1797 tsjintwurdich doarp (selo); Namme as stêd Parfenjev (Парфеньев)
Sûdislavl Судиславль Sûdislavski rajon 57° 52' N 41° 42' E 1719 1925 tuskentiids doarp (selo), no in delsetting mei in stedsk karakter (sjoch boppesteande tabel)
Unzja Унжа Makarjevski rajon 58° 1' N 44° 0' E 1708 1924 tsjintwurdich doarp (selo)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Kostroma

  1. Neamde ynwennertallen binne fan 2021 en ôfkomstich fan de Russysktalige wikipedyside fan it plak; sjoch dêr foar boarnen

Dielgebieten fan Ruslân
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
· · Berjocht bewurkje