Exodus (bibelboek)
Eksodus | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | שמות ("Šemot") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje, proaza | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 586 – 538 f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Genesis | |
● folgjend diel | Leviticus | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Exodus | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Exodus (in Latynske namme dy't ûntliend is oan it Grykske Ἔξοδος, Exodhos, dat "Uttocht" betsjut), yn it oarspronklike Hebriuwsk: שמות, Šemot ("Nammen"), is it twadde boek yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach falt it ûnder de Torah (de "Leare" of "Wet"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de Wet. Exodus beskriuwt hoe't de Israeliten harren slavernij yn Egypte efter har litte om werom te gean nei it Unthjitten Lân Kanaän. Syn teologyske belang ûntlient Exodus fierhinne oan it feit dat de essinsje fan 'e joadske wet deryn beskreaun stiet: de Tsien Geboaden. De tradysje wol hawwe dat de profeet Mozes de skriuwer fan it boek is, mar neffens moderne bibelwittenskippers en teologen is it skreaun troch in anonime auteur, dy't it nei alle gedachten ûnder de Babyloanyske Ballingskip, yn 'e sechsde iuw f.Kr., optekene. De earste folsleine Fryske oersetting fan Exodus stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Exodus wurdt ferhelle hoe't de Israeliten (oftewol de Joaden), de ôfstammelingen fan 'e aartsfaars, dy't fanwegen hongersneed yn eigen lân nei Egypte útwykt wiene (sa't beskreaun stiet yn Genesis), dêre stadichoan fierder beneare reitsje en úteinlik frijwol ta slavernij ferfalle. Nei't se goed fjouwerhûndert jier yn Egypte ferkeard hawwe, stjoert God harren in profeet, Mozes, dy't harren weromliede moat nei it Unthjitten Lân fan Kanaän. De farao wegeret lykwols en lit harren gean, en dêrom lit God tsien pleagen oer de Egyptners komme, eltse noch slimmer as de foarrige, oant de farao op 't langelêst de Israeliten tastiet ôf te setten.
Dêrop stekke hja troch in wûnder de Reidsee oer en trochkruse hja de Sinaï-woastyn, wêrby't se dwêstge en fet wurde troch nije godswûnders. Op 'e berch Sinaï ferskynt God oan Mozes en jout him de Tsien Geboaden as kearn fan 'e wet. Mar wylst Mozes op 'e berch wie, hawwe de Israeliten, wurch fan it wachtsjen, op eigen manneboet in keal fan goud getten dat se as in god ferearje. As Mozes wer ûnder komt, rekket er alhiel breinroer; hy ferrinnewearret it goudene keal en hâldt rjochtdei oer it folk. Dêrnei stelt er de wet yn en lit er de Arke fan it Ferbûn meitsje en de tabernakel (in soarte fan timpeltinte) om 'e Arke yn te bewarjen.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste Fryske oersettings út Exodus betroffen fragmintaryske passaazjes yn Midsiuwske Aldfryske rjochtsteksten, de âldste út 'e trettjinde iuw (benammentlik fan Exodus 20:1-17, de Tsien Geboaden). Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. oersettingsfragminten fan eigen hân fan Exodus 20:1-17, 25:10-22, 33:18-23 en 34:5-10 út. De earste folsleine útjefte fan Exodus stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Exodus waard dêrby dien troch dû. F.D. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch sawol Ulbe van Houten as Hendrik Twerda.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |