Springe nei ynhâld

Rûzje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rúzje)
Dizze side giet oer it ynterpersoanlike konflikt. Foar it kosmetikaprodukt, sjoch: rûzje (make-up).

Rûzje (regionaal ek wol útsprutsen as rúzje) is in heech oprinnend ferskil fan miening, dat mank gean kin mei redendielen mei útset lûd, lulkens, swartmeitsjen, skellen, flokken, yntimidearjend hâlden en dragen, bedrigings of sels fysyk geweld. Rûzje kin útrinne op slaanderij. It wurd 'rûzje' komt etymologysk fan 'rûs' (lawaai). Der binne in protte synonimen foar it begryp 'rûzje'; it Frysk Hânwurdboek neamt de folgjenden: batalje, deilisskip, drokte, duveldei, fjochteraasje, friksje, gedonder, heibel, hui, keet, kibberaasje, kibberij, kreauwerij, krewel, kribbekeurichheid, kwestje, lijen, mieningsferskil, mot, oarloch, pleit, skeel, skoarting, spul, strideraasje, striderij, trammelant, tsierderij, ûnfrede, ûngemak, ûnienichheid, ûnnocht, wriuwing[1] en wurden.[2] In bekende en faak foarkommende foarm fan rûzje is buorrelêst, tusken buorlju.

Rûzje is in ferskynsel dat troch û.o. de sosjology en de psychology bestudearre wurdt. It kin gean om in konflikt foar koarte doer, as lju gewoan eefkes derút smite moatte wat harren dwers sit, mar it kin ek útrinne op in skeel dat jierrenlang trochetteret. De oanlieding foar in rûzje kin foar bûtensteanders soms minimaal lykje, en yn ekstreme gefallen sels foar de belutsenen ûnbekend wêze. As sokke konflikten út 'e hân rinne, moat yn rûzjes soms bemiddele wurde troch in neutrale trêde partij, lykas in mediator, psycholooch, sosjaal wurker of predikant (of oar religieus lieder). As dat net helpt kin de saak foar de rjochter brocht wurde, waans útspraak binend wurdt as der gjin heger berop mear mooglik is.

It begryp 'rûzje' wurdt yn it deistich spraakgebrûk ek wol yn oerdrachtlike sin brûkt foar organisaasjes, lykas oerheidsynstânsjes, bedriuwen of belangeferienings, dy't mei-inoar in heech oprinnend ferskil fan miening oer it ien of oar hawwe.

Yn 'e natoer liket in protte rûzje foar te kommen: bisten dy't fierders freonlik mei-inoar omgeane of inoar negearje, kinne fûleindich mei-inoar tsiere om iten of territoarium. Dêrby giet it lykwols om konkurrinsje om te oerlibjen, of by bisten dy't yn groepen libje, om in rangoarder binnen de groep fêst te stellen. Sokke 'rûzje' hat dêrmei in praktysk doel, wylst rûzje tusken minsken yn ferliking dêrmei oer it algemien mar om triviale dingen giet dêr't bisten harren nea drok om meitsje soene.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1685.
  2. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 2332.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.