Springe nei ynhâld

Hope Springs (film út 2012)

Ut Wikipedy
Hope Springs
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur David Frankel
produsint Guymon Casady
Todd Black
Brian Bell
senario Vanessa Taylor
kamerarezjy Florian Ballhaus
muzyk Theodore Shapiro
filmstudio Columbia Pictures
Mandate Pictures
Metro-Goldwyn-Mayer
Film 360
Escape Artists
distribúsje Sony Pictures Releasing (N.-Am.)
Alliance Films (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Meryl Streep
Tommy Lee Jones
byrollen Steve Carrell
Elisabeth Shue
Mimi Rogers
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 augustus 2012
foarm langspylfilm
sjenre romantysk komeedzjedrama
taal Ingelsk
spyltiid 100 minuten
budget en resultaten
budget $30 miljoen
opbringst $114,3 miljoen

Hope Springs is in Amerikaansk romantysk komeedzjedrama út 2012 ûnder rezjy fan David Frankel, mei yn 'e haadrollen Meryl Streep en Tommy Lee Jones. De titel is in ferwizing nei it Ingelske sprekwurd hope springs eternal (letterlik: "hoop wellet ivich op"), mei as betsjutting "der is altyd hoop". It is in wurdboarterij, mei't de haadpersoanen yn in plak bedarje dat Hope Springs hjit (springs ferwiist yn Ingelsktalige plaknammen nei de oanwêzigens fan waarmwetterboarnen). It ferhaal giet oer in âlder troud pear mei in útblust houlik, dy't sels yn ferskillende sliepkeamers sliepe. Hy fynt it wol bêst sa't it is, mar sy kin sa net libje en skriuwt harren yn foar houliksterapy. Hope Springs krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. De film ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in beskieden kommersjeel súkses en waard nominearre foar in Golden Globe.

It troud pear Arnold en Kay Soames út Omaha (Nebraska) is jierren lyn allinnich thús oerbleaun doe't de beide bern it hûs út giene. Hoewol't se faninoar hâlde, libje se folslein byinoar lâns en hawwe se sels ferskillende sliepkeamers. Arnold, dy't as boekhâlder by in grut boekhâldbedriuw wurket, ûnderfynt dat net as in probleem en fynt syn libben bêst sa't it is. Winkelbetsjinde Kay, lykwols, fielt har iensum en is ree om har houlik op it spul te setten as der in kâns bestiet dat der wer wiere affeksje yn weromkomme kin. Se giet yn in boekwinkel op 'e sneup nei in boek dat dêrby helpe kin, en komt sa in wurk fan houliksterapeut Bernie Feld tsjin. As se dat lêst, werkent se har der sa yn, dat se derfan oertsjûge rekket dat dokter Feld har en Arnold helpe kin. Fan har eigen sparjild skriuwt se harren yn foar in wike houliksterapy yn Feld syn wenplak Hope Springs, yn Maine, en reservearret se in ferbliuw yn in pleatslik motel.

It earste probleem dat Kay oerwinne moat, is Arnold syn ûnwil om mei. Hy is in man fan fantasijleaze rûtine, dy't fynt dat der neat mis is mei harren houlik. Kay seit him lykwols oan dat sy nei Maine giet en dat hy it fierders sels mar witte moat. Se nimt de betreffende dei in taksy nei de lofthaven en giet oan board fan it fleantúch, dêr't se yn spanning ôfwachtet. Arnold wifelet salang't er de tiid hat oer wat er dwaan sil. Hy wol net nei Maine en alhielendal net yn houliksterapy, mar in kollega fan him, dy't by de frou wei rekke is om't er net nei har harkje woe en dy't no as frijfeint yn in lyts appartemintsje wennet, hat him ferteld dat er wol krûpende werom wol en dat er eltse dei noch spyt hat dat er net wat mear muoite dien hat om syn houlik te rêden. Dat, mei uterste tsjinnichheid jout Arnold him op it lêste momint by Kay yn it fleantúch, dêr't er har mei argewaasje freget oft se no har sin hat. Dat hat se yndie.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn 'e sesjes dy't se dy wike mei dokter Feld hawwe, besiket dy om harren har gefoelens útsprekke te litten sadat se de fonk weromfine kinne dy't oarspronklik tusken harren oersloech doe't se fereale rekken. Op dy wize wol er harren relaasje refitalisearje. Dêrby freget er, yn 't earstoan ta Kay har ferlegenheid en Arnold syn ferûntweardiging, ek frijmoedich nei harren (net besteande) sekslibben. Arnold, dy't de hiele boel as in yngewikkelde foarm fan oplichting beskôget, is lulk en definsyf, en net ree om 'e mjitte fan teloarstelling yn te sjen dy't syn frou oer harren houlik fielt. Kay rint op in stuit lulk en gûlend út in sesje wei en bedarret nei wat omswalkings yn in kroech yn 'e haven, dêr't se nei in pear glêzen goedkeape wyn mei barkeeper Karen oan 'e praat rekket. As se opbychtet dat se al yn fiif jier gjin seks hân hat, freget Karen de oare oanwêzigen, in stik as tsien âldere rouwe seelju, wa't fan harren likemin in aktyf sekslibben hat, wêrnei't hast alle hannen omheech geane.

Underwilens is Arnold skrokken fan it útnaaien fan syn frou, en dy nacht bringe se yn it motel foar it earst yn jierren tegearre op ien bêd troch (de foargeande nachten sliepte Arnold dêr op 'e útlûkbank). As Kay de oare moarns wekker wurdt, ûntdekt se dat Arnold yn 'e sliep syn earm om har hinne slein hat, wat se ynterpretearret as in teken fan foarútgong. Dokter Feld jout harren de opdracht om inoar dy jûns yn it motel foar it earst yn jierren op eroatyske wize oan te reitsjen. Dat komt Arnold te tichtby en healwei de opdracht kappet er it ôf en giet werom nei de útlûkbank. As dokter Feld him dêr de oare deis oer ûnderstiet, rint er lulk út 'e sesje wei. Kay jout de moed op en begjint har koffers te pakken. Se fertelt Arnold dat se foarhinne altyd it gefoel hie dat se earne nei ta beweegden, lykas nei de troudei, of nei de berte fan 'e bern, of nei de tiid dat de bern út 'e hûs giene. No bewege se harren inkeld noch mar fierder by sokke dingen wei.

De deis dêrnei binne se wer by dokter Feld, diskear op inisjatyf fan Arnold. Feld syn oanhâldende trochfreegjen liedt der úteinlik ta dat Arnold himsels foar it earst bleatjout. It docht bliken dat er in protte wrok koesteret tsjin Kay, om't se dingen fan him wol dy't neffens him net reälistysk binne. Se wol bygelyks wol yntimiteit, mar hy mei net genietsje fan seks. En sy is dejinge dy't opholden is mei seks, net hy. Wylst hy nea ûntrou west hat of nei de huorren gien is en him altyd holden en droegen hat sa't it heart. Kay hat har eigen stikjes wrok tsjin Arnold, lykas dat se it gefoel krige dat se in stik fleis wie as se seks hiene. It is as it trochprikken fan in swolm, sadat de otter fuortrinne kin. Neitiid besykje Arnold en Kay foar it earst wer om ta yntimiteit te kommen troch in seksuele fantasij efteryn in bioskoopseal te ferwêzentlikjen, mei desastreuze gefolgen.

Yn in petear fan man ta man leit dokter Feld oan Arnold út dat troude pearen by him yn terapy geane om ien fan twa redens: om harren houlik te rêden of om in punt efter har houlik te setten. Hy jout Arnold de rie om himsels ris te freegjen: "Is dit it bêste dat ik derfan meitsje kin?" Dat set Arnold oan om it inisjatyf te nimmen ta in romantysk itentsje yn in djoer hotel-restaurant, dêr't er ek in hotelkeamer foar de nacht hiert. Alles giet dat it slydjaget oant hy en Kay besykje de leafde te bedriuwen op 'e grûn foar de iepen hurd, en Arnold op it moment suprême lêst kriget fan ympotinsje. Kay ynterpretearret dat as soe Arnold har net mear oantreklik fine, mar dat hat der neffens him neat mei te krijen. By de lêste sesje fertelt dokter Feld harren dat se de moedfearren no net hingje litte moatte, mei't se yn 'e ôfrûne wike in ûnbidich stik foarútgong boekt hawwe. Hy jout harren de kontaktgegevens fan in houliksterapeut yn Omaha dêr't se de terapy fuortsette kinne.

Sadree't se wer thús binne, ferfalle Arnold en Kay lykwols yn âlde gewoanten. Se sliepe wer yn ferskillende sliepkeamers en libje op deselde wize byinoar lâns as foarhinne. Kay wol en kin net wer werom nei dy sitewaasje, en set de earste stappen foar in skieding. De jûns dat se har koffers pakt om 'e oare moarns útfanhûs te gean by in freondinne leit Arnold wekker. Hy is him der net bewust fan wat Kay yn 't sin hat, mar wol dat se har djip ûngelokkich fielt. Nei oeren prakkesearre te hawwen, giet er fan bêd ôf en bejout er him nei Kay har sliepkeamer, dêr't er by har op bêd krûpt. Foar it earst yn jierren bedriuwe se de leafde. De oare moarns liket deselde rûtine fan altyd him wer master te meitsjen fan harren libben, mar as Arnold nei syn wurk sil, komt er werom yn 'e hûs om Kay in hertstochtlike tút te jaan dêr't se suver dûzelich fan wurdt. As se him syn aktekofferke efternei bringt, dat er lizze litten hat om't hysels ek net mei beide fuotten op 'e grûn stiet, komt bûtendoar krekt buorfrou Carol foarby, fan wa't Arnold yn in sesje mei dokter Feld ferteld hat dat er wolris in seksuele fantasij hân hat oer in trio mei har en Kay. Laitsjend fertelt Kay har man dat it nea barre sil.

Under de ôftiteling is te sjen hoe't Arnold en Kay in jier letter in fantasij fan Kay harres yn 'e praktyk bringe, troch op in strân harren houliksûnthjitten te fernijen yn 'e oanwêzichheid fan 'e bern. Harren dochter en de man hawwe ûnderwilens in lytsenien krigen, harren soan hat in faam, en de seremoanje wurdt laat troch dokter Feld. Arnold en Kay binne lokkiger as se ea west hawwe.

Meryl Streep.
Tommy Lee Jones.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Kay Soames Meryl Streep
Arnold Soames Tommy Lee Jones


byrollen
personaazje akteur/aktrise
dokter Bernie Feld Steve Carrell
Karen Elisabeth Shue
Eileen Jean Smart
Carol Mimi Rogers (cameo)
Cora Becky Ann Baker
Brad Ben Rappaport
Molly Marin Ireland
Mark Patch Darragh

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hope Springs waard yn 2010 oankundige as filmprojekt mei Meryl Streep en Jeff Bridges yn 'e haadrollen, en Mike Nichols as regisseur. Bridges seach al rillegau fan syn rol ôf, wêrnei't James Gandolfini en Philip Seymour Hoffman by de film belutsen waarden. Doe't Nichols as regisseur lykwols ferfongen waard troch David Frankel, heakken Gandolfini en Hoffman ôf. Tommy Lee Jones waard úteinlik cast yn 'e manlike haadrol, wylst komyk Steve Carrell as in tige ynteine dokter Feld sjen liet dat er ek in serieuze rol spylje koe.

De film waard makke nei in senario fan Vanessa Taylor. As produsinten wiene by Hope Springs Guymon Casady, Todd Black en Brian Bell belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, Mandate Pictures, Metro-Goldwyn-Mayer, Film 360 en Escape Artists. Foar it projekt wie in budget beskikber fan $30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Florian Ballhaus, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Theodore Shapiro. De opnamen fûnen yn septimber en oktober 2011 plak yn 'e Amerikaanske steat Connecticut.

De distribúsje fan Hope Springs waard yn Noard-Amearika fersoarge troch Sony Pictures Releasing, in ûnderdiel fan Sony Pictures, de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures. Yn 'e rest fan 'e wrâld wie de distribúsje yn 'e hannen fan Alliance Films. Hope Springs gie op 8 augustus 2012 yn premiêre. De film waard op 4 desimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Hope Springs oer it algemien positive resinsjes. Benammen it aktearjen fan Meryl Streep, Tommy Lee Jones en Steve Carrell koe rekkenje op in protte lof. Sa skreau Rex Reed yn The New York Observer: "Ik tink dat alles oan 'e film te subtyl en echt is om it Batman-publyk oan te sprekken, mar foar it folwoeksen publyk […] giet er troch dêr't The Best Exotic Marigold Hotel ophold." Yn it Britske tydskrift Empire fûn Angie Errigo dat Hope Springs op ferskillende nivo's in goede film wie. Hja skreau: "Behalven dat er hiel grappich is, is er ek ynkringend wat de skea oangiet dy't de tiid tabringe kin oan 'e leafde en in houlik, en leafdefol op it moed kommend, mar mei in oerfloed oan tsjinstridige seksuele ynhâld dy't tige amusearret."

De foaroansteande filmkritikus Roger Ebert hie benammen lof foar Tommy Lee Jones. Hy skreau yn 'e krante de Chicago Sun-Times: "De reden om [dizze film] te sjen is Jones. Dy man, dy't frijmoedich rollen spylje kin wêrby't om sterke, wisberette manlju frege wurdt, dy akteur dy't oertsjûgjend oerbringe kin dat er de folsleine behearsking oer eltse sitewaasje hat, dyselde hat hjir in personaazje fûn dat totaal oars is as lykfol hokker dat er earder spile hat, en hy spilet it as hied er nea oars dien."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Hope Springs in relatyf heech goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 173 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Oanfierd troch betsjoenende optredens fan Meryl Streep en Tommy Lee Jones biedt [de film] it bioskooppublyk wat folwoeksen humor – en in ta neitinken stimmend ynsjoch yn ripe relaasjes." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Hope Springs in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 36 resinsjes.

Hope Springs brocht wrâldwiid yn 'e bioskopen $114,3 miljoen op. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in winst fan $84,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dat wol sizze dat de film in beskieden kommersjeel súkses wie.

Yn 2013 waard Hope Springs nominearre foar de Golden Globe foar bêste aktrise yn in komeedzje of musical (Meryl Streep). By de People's Choice Awards waard Streep datselde jiers foar har rol yn Hope Springs nominearre yn twa kategoryen, wêrûnder dy foar favorite aktrise yn in dramafilm. Se wûn de People's Choice Award foar favorite filmikoan.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.