Gina Gerson

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Gina Gerson
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Gina Gerson.JPG
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Doris Ivy, Gina, Gina H., Lisa,
Liza, Manuela, Maya, Penelope,
Valya, Valya C.
echte namme Валентина Лашкеева,
Valjentina Lasjkejeva
nasjonaliteit Flag of Russia.svg Russysk
berne 17 maaie 1991
berteplak Prokopjevsk[1] (Ruslân)
etnisiteit Flag of Russia.svg Russysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, webcamgirl,
pornoaktrise
jierren aktyf 2012 – no
offisjele webside
ginagerson.xxx

Gina Gerson (Syrillysk: Джина Джерсон, útspr.: "Dzjina Dzjerson"; echte namme: Valjentina Lasjkejeva, Syrillysk: Валентина Лашкеева (Prokopjevsk,[1] 17 maaie 1991), is in Russysk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja hat yn it ferline gebrûk makke fan in ferskaat oan oare artystenammen, wêrûnder Doris Ivy, Gina H., Manuela, Penelope en Valya C. Gerson sette yn 2012 útein mei in wurkpaad yn 'e Jeropeeske en letter ek de Amerikaanske pornoyndustry, en hat sûnt yn in grut tal films spile.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gerson waard yn 1991 berne yn Prokopjevsk,[1] yn 'e Sibearyske provinsje Kemerovo (en net yn Leningrad, sa't in soad Westerske websiden úthâlde). Hja waard grutbrocht troch har mem en beppe. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, studearre se fan 2009 ôf taalkunde mei in spesjalisaasje yn Ingelsk en Frânsk oan 'e Steatsuniversiteit fan Sint-Petersburch. Har doel wie doe om leararesse te wurden.

Yn har studintetiid hie Gerson yn 't earstoan bybaantsjes as servearster en skjinmakster, en ek wurke se in skoftke foar in koerierstsjinst. Yn 2010 begûn se ynstee te wurkjen as webcamgirl, om't se dêrmei folle mear fertsjinje koe yn folle minder tiid. Yn 2012, doe't se 21 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Har súkses op dat mêd late derta dat Gerson har stúdzje ôfbriek en nei de Hongaarske haadstêd Boedapest ferfear, dy't in sintrum fan 'e Jeropeeske pornoyndustry is. Letter wurke se ek yn 'e Feriene Steaten.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Gerson ein 2018 yn mear as 260 pornofilms spile, foar Jeropeeske filmstudio's as it Frânske Vidéo Marc Dorcel, it Nederlânske Video Art Holland, it Dútske Magmafilm, it Spaanske Woodman Entertainment, it Sweedske Private, en de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group. Oare kant de Atlantyske Oseaan hat Gerson wurke foar labels as Evil Angel, Penthouse, Digital Playground, Mile High Media, The Score Group, Girlfriends Films en Pure Play Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Reality Kings en Brazzers.

Under har karriêre hat Gerson gearwurke mei kollega-aktrises as Tiffany Doll, Arwen Gold, Henessy, Jureka del Mar, Jessie Volt en Jasmine Webb, en mei manlike tsjinspilers as Marco Banderas, Danny D, Erik Everhard, Nick Lang, David Perry, Rocco Siffredi, Bruce Venture en Pierre Woodman. Gerson hat anno 2019 sân kear nominearre west foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld). Yn fraachpetearen hat se oanjûn dat se net smookt, gjin alkohol drinkt, gjin drugs brûkt en gjin fleis yt. Se is iepentlik biseksueel.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gina Gerson is blank, mei brune eagen en brún hier, dat se út en troch wat blondearje lit. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 40 kg, en in natuerlike kupmaat 34A. Utsein de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se gjin piercings, en tatoeaazjes hat se likemin.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2015 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje Ballerina by Day, Escort by Night
nominearre bêste bûtenlânske artyste fan it jier n.f.t.
2016 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje Do Not Disturb
2017 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje Lea Guerlin: First Night in the Girls' Dormitory
2018 AVN Award nominearre bêste bûtenlânske artyste fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste bûtenlânske artyste fan it jier n.f.t.
2019 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne Lil' Gaping Lesbians 8
nominearre bêste bûtenlânske artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Biogafyske gegevens yn 'e Russyske Kinopoisk-database.