Forgetting Sarah Marshall

Ut Wikipedy
Forgetting Sarah Marshall
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Nicholas Stoller
produsint Judd Apatow
Shauna Robertson
Rodney Rothman
senario Jason Segel
kamerarezjy Russ T. Alsobrook
muzyk Lyle Workman
filmstudio Apatow Productions
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Jason Segel
Mila Kunis
Kristen Bell
byrollen Russell Brand
Jonah Hill
Bill Hader
Jack McBrayer
Paul Rudd
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 18 april 2008
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 111 minuten
budget en resultaten
budget $30 miljoen
opbringst $105,8 miljoen

Forgetting Sarah Marshall is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2008 ûnder rezjy fan Nicholas Stoller, mei yn 'e haadrollen Jason Segel, Mila Kunis en Kristen Bell. De titel betsjut "It Ferjitten fan Sarah Marshall" of "Om Sarah Marshall te Ferjitten". It ferhaal giet oer Peter Bretter, de feint fan tillefyzjestjer Sarah Marshall. As sy it mei him útmakket, komt er suver om fan leafdesfertriet, en om't se allegeduerigen op 'e tillefyzje is, kin er net oan har ûntsnappe. Wannear't er syn rie te'n ein op fakânsje nei Hawaï giet, blykt sy tafalligerwize mei har nije frijer ek krekt yn itselde resort te ferbliuwen. Forgetting Sarah Marshall krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Komponist Peter Bretter hat al fiif jier in relaasje mei Sarah Marshall, in fierd aktrise, dy't de stjer is fan 'e populêre plysjesearje Crime Scene: Scene of the Crime ("Plak Delikt: It Plak fan it Delikt"). Peter wurket as komponist fan 'e soundtrack foar dyselde tillefyzjesearje. Mar wylst Sarah har karriêre hieltyd fierder yn 'e lift sit, rekket it mei Peter sines yn it neigean. Syn baan by de searje is in dearinnend paad, en minder noch, hy hatet dat wurk. Yn syn frije tiid besiket Peter in musical oer de bekende fampier greve Dracula te meitsjen, mar dat stûket ek as er der inkeld ferbjustere of ôfkarrende reäksjes op kriget en boppedat net rjocht wit hokker kant er dermei út wol. Wat him oerbliuwt is de hiele dei yn syn pijama wat op 'e bank foar de tillefyzje omhingje as er net hoecht te wurkjen.

Op in dei as dat wer ris sa is, wurdt Peter opskille troch Sarah, dy't ûnferwachts earder thúskomt fan opnamen op lokaasje. Dêr hie Peter net op rekkene, dat hy moat mei tûzen hasten it appartemint opromje en dan gau-gau ûnder de dûs. As er dêr ûnderwei komt, is Sarah der al. Sadwaande is er spierlike neaken as sy abrupt oankundiget dat se it mei him útmakket. Peter is dêr stikken fan, en troch syn leafdesfertriet rekket er wei yn in djippe depresje. Wat it allegear noch minder makket, is dat Peter net oan Sarah ûntkomme kin, mei't syn wurk ommers bestiet út it meitsjen fan muzyk by bylden fan har. Mar ek yn syn frije tiid wurdt se him oan ien wei troch yn 't sin brocht om't se oeral op 'e tillefyzje is. Syn styfbroer en bêste freon Brian stiet der by him op oan om him wer yn it útgeanslibben te stoarten en oare froulju te moetsjen, mar in hiele rige onenightstands makket dat Peter him allinne mar ellindiger fielt.

