Springe nei ynhâld

Sint-Wirotsjerke

Ut Wikipedy
Sint-Wirotsjerke
De Fransiskusbasilyk yn 2023
De Fransiskusbasilyk yn 2023
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
plak Easterwierrum
adres Dilledyk 6
koördinaten 53° 06' N 5° 44' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Grins-Ljouwert
patroanhillige Sint-Wiro
Arsjitektuer
arsjitekt Wolter te Riele
boujier 1926
boustyl Neogotyk
Kaart
Sint-Wirotsjerke (Fryslân)
Sint-Wirotsjerke

De Sint-Wirotsjerke is een Roomsk-katolike parochytsjerke wijd oan de hillige Wiro yn Easterwierrum.

Al yn de Midsiuwen wie der yn Easterwierrum in tsjerke. Dy wie wijd oan de hillige Nikolaas fan Myra. Fan dy tsjerke is allinnich de toer noch oer. Nei it werstel fan de biskoplike hiërargy yn 1853 waard yn Easterwierrum op 16 april 1855 in parochy oprjochte, wijd oan de hillige Wiro. De parochy makke gebrûk fan in gebou út 1092. Oan 'e ein fan de 19e iuw wiene der al plannen om dat gebou te ferfangen. Yn 1895 makke de Arnhimse arsjitekt G.J. Thieme in ûntwerp foar in grutte, nije tsjerke. Dat ûntwerp waard lykwols net útfierd. Pas tritich jier letter soe begûn wurde mei nijbou.

Hjoeddeiske tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1925 waard de besteande tsjerke boud. Dizze trijehoekige let-neogoatyske pseudo-basilyk waard ûntwurpen troch de arsjitekt Wolter te Riele, dy't yn Fryslân earder ek de Sint-Odulfustsjerke yn Bakhuzen (1914) en de Sint-Frederikustsjerke fan Steggerda (1922) ûntwurp. Krekt as dy tsjerken is de Sint-Wiro boud yn neogoatyske styl. Fergelike mei oar wurk fan Te Riele út dizze perioade is de Sint-Wiro ienfâldich útfierd. It tsjerke hat in ienfâldich trije-hoekich skip mei in smeller mearsidich sletten koar en in fjouwerkante toer mei achtsidich boppediel. By it tsjerke stiet ek in pastorije. De Wirotsjerke hat grutte oerienkomsten mei de roomske tsjerke fan deselde arsjitekt yn Varsselder (Gelderlân).

Op 20 jannewaris 2013 waard nei hast 90 jier tsjinst dien te hawwen troch biskop De Korte de lêste misse holden. Alhoewol't der yn 2016 noch mear dan 70 hûshâldings ferbûn wiene oan de Wiro-tsjerke, sochten de eigen parochianen fanwegen in fermindere tsjerkegong en brek oan frijwilligers sels in oplossing foar de pastorale swierrichheden. Mei it sluten fan de tsjerke binne de parochianen tsjerklik wer ferbûn mei de tsjerke fan Wytgaard. It alter en it doopfont gyng nei de weropboude Klemenstsjerke op it Amelân. It oargel fan de Sint-Wirotsjerke ferhûze nei Blauhûs, dêr't it as koeroargel ynset wurdt. Nei Sint-Nyk gyng in bychtstoel. Ek de roomske tsjerken fan Wytgaard en Wergea krigen dielen fan de ynrjochting fan de Wirotsjerke.[1]

Op 20 jannewaris 2017 waard de parochytsjerke ferkocht oan partikulieren, dy't de tsjerke ferbouwe sille ta wente. Ut namme fan it bisdom waard troch de diosesane administrator in dekreet tekene, wêrmei't de tsjerke offisjeel oan de earetsjinst ûntlutsen waard. De pastorij waard lykwols net ferkocht.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: