Springe nei ynhâld

Nasjonaal Faunareservaat Seedskadee

Ut Wikipedy
Nasjonaal Faunareservaat Seedskadee
Seedskadee National Wildlife Refuge
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Wyoming
county Sweetwater County
neiste plak Green River (Wyoming)
koördinaten 41°51′25″ N 109°50′14″ W
oare ynformaasje
status nasjonaal faunareservaat
oerflak 106 km²
stifting 1965
behear U.S. Fish and Wildlife Service
webside https://www.fws.gov/refuge/seedskadee
kaart
Nasjonaal Faunareservaat Seedskadee (Feriene Steaten)
Nasjonaal Faunareservaat Seedskadee
Lokaasje yn 'e legere 48 steaten.

It Nasjonaal Faunareservaat Seedskadee (útspr.: [siːʣkəˈdiː], likernôch: "siidz-kuh-dii"; Ingelsk: Seedskadee National Wildlife Refuge) is in beskerme natoergebiet yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Wyoming mei de status fan in nasjonaal faunareservaat. It leit krapoan 10 km bewesten de stêd Green River. Seedskadee komt fan it Sjosjoanske wurd sisk-a-dee-agie, dat "rivier fan 'e prêrjehin" betsjut. It natoergebiet, dat oprjochte waard yn 1965, hat in oerflak 106 km² en stiet ûnder it behear fan 'e United States Fish and Wildlife Service.

De krite dy't no it Nasjonaal Faunareservaat Seedskadee is, waard sûnt likernôch 1300 bewenne troch de Sjosjoanen, in Yndiaansk folk fan 'e Platokultuer fan Noard-Amearika. It gebiet waard yn 1811 foar it earst oandien troch blanke ûntdekkingsreizgers en letter wie it in krúspunt fan it Oregon Trail, dat hûnderttûzenen kolonisten út it easten fan 'e Feriene Steaten wei nei it Wylde Westen folgen, en it Mormon Trail, dat troch de mormoanen folge waard nei Utah. Hjir en dêr kinne yn Seedskadee noch altyd wrakken fan kapweinen oantroffen wurde dy't troch de kolonisten efterlitten binne.

Op 1 jannewaris 1965 krige Seedskadee de status fan nasjonaal faunareservaat. It beslút dêrta waard nommen om it ferlies oan habitat foar de pleatslike floara en fauna goed te meitsjen dy't it gefolch wie fan 'e oanlis fan twa keardammen yn 'e Griene Rivier. Dêrby gie it om 'e Fontenelledaam streamop en de Flaming Gorgedaam streamôf fan Seedskadee.

It Nasjonaal Faunareservaat Seedskadee hat in oerflak fan 106 km² en omfettet in lingte fan 56 km fan 'e Griene Rivier. De rivier is in wetterboarne foar pompelieren en strewelleguod yn in fierders drûge, woastinige krite. Yn 'e rivier libje fisken lykas de readkielforel (Oncorhynchus clarkii), de (gewoane) forel (Salmo trutta) en de reinbôgeforel (Oncorhynchus mykiss).

Der komme 220 soarten fûgels foar yn Seedskadee, wêrûnder trekfûgels dy't it natoergebiet as tuskenstop brûke tusken harren briedgebiet yn it hege noarden en harren oerwinteringsgebieten yn it suden. Oare trekfûgels keare elts jier werom nei Seedskadee om dêre te brieden. Foarbylden fan fûgels dy't yn it natoergebiet foarkomme, binne de trompetswan (Cygnus buccinator), de Amerikaanske see-earn (Haliaeetus leucocephalus), de waaierhin (Centrocercus urophasianus), de stikelsturthin (Tympanuchus phasianellus), de blauwe sniehin (Dendragapus obscurus), de kraachhin (Bonasa umbellus), de spjirresopspjocht (Sphyrapicus thyroideus) en gâns ûnderskate soarten einen. De fazant (Phasianus colchicus) en de patriis (Perdix perdix) binne as eksoaten oanwêzich.

Yn Seedskadee libje ek in protte soarten sûchdieren, wêrûnder de prêrjewolf (Canis latrans), de reade lynks (Lynx rufus), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de gaffelantilope (Antilocapra americana), de wapity (Cervus canadensis), it mûldierhart (Odocoileus hemionus), de eland (Alces alces), de waskbear (Procyon lotor), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), de langsturtwezeling (Neogale frenata), de Amerikaanske nerts (Neogale vison), de rivierotter (Lontra canadensis), de Amerikaanske hazze (Lepus americanus), de prêrjehazze (Lepus townsendii), de Kanadeeske bever (Castor canadensis), de oerzon (Erethizon dorsatum), de wytsturtprêrjehûn (Cynomys leucurus), de gielbealchmarmot (Marmota flaviventris), it Amerikaansk read iikhoarntsje (Tamiasciurus hudsonicus), it lyts wangpûdiikhoarntsje (Tamias minimus), it goudmantelgrûniikhoarntsje (Spermophilus lateralis), de berchgoffer (Thomomys talpoides), de lytse mûsgoffer (Perognathus parvus), de muskusrôt (Ondatra zibethicus), de langsturtwrotmûs (Microtus longicaudis), de noardlike reade wrotmûs (Myodes gapperi), de richardsonwrotmûs (Microtus richardsoni), de westlike greidwrotmûs (Microtus drummondii), de hartemûs (Peromyscus maniculatus) en de westlike nôtmûs (Reithrodontomys megalotis).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.