Dominion Nijfûnlân
Dominion Nijfûnlân Dominion of Newfoundland | |
---|---|
1907 – 1949 | |
flagge | wapen |
Latyn: Quaerite Prime Regnum Dei ("Sykje Jo Earst it Keninkryk Gods") | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | St. John's |
offisjele taal | Ingelsk |
steatsfoarm | konstitúsjonele monargy: ● autonoom dominion fan it Britske Ryk (1907-1934) ● ôfhinklik gebiet fan it Feriene Ken. (1907-1934) |
ûntstien út | Nijfûnlânkoloanje |
opgien yn | Kanada |
no diel fan | Kanada ● Nijfûnlân en Labr. |
sifers | |
ynwennertal | 263.033 (1911) 361.416 (1935) |
befolkingstichtens | 0,6 / km² (1911) 0,9 / km² (1935) |
oerflak | 405.212 km² (ynkl. wetter) 373.872 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Nijfûnlânske dollar |
It Dominion Nijfûnlân (Ingelsk: Dominion of Newfoundland) wie fan 1907 oant 1934 in selsbestjoerend part fan it Britske Ryk, dat bestie út it eilân Nijfûnlân, foar de eastkust fan Kanada, mei dêropta de regio Labrador op it fêstelân fan Noard-Amearika. Foartiid foarme it gebiet de Nijfûnlânkoloanje, in Britske koloanje, dy't fan 1855 ôf in beheinde foarm fan selsbestjoer genoat. As dominion hie Nijfûnlân binnen it Britske Ryk in status dy't gelyk wie oan dy fan Kanada, Súd-Afrika, Austraalje en Nij-Seelân. Nei't yn it gebiet yn 1932 in skuldekrisis ûntstien wie, waard Nijfûnlân yn 1934 it iennichste dominion dat frijwillich ôfstân die fan syn selsbestjoer sadat it Britske regear regaad meitsje koe. Hoewol't it gebiet yn namme syn dominionstatus behold, stie it fan 1934 oant 1949 ûnder direkt bestjoer fan it regear yn it fiere Londen. By twa referinda efterinoar yn 1948 waard ûnder nea alhiel opheldere omstannichheden besletten ta oansluting by Kanada. Sadwaande waard Nijfûnlân yn 1949 as provinsje yn dat lân opnommen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Dominion Nijfûnlân hie in oerflak fan 405.212 km², wêrfan't 373.872 km² út lân bestie en 31.340 km² út oerflaktewetter. De regio Labrador, dy't op it fêstelân fan Noard-Amearika grinzge oan 'e Kanadeeske provinsje Kebek, makke dêr 294.330 km² fan út, en it eilân Nijfûnlân mei byhearrende lytsere eilantsjes 111.390 km². Hoewol't Labrador dêrmei mear as twa kear sa grut wie as Nijfûnlân, wennen mear as njoggen fan 'e tsien ynwenners fan it dominion op it eilân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1854 besleat it regear fan it Feriene Keninkryk dat de Nijfûnlânkoloanje in beheinde foarm fan yntern selsbestjoer krije moast. Dat krige yn 1855 syn beslach, doe't der foar it earst ferkiezings holden waarden en der in earste eigen regear oansteld waard ûnder premier Philip Francis Little. Yn 1869 wiisde Nijfûnlân it lidmaatskip fan 'e yn 1867 oprjochte Kanadeeske Konfederaasje ôf. Yn 1892 slagge it de Kanadeeske premier sir John Thompson op in hier nei om troch ûnderhannelings it opgean fan 'e Nijfûnlânkoloanje yn 'e konfederaasje te beävensearjen. Sa bleau Nijfûnlân in koloanje, oant op 'e Rykskonferinsje fan 1907 besletten waard om alle oanwêzige Britske koloanjes om te foarmjen ta dominions, dat winliken ûnôfhinklike steatsjes binnen it Britske Ryk wiene.
De status fan dominion waard dêrby taparte oan Kanada en Austraalje, wylst oerienkommen waard dat in trêde dominion yn 1910 gearstald wurde soe troch it ferranen fan 'e Kaapkoloanje, de Koloanje Natal, de Transfaalkoloanje en de Oranjerivierkoloanje ta de Uny fan Súd-Afrika. Fierders waard de status fan dominion op 26 septimber 1907 by keninklike proklamaasje ek skonken oan Nijfûnlân en Nij-Seelân. Dy status waard neitiid bekrêftige troch de Balfourferklearring fan 1926 en it Statút fan Westminster fan 1931.
