Nick Lang

Ut Wikipedy
Nick Lang
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Atilla, Atilla Hun, Atilla Long,
Attila, Attila Dori, Attila Gori,
Attila Lang, Attila Neri,
Attilio Dorelli, Dorian Lux,
Mike Beck, Nick Lange,
Nick Leng, Nick Long,
Nik Lang, Odor Atilla
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 28 july 1972
berteplak Boedapest (Hongarije)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur, regisseur
jierren aktyf 1993 – no
offisjele webside
gjint

Nick Lang, echte namme ûnbekend (Boedapest, 28 july 1972), is in Hongaarsk pornografysk akteur en regisseur. Hy hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Atilla, Atilla Hun, Atilla Long, Attila, Attila Dori, Attila Gori, Attila Lang, Attila Neri, Attilio Dorelli, Dorian Lux, Mike Beck, Nick Lange, Nick Leng, Nick Long, Nik Lang en Odor Atilla. Lang sette yn 1993 útein mei in wurkpaad yn sawol de Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Hy hat twa AVN Awards wûn. Ein 2016 wied er nei 23 jier noch altyd aktyf as pornoakteur.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lang waard yn 1972 berne yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest. Yn 1993, doe't er 21 jier wie, sette er útein mei in karriêre as pornografysk akteur. Dêrby wied er sawol yn 'e Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry aktyf. Yn Jeropa wurke er benammen foar it Sweedske Private-label, mar yn mindere mjitte ek wol foar it Dútske Magmafilm, it Frânske Vidéo Marc Dorcel en de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group.

Benammen fan 'e midden fan 'e jierren 2000 ôf wie Lang ek hieltyd mear wurksum yn 'e Feriene Steaten, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Evil Angel, Digital Sin, Diabolic Video, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Hustler Video, Elegant Angel, The Score Group, Jill Kelly Productions, Wicked Pictures, Anabolic Video en Vivid Entertainment. Dêrnjonken wied er ek wol yn 't spier foar minder bekende studio's, wêrûnder Pure Play Media, Coast to Coast Video, Legend Video, Metro, Platinum X Pictures en it Kanadeeske Mile High Media. Lang hat fierders ek aktyf west foar pornowebsiden op it ynternet, lykas Reality Kings en Brazzers.

Yn totaal spile Lang yn syn mear as tweintichjierrige karriêre, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn mear as tûzen pornofilms. Dêrby wurke er gear mei aktrises as Nikki Anderson, Anna Maria, Erika Bella, Niki Belucci, Tigerr Benson, Dru Berrymore, Laura Black, Anita Blond, Nikky Blond, Bettina Campbell, Rita Cardinale, Christine, Vivienne Clash, Monique Covét, Ivy Crystal, Bobbi Eden, Sophie Evans, Rita Faltoyano, Gina Gerson, Simone Horvath, Kathy Kash, Katsuni, London Keyes, Melissa Lauren, Brooklyn Lee, Sharon Lee, Lea Lexis, Laura Lion, Tanner Mayes, Demia Moor, Kate More, Tiffany Mynx, Valentina Nappi, Suzan Nielsen, Aletta Ocean, Madison Parker, Peggy Sue, Priva, Crystal Quan, Alexandra Schiffer, Kristina Schwartz, Sensual Jane, Amanda Steel, Stephany Steel, Lara Stevens, Aisha Sun, Vicca, Vanda Vitus, Jessie Volt, Jasmine Webb, Cassandra Wilde en Tarra White,

Lang spile û.m. yn 'e opsjochmeitsjende pornofilmtrilogy The Uranus Experiment, in produksje fan Private, mei as ûnderwerp de romtefeart. De trilogy waard benammen bekend om't der in sêne yn foarkomt dy't opnommen is yn in Russysk fleantúch dat dûkflechten makke, sadat in steat sûnder swiertekrêft opwekke waard. Lang en syn tsjinspylster Silvia Saint hiene op dy manear de primeur om as earste pearke seksuële omgong te hawwen yn in tastân fan gewichtsleazens. De sêne waard nominearre foar in Nebula Award, ien fan 'e wichtichtste prizen op it mêd fan 'e (mainstream-)science fiction, mar wûn him net. Yn 2006 en 2009 wûn Lang wol twa kear in (Amerikaanske) AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld), beide kearen yn 'e kategory bêste sêne yn in bûtenlânske film. Njonken syn aktearwurk hat Lang ek wurksum west as regisseur. Yn dy hoedanichheid makke er yn 2013 trije pornofilms foar de lytse studio Sunset Media, te witten: Born for Punishment 2, Mesmerizing Mistresses en Mistress Galore. Ein 2016 wie Lang, 23 jier nei syn debút yn 'e pornoyndustry, noch altyd aktyf as pornoakteur.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier priis resultaat kategory foar syn optreden yn
2006 AVN Award wûn bêste sekssêne yn in bûtenlânske film (mei Sandra Romain, Kid Jamaica en Jean-Yves Lecastel) Euro Domination
2009 AVN Award wûn bêste sekssêne yn in bûtenlânske film (mei Bonny Bon, Lauro Giotto, Frank Gun, Anthony Hardwood en Mugar) Ass Traffic 3

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: