Lytse mûsgoffer

Ut Wikipedy
lytse mûsgoffer
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûsgoffers (Heteromyidae)
skaai glêdhierrige mûsgoffers
   (Perognathus)
soarte
Perognathus parvus
Peale, 1848
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De lytse mûsgoffer (wittenskiplike namme: Perognathus parvus), ek wol lytse wangpûdmûs neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e glêdhierrige mûsgoffers (Perognathus), dat lânseigen is yn 'e Grutte Dobbe fan westlik Noard-Amearika. It is lyts, omnivoar nachtdierke dat syn drinken út syn iten hellet. De winter bringt de lytse mûsgoffer troch yn syn hoale yn in soarte fan ferstiving dy't gjin echte wintersliep is. De IUCN klassifisearret de lytse mûsgoffer as net bedrige.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse mûsgoffer komt benammen foar yn 'e Grutte Dobbe, in grutte leechleine krite yn it westen fan Noard-Amearika dy't yn 'e prehistoarje in binnensee wie. It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte omfettet frijwol it hiele grûngebiet fan 'e Amerikaanske steat Nevada, en teffens it easten en noardeasten fan Kalifornje, it uterste noarwesten fan Arizona, de noardwestlike helte fan Utah, it uterste súdwesten fan Wyoming, it suden fan Idaho, it easten fan Oregon en Washington en in lyts part fan it súdwesten fan Montana. Fierdersoan heart ek in lyts stikje fan it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia ta it areaal fan dizze soarte.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse mûsgoffer hat trochinoar in kop-romplingte fan 6–9 sm, mei in sturtlingte fan 4,5–10 sm en in gewicht fan trochinoar 20,1 g. De pels is op 'e rêch hiel dûnker, suver wat swartich, mar ljochtet op 'e siden ta en is op 'e bealch wyt oant bêzje.

Ien fan 'e apartste anatomyske nuveraardichheden fan 'e lytse mûsgoffer (en alle oare mûsgoffers) binne har ekterne wangpûden. Dy sitte net yn 'e mûle, mar ynstee oan 'e bûtenkant fan 'e kop, oer de wangen hinne en sa fierder nei efteren rinnend oant de sydkanten fan 'e hals. De iepenings sitte oan 'e foarkant, deunby de bek. De wangpûden binne oan 'e binnenkant begroeid mei hier en kinne binnenstbûtenst keard wurde om se skjin te hâlden.

In lytse mûsgoffer dy't deagien is oan in ûnbekende oarsaak.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It biotoop dêr't lytse mûsgoffers foarkomme, bestiet út steppe en iepen, aride kriten mei strewelleguod, dy't eventueel licht beboske wêze kinne. Rivierdellings yn sokke gebieten hawwe ornaris in tichtere konsintraasje fan 'e bistkes as heger leine kriten. Beskuttende begroeiïng dêr't de lytse mûsgoffer him feilich ûnder fielt, binne fral aalst (Artemisia), stikelmelt (Atriplex confertifolia) en pinjonjeneverbeistrûken (Pinus-Juniperus). Yn 'e Cascades en de Sierra Nevada libbet er mank ponderosadinnen (Pinus ponderosa).

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse mûsgoffer libbet relatyf lang foar in kjifdier: trochinoar 5,8 jier. It is in nachtdier dat de dei trochbringt yn syn ûndergrûnske hoale. Dêr ferbliuwt er ek as him yn it winterhealjier in troch kjeld feroarsake ferstiving oermânsk wurdt dy't lykwols gjin echte wintersliep is. Ekstreme hjittens by 't simmer kin itselde gefolch hawwe. De grutte fan it territoarium fan in lytse mûsgoffer rint útinoar fan 650 oant wol 3.125 , nei alle gedachten ôfhinklik fan it terrein en de beskikberens fan fretten.

Lytse mûsgoffers plantsje har fuort fan 'e ein fan 'e maityd oant de ein fan 'e simmer, mei in perioade fan ynaktiviteit yn 'e midden fan 'e simmer. De draachtiid duorret 24 dagen, wêrnei't it wyfke in nêst fan ornaris 4–5 jongen smyt, dy't mei 100 dagen geslachtsryp binne. It is foar lytse mûsgoffers normaal om twa nêsten jongen yn 't jier fuort te bringen.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lytse mûsgoffers ite benammentlik sied, mar soms ek griene dielen fan planten. Dêrby giet it fral om ferskate gerzen, lykas Yndiaansk riisgers (Oryzopsis hymenoides) en wylde hjouwer (Bromus tectorum), mar ek sêft sâltkrûd (Kali tragus), antilopebitterkwast (Purshia tridentala), amarant (Amaranthus) en mostertplanten (Brassica). Earder yn it jier, foar't planten sied produsearje, meitsje se ek ynsekten lytsman. Syn fretten garret de lytse mûsgoffer op yn syn wangpûden, sadat er it mei weromnimme kin nei syn hoale om der in foarrie fan oan te lizzen foar krappe tiden of min waar.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse mûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 11 of 12 erkende ûndersoarten fan 'e lytse mûsgoffer (stân fan saken anno 2023). Dêrfan wurdt de troch George Bird Grinnell beskreaune gielearmûsgoffer út Kalifornje troch guon mammalogen (bgl. Sulentich, en Genoways en Brown) klassifisearre as Perognathus parvus xanthonotus (wat him ta de tolfde ûndersoarte meitsje soe), wylst oaren (bgl. Jones e.o.) him klassifisearje as in selsstannige soarte, Perognathus xanthonotus.

De (oare) ûndersoarten fan 'e lytse mûsgoffer binne:

  • P. p. bullatus – midden en e. Utah
  • P. p. clarus – uterste s.w. fan Montana, s.e. Idaho, n. Utah, uterste s.w. fan Wyoming
  • P. p. columbianus – m. en s. Washington
  • P. p. idahoensis – s. Idaho
  • P. p. laingi – s. Britsk-Kolumbia
  • P. p. lordi – uterste s. fan Britsk-Kolumbia, m. en e. Washington, n.w. Idaho
  • P. p. mollipilosus – s. Oregon, n. en n.e. Kalifornje
  • P. p. olivaceus – ûndersoarte mei grutste fersprieding: Nevada, e. Kalifornje, uterste s.e. fan Oregon, s. Idaho
  • P. p. parvus – s.e. Washington, m. en e. Oregon
  • P. p. trumbullensis – e. Utah en n. Arizona
  • P. p. yakimensis – s. Washington

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.