Kirov (oblast)
| Kirov oblast
Кировская область | |
|---|---|
| flagge | wapen |
| polityk | |
| soarte gebiet | Oblast |
| lân | |
| federaal distrikt | Wolga |
| ekonomyske regio | Wolga-Vjatka |
| haadplak | Kirov |
| taal | Russysk |
| etnyske groepen | Russen (90,8 %) Tataren (2,9 %) Mari (2,6%) Udmoerten (1,2 %) (stân: 2002) |
| sifers | |
| ynwennertal | 1.120.412 (2025) |
| oerflak | 120.374 km² |
| befolkingstichtens | 9,3 ynw./km² |
| oar | |
| stifting | 1936 |
| tiidsône | UTC +3 |
| koördinaten | 58° 36' N 49° 39' E |
| webside | www.ako.kirov.ru |
De oblast Kirov (Russysk: Кировская область, Kirovskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn 'e Russyske Federaasje. Haadstêd fan 'e oblast is de stêd mei deselde namme: .
De oblast hat in goede ynfrastruktuer, it hat in lofthaven foar ynlânske flechten en it leit oan it Transsibearyske Spoar.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't de krite yn 1489 by it Grutfoarstedom Moskou foege waard wie it foar it foarstedom de springplanke nei it Oeralgebiet. It gebiet foarme op ferskillende tiden ûnderdiel fan oare gûverneminten, oant it yn 1796 it selsstannige gûvernemint Vjatka waard. Yn 'e Sovjet-tiid waard it gûvernemint opheft en by de kraj Nizjni Novgorod yndield.
De tsjintwurdige oblast ûnstie op 7 desimber 1934 troch it ferdielen fan it eardere kraj Nizjni Novgorod, dat yn 1932 omneamd wie ta kraj Gorki. De nije kraj waard ferneamd nei de fermoarde Sovjet-lieder Sergej Kirov en ek de haadstêd Vjatka waard omdoopt ta Kirov. Yn desimber 1936 Kirov waard de kraj Kirov feroare yn 'e oblast Kirov.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De bosken wurde foaral foarme troch nullelbeammen. It gebiet is ryk oan turfôfsettings en net-metaalhâldende mineralen lykas kalkstien, sân en grint.
De oblast hat likernôch 20.000 rivieren en streamkes mei in totale lingte fan 66.650 km. It grutste diel fan 'e oblast wurdt troch it streamgebiet fan 'e Vjatka ynnommen, dy't útmûnet yn 'e Kama yn Tatarstan. Oare grutte rivieren binne de Moloma, Pizjma, Lûza, Kobra en Tsjeptsa.
It tal marren fan 'e oblast is likernôch 4.500. De grutste binne de Aksjûben- (85 ha), Orlofskoje- (63 ha) en Mûserskojemar (32 ha). De djipste mar is de Lezjninskojemar mei in maksimale djipte fan 36,6 m. Bysûnder is de Sjaitanmar yn it Oerzjûmski rajon mei syn driuwende eilannen mei beammen.
De noardlike helte fan 'e oblast is ryk oan sompen. It oerflak fan it Verchnekamski-rajon bestiet bygelyks foar 40% út sompen.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2022 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Befolking | 2.209.000 | 2.284.000 | 1.886.000 | 1.727.000 | 1.662.000 | 1.693.000 | 1.503.500 | 1.234.780 |
Bestjoersyndieling en stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De oblast Kirov is ferdield yn 39 rajons, 5 stêden (Kirov (oant 1934: Vjatka), Kirovo-Tsjepetsk, Vjatskije Poljani, Slobodskoi, Kotelnitsj) en ien sletten plak (Pervomaiski).
| Namme | Russyske namme | Wapen | Ynwennertal (2025) | Lokaasje |
|---|---|---|---|---|
| Kirov | Киров | 475.871 | 58° 36' N 49° 41' E | |
| Kirovo-Tsjepetsk | Кирово-Чепецк | 63.979 | 58° 33' N 50° 01' E | |
| Vjatskije Poljany | Вятские Поляны | 29.742 | 56° 13' N 51° 04' E | |
| Slobodskoi | Слободской | 29.148 | 58° 43' N 50° 10' E | |
| Kotelnitsj | Котельнич | 20.144 | 58° 18' N 48° 20' E | |
| Omûtninsk | Омутнинск | 19.629 | 58° 40' N 52° 11' E |
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De masinebou, metaalferwurking en de hout- en papieryndustry leverje in wichtige bydrage oan 'e ekonomy fan e oblast.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Кировская область
|
