Lytse kapibara

Ut Wikipedy
lytse kapibara
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje kavia-eftigen (Caviidae)
skaai kapibara's (Hydrochoerus)
soarte
Hydrochoerus isthmius
Goldman, 1912 / Mones, 1991
IUCN-status: te min gegevens
ferspriedingsgebiet

De lytse kapibara (Latynske namme: Hydrochoerus isthmius) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e kavia-eftigen (Caviidae) en it skaai fan 'e kapibara's (Hydrochoerus), dat foarkomt yn it uterste noardwesten fan Súd-Amearika en op 'e lâningte fan Panama. Hoewol't dit bist foar it earst wittenskiplik beskreaun waard yn 1912, troch de soölooch Edward Alphonso Goldman, waard it doe klassifisearre en lange tiid beskôge as in ûndersoarte fan 'e gewoane kapibara (Hydrochoerus hydrochaeris). Pas yn 1991 waard de lytse kapibara op grûn fan nij ûndersyk erkend as in selsstannige bistesoarte.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse kapibara is lânseigen yn it noardlike en noardwestlike diel fan Kolombia, ynkl. in stripe by hast de hiele westkust fan it lân del, en fierders yn it uterste noardwesten fan Fenezuëla en de eastlike helte fan Panama. Yn Fenezuëla is dit bist seldsum, wylst er yn Panama rûnom foarkomt. De status yn Kolombia is ûndúdlik.

Sûnt de jierren fjirtich fan 'e tweintichste iuw hat de lytse kapibara syn ferspriedingsgebiet yn westlike rjochting útwreide oant yn it bekken fan it Panamakanaal. Populaasjes komme dêrsanne û.m. foar by de rivier de Chagres lâns en op 'e eilannen yn 'e Gatúnmar. Underwilens is de lytse kapibara it kanaal oerstutsen en komt er ek foar yn Colón, oant de rivieren de Índio en de Miguel de la Borda.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse kapibara hat trochinoar in totale lichemslingte fan 80-100 sm, mei in skofthichte fan 50-60 sm en in gewicht fan 20-45 kg. Dêrmei is it nei de gewoane kapibara it grutste kjifdier fan 'e wrâld. De lytse kapibara ûnderskiedt him fan syn gruttere famyljelid troch in stompere kop en in pels dy't koarter en dûnkerder is.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse kapibara bringt in grut part fan 'e tiid yn ûndjip wetter troch, dêr't er him feilich fielt foar rôfdieren as de jagûar. Sadwaande komt it bist fral yn moerasgebieten en by riviersiggen lâns foar. Krekt as gewoane kapibara's libje lytse kapibara's fierhinne fan blêden en gerzen. Se plantsje har it hiele jier rûn fuort, wêrby't se nêsten fan trochinoar 3-4 jongen smite. Se kinne sawol deis as nachts aktyf wêze en solitêr of yn groepen libje, al neigeraden de jiertiid, har habitat en de druk dy't mei bejaging op har populaasje útoefene wurdt.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de lytse kapibara is noch gjin de IUCN-status beskikber, om't der te min oer it bist bekend is. Wol is dúdlik dat er bedrige wurdt troch potinsjele oerbejaging, de ferwuostging fan rivierwâlden en it drûchlizzen fan sompen, yn it bysûnder fan 'e moerassen by de rivier de Magdalena lâns.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.