Dêrop rikkemandearret Brian oan dat Peter der ris in skoftke tuskenút giet, op fakânsje nei Jeropa of sa. Dat bringt Peter op it idee om op fakânsje te gean nei Hawaï, mei't Sarah der altyd fan swetste hoe moai oft it dêr wie, fral yn dat iene hotel-resort oan 'e noardkust fan Oähû. Dat is net wat Brian bedoelde, mar no slagget it him net mear om Peter dit freeslike idee te ûntpraten. Dat, Peter reizget allinne nei Hawaï ta, dêr't er yn spesifyk dat iene resort syn fakânsje trochbringe wol. As er dêr arrivearret, docht bliken dat Sarah neat tefolle sein hat: it is der wier prachtich. It probleem is allinne dat Sarah der sels ek al ferbliuwt mei har nije frijer, de Ingelske rockmuzikant Aldous Snow. Se rinne inoar tsjin it liif yn 'e lobby fan it hotel, krekt wannear't Peter, dy't foarút gjin hotelkeamer boekt hat mar op 'e dolle rûs del kommen is, oan in sliepplak yn it folboekte resort besiket te kommen. Sarah fermoedet dat Peter har mei opsetsin efternei reizge is om't er har stalkt. De sympatike resepsjoniste Rachel Jansen begruttet it om Peter, dat hja helpt him sadat er net hielendal foar gek stiet, troch te bearen dat er yn 't foar wol in keamer besprutsen hie. Se jout him fergees de djoerste suite fan it resort (de iennichste dy't noch frij is), op it betingst dat er dy sels skjin hâldt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Tusken syn neirinnen fan Sarah en syn ûnbedarlike gûlbuien troch begjint Peter tiid troch te bringen mei Rachel. Sy lit him de omkriten fan it resort sjen en tegearre geane se nei in bar dêr yn 'e neite. Dêr sjocht Peter op it húske boppe it urinoir in kollaazje fan foto's fan tsjeppe froulju dy't harren topkes optille om harren bleate boarsten sjen te litten. Ien fan dy froulju is Rachel. Peter freget har dêr letter nei, en sy antwurdet dat se dat ûnder druk fan har doetiidske frijer dien hat. Se hat Keoki, de útbater fan 'e bar, al ferskate kearen frege har foto fuort te dwaan, mar dat wegeret er om't de kollaazje dêrtroch "út balâns reitsje" soe. Peter biedt oan om 'e foto no daliks even foar har op te heljen, mar Rachel hâldt him tsjin om't Keoki him dan it sikehûs yn slaan soe.

Wylst Peter nei it húske wie, hat Rachel regele dat hy op it poadium in ferske út 'e Dracula-musical dêr't er har oer ferteld hat, sjonge kin. Peter smeekt har om him dit net oan te dwaan, mar Rachel wol fan gjin wiken witte. Sadwaande moat er yn it iepenbier ien fan syn selskomponearre ferskes sjonge wylst er himsels begeliedt op 'e piano. Rachel fynt it geweldich en hat in protte wille om wat neffens har dúdlik in komeedzje is. As se him oan 'e ein fan 'e jûn wer by it hotel ôfset, besiket er har te tútsjen, mar hy hat de sitewaasje blykber ferkeard ynskatten, want se wykt tebek. As er letter oan 'e bar fan it hotel oan barkeeper Dwayne, surfynstrukteur Chuck en hotelgast Darald fertelt wat der bard is, wegerje dyselden te leauwen dat it útgean fan Peter mei Rachel in ôfspraakje wie en sizze se dat se him út begrutsjen mei op sleeptou nommen hat. Peter hâldt fol dat it wol deeglik in ôfspraakje wie.

De folgjende dagen tsjogge Peter en Rachel der faker mei-inoar op út. Peter begjint fereale op har te reitsjen, en nei't se tegearre fan in hege rots yn see sprongen binne (har idee), tutet se him ûnferwachts. Wylst Peter en Rachel in relaasje krije, begjint de relaasje tusken Sarah Marshall en Aldous Snow yn 'e nederklits te reitsjen. Sarah kriget berjocht dat Crime Scene: Scene of the Crime stopsetten is, wat betsjut dat sy no wurkleas is. Se beart as docht har dat neat om't se dochs in karriêre as filmaktrise begjinne woe, mar eins is it har goed yn 'e wei. Aldous seit dat it goed útkomt, want no kin se moai mei op toernee. Sarah wit neat fan in toernee ôf, mar no docht bliken dat Aldous nije wike mei syn band Infant Sorrow op op in toernee giet dat oardel jier duorje sil. Hy stelt foar dat se har by de oare groupies fan 'e band jout, dy't de Sorrow Suckers neamd wurde (al wit er net wêrom, seit er).

As se der allebeide op út tsjogge om te surfen, komme Peter en Aldous inoar yn see tsjin. De oprjocht freonlike, mar ek taktleaze Aldous knopet in petear oan, wêrby't er der by fersin útblaft dat hy en Sarah al in jier lang in relaasje hawwe. Peter beseft dan foar it earst dat Sarah him withoelang bedragen hat mei in oare man. Underwilens hat Peter de djoere suite opjaan moatten om't der beteljende hotelgasten yn húsfêste wurde moasten. Aldergeloks wie der yn 'e tuskentiid in oare hotelkeamer frijkommen, ien dy't er wol betelje koe, mar lit dat no krekt de keamer fuort njonken dy fan Sarah en Aldous wêze. It is dus foar Peter, werom yn it hotel, mar in pear stappen rinnen om Sarah te konfrontearjen mei wat Aldous him ferteld hat. Sy ferdigenet har dwaan troch derop te wizen dat der neat mear fan 'e bankhingjende Peter útgie en dat er himsels boppedat emosjoneel foar har ôfsleat. Neat dat se besocht om harren relaasje wer op 'e rails te krijen, holp. Dat doe socht se úteinlik soelaas by in oare man.