Under de Earste Wrâldoarloch rjochte Nijfûnlân syn eigen legerke fan likernôch 1.100 man op, it Keninklik Nijfûnlânsk Rezjimint. Dat focht fan septimber 1915 oant de ein fan dat jier yn 'e Gallipoli-kampanje op it Gallipoli-skiereilân by de Dardanellen. Op 1 july 1916 waard it op 'e earste dei fan 'e Slach oan 'e Somme, oan it Westfront yn noardlik Frankryk hast hielendal útrûge, mei ferliezen dy't oprûnen oant 90% fan 'e manskippen. Mei nije rekruten focht it rezjimint fierder, en dat die it mei sa'n moed en kriich, dat it it predikaat keninklik fertsjinne.
Nei de oarloch soarge dizze ynset fan Nijfûnlânske troepen foar in oprinnende skuldelêst foar Nijfûnlân, fanwegen de lienings dy't ôfsletten wiene om it rezjimint ta te rissen, en de ferplichting ta it beteljen fan pinsjoenen en arbeidsûngeskiktheidsútkearings oan feteranen. Nijfûnlân wie yn 1919 mei in eigen delegaasje fertsjintwurdige op 'e Fredeskonferingsje fan Parys, mar oars as de oare fjouwer Britske dominions ûndertekene it it resultearjende Ferdrach fan Versailles net, en likemin besocht it om lid te wurden fan it Folkebûn.
Nijfûnlân fierde mar stadichoan alle dingen yn dêr't it troch de status fan dominion rjocht op hie. Pas yn 1921 rôp it formeel de posysje fan hege kommissaris fan it Feriene Keninkryk yn it libben, hoewol't sir Edgar Rennie Bowring de facto al yn 1918 yn dy posysje beneamd wie. En pas yn 1931 waard der in eigen ministearje fan Bûtenlânske Saken oprjochte. Yn 1927 waard troch it Britske Justisjeel Komitee fan 'e Kroanried it slepende grinskonflikt besljochte dat Kanada en Nijfûnlân oer Labrador hiene. Dat barde nei folle tefredenens fan Nijfûnlân en yn 't bysûnder tsjin 'e winsken fan 'e provinsje Kebek, dat Labrador as in diel fan it eigen oerflak beskôge. (Kebek fersmiet de útspraak fan 'e Kroanried en ek tsjintwurdich noch is op lânkaarten dy't troch de provinsjale oerheid útjûn wurde de grins mei Labrador oars oanjûn as de grinzen mei Ontario en Nij-Breunswyk.)
Yn 'e 1920-er jierren boaze de politike sitewaasje yn Nijfûnlân oan troch ferskate politike skandalen efterinoar. Yn 1923 waard premier sir Richard Squires op befel fan syn eigen minister fan Binnenlânske Saken arrestearre foar korrupsje. Hoewol't er rillegau op boarchtocht frij kaam, waard der troch it Britske regear in ûndersyk nei de kwestje ynsteld. Net lang dêrnei foel it regear fan Squires. Yn 1928 wist er lykwols op 'e nij oan 'e macht te kommen om't syn opfolgers Walter Stanley Monroe en Frederick C. Alderdice harsels by de Nijfûnlânske befolking noch ympopulêrder makke hiene as hy. Koarte tiid letter briek de Grutte Depresje út, dy't Nijfûnlân swier rekke, om't de ekonomy suver folslein ôfhinklik wie fan 'e eksport fan fisk, papier en mineralen..
De Grutte Depresje makke de sitewaasje fan 'e Nijfûnlânske oerheidsfinânsjes ûnhâldber. Dy swierrichheden datearren foar in diel noch út 'e 1890-er jierren, doe't it doetiidske regear fan 'e koloanje himsels djip yn 'e skulden stutsen hie om in spoarline oer it eilân Nijfûnlân oan te lizzen. Letter kamen dêr de kosten fan 'e oarlochsynset yn 'e Earste Wrâldoarloch en de útkearings oan feteranen noch by. Doe't der yn 'e Krisisjierren gjin jild mear ynkaam, drige Nijfûnlân bankrot te gean. Op 5 april 1932 teach in demonstraasje fan 10.000 lulke Nijfûnlanners nei it Colonial Building, de sit fan it Nijfûnlânske parlemint; de sfear wie sa grimmitich dat premier Squires fia de efterdoar útnaaide. Letter dat jier ferlear er de ferkiezings.
