Springe nei ynhâld

Kapibara

Ut Wikipedy
kapibara
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje kavia-eftigen (Caviidae)
skaai kapibara's (Hydrochoerus)
soarte
Hydrochoerus hydrochaeris
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De kapibara (wittenskiplike namme: Hydrochoerus hydrochaeris), ek wol de gewoane kapibara neamd om him te ûnderskieden fan syn behindiger famyljelid de lytse kapibara (Hydrochoerus isthmius), is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e kavia-eftigen (Caviidae) en it skaai fan 'e kapibara's (Hydrochoerus). Dit bist is it grutste kjifdier fan 'e wrâld (mei rûchwei de grutte fan in skiep), en komt rûnom foar yn grutte dielen fan Súd-Amearika. Kapibara's binne frij nau besibbe oan û.m. de hûskavia, en libje yn groepen fan soms wol hûndert eksimplaren deunby wetter, dêr't se har tige yn thúsfiele. De namme "kapibara" komt út 'e Yndiaanske Tûpy-taal, en is in ferbastering fan ka'apiûara, in yngewikkelde gearstalling fan kaá ("blêd"), píi ("smel"), ú ("ite") en ara (in grammatikaal suffiks), mei de letterlike betsjutting: "iter fan smelle blêden" (frij fertaald "gersiter").

De kapibara komt foar yn grutte dielen fan Súd-Amearika, mei dêrûnder hiel Brazylje, útsein in part fan it noardeasten. Fierders is dit bist lânseigen yn hiel Oerûguay, Paraguay, Frânsk-Guyana, Suriname en Guyana. Ek komt it foar yn hiel Bolivia útsien it súdwesten, yn it noardeasten fan Argentynje, it easten fan Perû en Ekwador, it súdeasten fan Kolombia, en yn hast hiel Fenezuëla útsein de noardlike en noardwestlike kuststripe. It iennichste lân yn Súd-Amearika dêr't de kapibara hielendal ûntbrekt, is Sily.

Behalven yn Súd-Amearika libbet de kapibara as eksoat ek wol yn oare (wiete) dielen fan 'e wrâld, wêrby't it dan fral giet om útnaaide eksimplaren dy't oarspronklik as fee holden waarden. Sa wurde kapibara's frij geregeldwei waarnommen yn 'e Amerikaanske steat Floarida, al is noch net befêstige oft it dêrby om in populaasje giet dy't himsels yn it wyld fuortplantet. Yn 2011 waard der ek in kapibara yn it wyld synjalearre oan 'e kust fan sintraal Kalifornje.

In kapibara fan tichteby besjoen.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kapibara hat trochinoar in totale lichemslingte fan 107-134 sm, mei in skofthichte fan 50-64 sm en in gewicht fan 35-66 kg. De wyfkes binne yn trochsneed wat mânsker as de mantsjes. Rekôrs wiene in gewicht fan in wyld wyfke út Brazylje fan 91 kg en fan in wyld mantsje út Oerûguay fan 73½ kg. De kapibara hat in tichte, rûnige lichemsfoarm en in stompe kop, en is oerdutsen mei in pels dy't boppe-op it lichem readbrunich en oan 'e ûnderkant gielbrunich is. Hy hat switklieren oan it oerflak fan 'e behierre dielen fan 'e hûd, wat tige apart is foar kjifdieren.

It lytse útsteksel boppe de anus is sa rudimintêr dat it mar kwealk in sturt neamd wurde kin. De efterpoaten fan kapibara's binne justjes langer as de foarpoaten, en se hawwe oan 'e foarpoaten fjouwer en oan 'e efterpoaten trije teannen. Krekt as by oare kjifdieren groeie by kapibara's de kjiftosken har hiele libben troch, sadat dy allegeduerigen ôfsliten wurde moatte. Se binne goed oanpast oan in libben dat foar in grut part yn it wetter trochbrocht wurdt, mei hûdflapkes tusken de teannen dy't suver wol swimfluezzen neamd wurde kinne. De noasters, earen en eagen sitte allegear heech op 'e kop, sadat se dy mar in lyts eintsje boppe it wetter út hoege te hâlden.

Swimmende kapibara's.

Kapibara's bringe in grut part fan 'e tiid yn it wetter troch, en libje sadwaande altyd deunby iepen wetters, lykas sompen, rivieren, marren of puollen. Dêrby komme se foar yn sawol ticht tropysk oerwâld as op frij iepen savannes. Se mije kultuerlân net, en sette har ek graach op iepen gerslân (deunby wetter) op feepleatsen nei wenjen, dêr't se it gers opfrette dat bestimd is foar it fee, en sadwaande troch de boeren as ûngedierte beskôge en navenant behannele wurde.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kapibara's binne tige sosjale bisten. Hoewol't der soms wolris solitêr libjende eksimplaren binne, komme se yn 'e regel foar yn groepen fan 10-20 bisten, mei 2-4 folwoeksen mantsjes, 4-7 folwoeksen wyfkes en de rest besteande út jonge en healfolwoeksen eksimplaren. In kapibaratroep hat ornaris in territoarium fan sa'n 10 ha. Yn 'e drûge tiid rane by wetterboarnen faak ferskate fan sokke lytse groepen gear ta gruttere troepen fan 50 oant wol 100 bisten. Under de mantsjes bestiet der in stabile, lineêre hierargy, wêrby't it dominante mantsje fan in groep oer it algemien in stik mânsker fan foarkommen is as de rest. Sa'n dominant mantsje is meast yn 'e midden fan in groep te finen, wylst de ûnderhearrige mantsjes oan 'e rânen fan 'e groep tahâlde. Dizze hierargy wurdt al ier fêstlein troch it hâlden fan sabeare gefjochten troch healfolwoeksen mantsjes.


Binnen in groep kommunisearje kapibara's allegeduerigen mei-inoar troch it meitsjen fan tsjotterjende lûden, dy't benammen bedoeld binne om 'e sosjale bannen te ûnderhâlden. Se kinne ek blaffende lûden meitsje, en dat dogge se as se har bedrige fiele of as de wyfkes wolle dat harren jongen by har komme. Fierders kommunisearje kapibara's ek in protte troch it ôfsetten fan geurflaggen, benammen oan planten, wat se dogge mei in klier op har snút en mei har anaalklieren. Mantsjes bûke dêrnjonken ek faak urine foar it ôfsetten fan harren rook.

Hoewol't kapibara's op lân behindigernôch binne en like hurd drave kinne as in hynder, fiele se har oer it algemien feiliger yn it wetter. It binne treflike swimmers, dy't oant 5 minuten efterinoar ûnder wetter bliuwe kinne, in talint dat se benammen ynsette om oan rôfdieren te ûntkommen. Se kinne sels yn it wetter sliepe, wêrby't se inkeld it puntsje fan 'e snút (mei de noasters) boppe wetter út hâlde, al dogge se dat allinnich as it net oars kin. Middeis, as it waarmer wurdt, sykje se faak it wetter op om ôf te kuoljen, wêrnei't se tsjin 'e jûn wer op it drûge komme om te weidzjen. Ek meie se har graach yn dridze en drek omrôlje. Om 'e midsnacht hinne jouwe se har del om te sliepen, mar foar moarnsdage binne se alwer by sûpe en stút om te weidzjen oant it dêrfoar te hjit wurdt.

In wyfke mei jongen.

Lykas de measte kjifdieren plantsje kapibara's har fluch fuort. Der is gjin fêste peartiid, en de fuortplanting kin sadwaande it jier rûn plakfine, al binne yn it noarden fan it ferspriedingsgebiet (yn Fenezuëla) de measte pearings konsintrearre tusken april en maaie, en yn it suden (yn 'e Brazyljaanske steat Mato Grosso) tusken oktober en novimber. As se jachtich wurde, feroaret de rook fan 'e wyfkes op subtile wize, wat de mantsjes yn deselde groep oanset ta tyldrift. Boppedat fluitsje jachtige wyfkes troch de noas om mantsjes te lokjen. De eigentlike pearing fynt altyd plak yn it wetter, wat it wyfke de macht jout om in mantsje te wegerjen troch simpelwei it wetter te ferlitten. Dominante mantsjes besykje alle wyfkes yn in groep foar harsels te hâlden, mar dat slagget nea, en hoewol't in dominant mantsje folle mear wyfkes dekt as elts yndividueel ûnderhearrich mantsje, dekke alle ûnderhearrige mantsjes mei-inoar wer folle mear wyfkes as it iene dominante mantsje.

Nei de pearing folget der by kapibara's in draachtiid fan 130-150 dagen, wêrnei't de wyfkes in nêst fan 1-8, mar trochinoar 4 jongen te wrâld bringe. It smiten wurdt dien op it drûge, en in pear oeren neitiid jout it wyfke har mei de jongen wer by de groep. Binnen in wike begjinne de jongen gers te iten, mar se wurde pas hielendal ôfwûn as se 16 wiken âld binne. Kapibarajongen drinke by elts melk wyfke yn 'e groep, en as de mem wat oerkomt foar't se harsels rêde kinne, wurde se soms grutbrocht troch de oare wyfkes. Kapibara's hawwe yn finzenskip in gemiddelde libbensspanne fan 8-10 jier, mei in maksimum fan 12 jier. Yn it wyld libje se trochinoar mar 4 jier, mei't se in protte natuerlike fijannen hawwe. De wichtichten dêrfan binne ferskate kateftigen: de jagûar, de poema en de oselot, wylst se fierders ek gauris pakt wurde troch kaaimannen en anakonda's. Ek grutte rôffûgels lykas earnen foarmje in gefaar.

Weidzjende kapibara's.

De kapibara is in herbivoar, dy't benammentlik libbet op in dieet fan gerzen en wetterplanten, oanfolle mei fruchten en beamskors. Yn it drûge seizoen ite se fierders in protte reid. It binne tige sinnige iters, dy't planten fan beskate soarten hielendal kealfrette, wylst se eksimplaren fan in oare soarte, dy't der fuort njonken groeie, straal negearje. Krekt as oare plante-iters wjerkôgje se har fretten, mar fanwegen de ophinging fan 'e ûnderkaak kôgje kapibara's net lykas skiep of kij fan side nei side, mar fan foarren nei efteren. Krekt as kninen frette se har eigen kjitte, wêrmei't se har bakteriële yngewantfloara oanfolje, en wat sadwaande befoarderlik is foar har spiisfertarring. Krekt as kavia's misse kapibara's it fermogen om sels fitamine C oan te meitsjen, sadat eksimplaren dy't yn finzenskip holden wurde skuorbúk krije as har fretten dêr net mei oanfolle wurdt.

De kapibara hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Yn guon gebieten hat de kapibarapopulaasje wat te lijen hân fan oerbejaging, wylst de bisten yn oare gebieten faak ôfsketten wurde om't se om fretten konkurrearje mei fee. Op guon plakken yn Súd-Amearika wurde kapibara's sels as fee holden en fokt om har fleis en pels. Dat hat it wolkomme njonkeneffekt dat op sokke plakken moerassen en oare wetterrike biotopen beholden bliuwe. Fral yn Fenezuëla is it iten fan kapibarafleis tige populêr om't it bist dêr fanwegen syn semy-akwatyske libbenswize troch de Roomsk-Katolike Tsjerke offisjeel klassifisearre wurdt as in fisk, sadat kapybarafleis dus iten wurde mei as it iten fan it fleis fan oare lânbisten ferbean is (freeds en op beskate hjeldagen).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.