De sitewaasje wurdt noch yngewikkelder as Sarah, troch har fluch minder wurdende relaasje mei Aldous, begjint te beseffen dat se eins noch fan Peter hâldt, en dat se wolris in freeslik flater begien hawwe kin troch him oan 'e dyk te setten. Se wurdt jaloersk op Rachel en besiket te dwaan as sit der noch likefolle libben yn har relaasje mei Aldous as yn dy fan Peter en Rachel. Tagelyk kriget Peter foar it ferstân dat syn langjierrige relaasje mei Sarah eins hielendal net sa goed wie as er miende. Op in jûn hawwe se in tige ûngemaklik diner mei syn fjouweren, dy't it resultaat is fan in útnûging út fatsoen troch Peter en in ûnferwachtse (foar him) oanname fan dat oanbod troch Sarah. Neitiid hawwe Peter en Rachel foar it earst seks yn syn hotelkeamer. De wanden binne blykber fan boardkarton, want Sarah en Aldous kinne alles hearre. Dêrop klimt Sarah boppe-op Aldous om te simulearjen dat sy krekt sokke lekkere seks hat as it pear oan 'e oare kant fan 'e wand. Dan hat Aldous syn nocht. Se krije rúzje en meitsje inoar bittere ferwiten. Uteinlik makket Aldous it mei Sarah út, nei't er har ynwreaun hat dat er oan ien wei troch mei oare froulju omslein hat wylst er mei har wie. De oare moarns reizget er ôf út Hawaï om him ta te rieden op syn oankommend toernee.

Peter treft Aldous as dyselde foar it hotel op ferfier nei de lofthaven wachtet, en de beide mannen nimme ôfskie. Neitiid sjocht Peter ris yn 'e oanbuorjende keamer hoe't it mei Sarah is. Syn treastgjen fan har rint út op wat oars as se opbychtet dat se noch fan him hâldt. Yn betizing lit Peter him oerhelje om mei har op bêd, mar it slagget him net om in ereksje te krijen, ek al besiket Sarah him te helpen mei fellatio. Nei inkele minuten beseft Peter dat er mei Rachel eins folle gelokkiger is as er ea mei Sarah west hat. Dat hy berget syn spul op en seit Sarah it mannewaar op foar hoe't se him altyd behannele hat doe't se noch mei-inoar wiene. Dêrop giet Peter daliks nei Rachel ta om op te bychtsjen wat der bard is. Sy nimt it net goed op, en stelt fêst dat Peter dus dochs krekt as alle oare manlju is. Se hjit him om op te sokkebaljen en nea wer kontakt mei har op te nimmen. Peter respektearret har winsken om't er ynsjocht dat er it sels by har ferbruid hat.

Ear't er weromfljocht nei syn wenplak Los Angeles, giet Peter noch in kear by de bar del dêr't Rachel him mei nei ta nommen hat, dy earste jûns dat se tegearre útgiene. Dêr hellet er har topless foto út it manljushúske. Keoki, de bareigner, komt him tenei, mar Peter seit tsjin him dat er him safolle slaan kin as er wol, mar dat er de foto fan Rachel net weromkriget. Letter mankepoatet in bliedende en hielendal yninoar sleine Peter de hotellobby binnen, rint nei Rachel by de resepsje ta en leit sûnder wat te sizzen de foto op 'e baalje foar har del.

Wer thús stoart Peter him, nei himsels in skoftke oerjûn te hawwen oan selsbegrutsjen en selshate, op it ôfmeitsjen fan syn Dracula-musical. Rachel har sizzen dat it dúdlik in komeedzje is, brûkt er dêrby as rjochtsnoer. It wurdt in komyske rockopera mei tragyske djipgong oer it bestean as fampier: greve Dracula deadet nammentlik hieltyd dejingen dy't er leafhat, wylst er sels net stjerre kin. Peter lit stôkmarionetten meitsje foar alle rollen. Hy stjoert Rachel in folder ta wêryn't de premiêre fan 'e musical oankundige wurdt, dy't er de titel A Taste for Love ("In Smaak foar Leafde") jûn hat. Hoewol't se earst wifelet, beslút Rachel, nei't har freonen har dêrta oanfitere hawwe, om dochs nei Los Angeles te reizgjen foar de premiêre. De musical is in grut súkses. Nei de foarstelling lokwinsket Rachel Peter dêrmei en prate se ôf dat se inoar letter ris in kear treffe sille. Peter lûkt him werom yn syn klaaikeamer; nei't er him útklaaid mar noch net wer oanklaaid hat, beslút er ynstee Rachel te skiljen. Sy hat har ûnderwilens ek betocht, en as se de klaaikeamer binnen rint om him te fertellen dat se him mist, treft se him dêr, ta har hilariteit, poerlike neaken oan, krekt sa't er wie doe't Sarah him dumpte. Se omearmje inoar en begjinne te tútsjen.

Jason Segel.
Mila Kunis.
Kristen Bell.

Healwei de ôftiteling folget in sabeare promoasjefilmke foar in nije tillefyzjesearje mei Sarah Marshall yn 'e haadrol. It is Animal Instincts, in plysjesearje wêryn't se in resjersjeur spilet dy't paranormaal bejeftige is en de gedachten fan bisten lêze kin.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje                              akteur/aktrise
Peter Bretter Jason Segel
Rachel Jansen Mila Kunis
Sarah Marshall Kristen Bell


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Aldous Snow Russell Brand
Matthew Van der Wyk Jonah Hill
Brian Bretter Bill Hader
Darald Braden Jack McBrayer
Chuck / Kunu Paul Rudd
Kimo Teila Tuli
Dwayne Da'Vone McDonald
Liz Bretter Liz Cackowski
Wyoma Braden Maria Thayer
himsels as akteur yn Crime Scene: Scene of the Crime William Baldwin
himsels as akteur yn Animal Instincts Jason Bateman (cameo)
Keoki Branscombe Richmond
Prana Kristen Wiig (cameo)

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Forgetting Sarah Marshall waard regissearre troch Nicholas Stoller nei in senario fan Jason Segel, dy't ek de haadrol yn 'e film spile. As produsinten wiene Judd Apatow, Shauna Robertson en Rodney Rothman by it projekt belutsen foar de filmstudio Apatow Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Russ T. Alsobrook, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Lyle Workman.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Forgetting Sarah Marshall setten yn april 2007 útein en fûnen plak op lokaasje yn Los Angeles en Hawaï. It Turtle Bay Resort oan 'e noardkust fan Oähû die tsjinst as it hotel-resort yn 'e film. De marionetten yn 'e útfiering fan 'e musical A Taste for Love waarden makke troch Jim Henson's Creature Shop. Regisseur Nicholas Stoller makke bekend dat de topless foto fan Mila Kunis yn 'e film net echt wie, mar in digitaal frabrisearre ferfalsking. Senarioskriuwer en haadrolspiler Jason Segel sei yn in fraachpetear mei The New York Times dat de neakenens fan syn personaazje by it útmeitsjen fan 'e relaasje troch Sarah Marshall autobiografysk is. De dialooch yn Forgetting Sarah Marshall wie foar in grut part (neffens Stoller "30 oant 40%") ymprovisearre.

De sênes yn Hawaï waarden foar it meastepart filme yn it Turtle Bay Resort oan 'e noardkust fan Oähû.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Forgetting Sarah Marshall waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 18 april 2008 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 22 april by platemaatskippijen Verve Forecast en Capitol Records. Forgetting Sarah Marshall waard op 30 septimber 2008 útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Forgetting Sarah Marshall oer it algemien positive resinsjes. Sa skreau Matt Pais yn 'e Chicago Tribune dat it "it soarte film [is] dat je de hiele dei wol sjen kinne, om't, krekt as by in nije flam, je der gjin genôch fan krije kinne". Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times priizge Forgetting Sarah Marshall foar de mominten dat er lûdop laitsje moast en teffens om't it neffens him in nije klassiker wie. Hy skeau dat er de film op syn list fan 'e fyftich bêste komeedzjefilms aller tiden sette soe. Yn 'e San Francisco Chronicle woe Mick LaSalle hawwe dat Forgetting Sarah Marshall "de trochbraakfilm fan Jason Segel" wie.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Forgetting Sarah Marshall in heech goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 185 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei goede grappen by 't folop en skerpe aktearprestaasjes wit [de film] krekt it juste mingsel fan romantyk en fulgêre komeedzje te finen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Forgetting Sarah Marshall in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 37 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Forgetting Sarah Marshall brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $63,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $42,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $105,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in winst fan $75,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Forgetting Sarah Marshall waard nominearre foar de Teen Choice Awards foar bêste romantyske film, bêste aktrise yn in komeedzjefilm (Kristen Bell), bêste trochbraakrol fan in akteur (Jason Segel) en twa kear foar bêste trochbraakrol fan in aktrise (Kristen Bell en Mila Kunis).

Spin-off-film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2010 kaam de film Get Him to the Greek út, dat in spin-off fan Forgetting Sarah Marshall is. De film waard makke troch regisseur Nicholas Stoller en filmprodusint Judd Apatow. De haadrollen waarden fertolke troch Russell Brand, dy't fannijs yn 'e hûd fan rockmuzikant Aldous Snow kroep, en Jonah Hill as in nij personaazje. Kristen Bell hat yn Get Him to the Greek in cameo as Sarah Marshall, yn in promoasjefilmke foar 'e nije dramasearje Blind Medicine ("Bline Genêskunde"), wêryn't Marshall de rol fan in fisueel beheinde sjirurch spilet.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.