De nije premier, Alderdice, warskôge yn novimber 1932 it Britske regear dat it net lang mear duorje soe ear't it dominion fallyt gie. De Britten rôpen halje-trawalje de Nijfûnlânske Keninklike Kommisje yn it libben, dy't de finansjele stân fan saken fan it gebiet ûndersykje moast. Yn it rapport fan 'e kommisje, dat yn oktober 1933 ferskynde, waard oanret om tydlik it selsbestjoer ôf te skaffen, sadat it Britske regear eigenhandich regaad meitsje koe. It Nijfûnlânsk parlemint akseptearre dat advys en tsjinne by de kening in petysje yn, wêryn't fersocht waard om it opskoarjen fan 'e grûnwet en de oanstelling fan in kommisje dy't it bestjoer oernimme koe oant de problemen oplost wiene en Nijfûnlân syn selsbestjoer weromkrije koe. It Britske Parlemint naam om dat te regeljen de Nijfûnlânwet 1933 oan. Sa waard Nijfûnlân op 16 febrewaris 1934 it iennichste Britske dominion dat ea syn selsbestjoer frijwillich opjoech. Der kaam in ein oan 79 jier fan autonomy; it gebiet foel fan doe ôf ûnder de Britske minister fan Koloanjes, dy't in kommisje fan trije Britten en trije Nijfûnlanners oanstelde, mei de gûverneur as foarsitter, om it deistich regear út te fieren.
Hoewol't it de bedoeling wie dat Nijfûnlân meitiid syn selsbestjoer weromkrije soe, barde dat nea. It wie fan 1934 oant 1949 inkeld yn namme noch dominion. De reden dêrfoar wie dat de finansjele swierrichheden oanholden: de Grutte Depresje duorre oant it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch. Fanwegen de strategyske lizzing fan Nijfûnlân en Labrador waarden der doe in protte militêre bases oanlein. Dat soarge einlings en te'n lêsten foar it flotlûken fan 'e ekonomy, mar ûnder de oarloch hie men wol oare soargen oan 'e holle as om Nijfûnlân wer selsbestjoerend te meitsjen. Nei de oarloch waard Nijfûnlân, mei in befolking fan 318.000 minsken, troch it Britske regear te lyts achte om selsstannich fierder te gean. Hoewol't der yn it gebiet sels wol deeglik stimmen opgiene om wer selsbestjoerend te wurden, hiene de Britske en Kanadeeske regearings al besletten dat Nijfûnlân by Kanada foege wurde moast.
Op 3 juny 1948 waard der yn 'e koloanje in referindum holden wêrby't men kieze koe út it behâld fan 'e status quo, fiergeand selsbestjoer of oansluting by Kanada, dy't resp. 14,3%, 44,5% en 41,1% fan 'e stimmen krigen. Mei't net ien fan 'e mooglikheden in abslute mearderheid behelle hie, waard der op 22 july nochris stimd, wêrby't men diskear kieze koe út selsbestjoer en oansluting by Kanada. De offisjele útkomst wie: 52,3% foar oansluting by Kanada, en 47,7% foar selsbestjoer. Sadwaande sleat Nijfûnlân him op 31 maart 1949 as de tsiende provinsje oan by Kanada. Lykwols hat it der wol fan dat der eins in mearderheid wie foar selsbestjoer, mar dat de útkomst fan 'e folksriedplachting, wêrby't gjin inkel ûnôfhinklik tafersjoch oanwêzich wie, "byholpen" waard troch de Britske gûverneur, dy't fuort neitiid alle stimbiljetten ferbrâne liet.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de folkstelling fan 1911 hie it Dominion Nijfûnlân doe 263.033 ynwenners. De befolkingstichtens bedroech dêrmei 0,6 minsken de km². Yn 1935 wie de befolking oanwoeksen ta 361.416 minsken, wêrmei't de befolkingstichtens útkaam op 0,9 persoanen de km².
It grutste part fan 'e ynwenners fan it eilân Nijfûnlân wie fan Ingelsk, Iersk of Skotsk komôf en foarme de befolkingsgroep fan 'e Angelsaksyske Nijfûnlanners. Der wie ek in Frânsktalige minderheid, de Frânsk-Nijfûnlanners. De lânseigen befolking wie tsjin 'e tiid fan it Dominion al fierhinne útstoarn: fan 'e oarspronklike Beotûk-Yndianen stoar de lêste folbloed-persoan yn 1829 en de lêst bekende healbloed yn 1919. Wol wenne der noch in lytse groep Mikmak-Yndianen op Nijfûnlân, mar dy hiene har dêr pas nei de kolonisaasje troch de Ingelsen (út Nij-Skotlân wei) nei wenjen setten.
Yn 'e regio Labrador foarmen de lânseigen groepen wol de mearderheid fan 'e befolking. Dêrby gie it om Inûyt, Yndianen fan 'e stammen fan 'e Montanjezen (of Innu) en de Naskapy, en guon Mety fan mingd komôf. De "lânseigen" blanken yn dy krite wie in apart slach folk dat de Livyers neamd waard, in wurd dat ôflaat is fan it Ingelske tiidwurd to live ("wenje"), en dus min ofte mear "bewenners" betsjut.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side. |