Springe nei ynhâld

Neogoatyske tsjerken yn Fryslân

Ut Wikipedy

De Neogoatyske tsjerken yn Fryslân binne foar it grutste part roomskke gebouwen út de twadde helte fan de 19e iuw. De measten binne ûntwurpen troch de arsjitekten Pierre Cuypers (sân tsjerken) en Alfred Tepe (fjouwer tsjerken). Ek twa learlingen fan Pierre Cuypers, Jan Doedes van der Weide, Nicolaas Molenaar, en ek syn eardere konkurrint Carl Weber, hawwe elk in tsjerke ûntwurpen. Trije neogoatyske tsjerken (begjin 20e iuw) binne fan Wolter te Riele.

Twa tsjerken binne lykwols al plat smiten: De tsjerke yn Frjentsjer fan Weber waard yn 1960 sloopt en de tsjerke yn Wytgaard fan Pierre Cuypers folge yn 1965.

Tabel Neogotyske tsjerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Plak Tsjerke Jier Arsjitekt Ofbyld
Bakhuzen Sint-Odulfustsjerke 1914 Wolter te Riele Sint-Odulfustsjerke fan Bakhuzen
Balk Sint-Ludgerustsjerke 1883 Alfred Tepe Sint-Ludgerustsjerke fan Balk
Blauhûs Sint-Fitustsjerke 1867 Pierre Cuypers Sint-Fitustsjerke fan Blauhûs
Dokkum Sint-Bonifatiustsjerke 1871 Pierre Cuypers
Frjentsjer Sint-Fransiskustsjerke 1865-1960 Carl Weber
Harns Sint-Michaelstsjerke 1881 Alfred Tepe
Heech Sint-Jozeftsjerke 1876 Pierre Cuypers Sint-Jozeftsjerke fan Heech
Ljouwert Sint-Bonifatiustsjerke 1884 Pierre Cuypers Sint-Bonifatiustsjerke fan Ljouwert
De Lemmer Sint-Willibrordustsjerke 1901 Nicolaas Molenaar Sint-Willibrordustsjerke fan De Lemmer
Nes (It Amelân) Sint-Klemenstsjerke 1878 Pierre Cuypers
Easterwierrum Sint-Wirotsjerke 1925 Wolter te Riele Sint-Wirotsjerke fan Easterwierrum
Reahûs Sint-Martinustsjerke 1892 Alfred Tepe
Sint Nyk Sint-Nicolaastsjerke 1887 Jan Doedes van der Weide Sint-Nicolaastsjerke fan Sint Nyk
Snits Sint-Martinustsjerke 1872 Pierre Cuypers Sint-Martinustsjerke fan Snits
Steggerda Sint-Frederikustsjerke 1922 Wolter te Riele Sint-Frederikustsjerke fan Steggerda
Warkum Sint-Werenfridustsjerke 1877 Alfred Tepe Sint-Werenfridustsjerke fan Warkum
Wytgaard U.L.F. Ten Himelopnimmingtsjerke 1871-1966 Pierre Cuypers
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Neogotyske tsjerken yn Fryslân fan Wikimedia Commons.