Canto Bight

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Cantonica)
Dubrovnik, yn Kroaasje, giet yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi troch foar Canto Bight.

Canto Bight (Ingelske útspr.: [ˈkæntoʊ ˈbai̭t], likernôch: "ken-too baait") is in fiktive delsetting út 'e Star Wars-franchise. It is in kasino-resort foar de superriken op 'e planeet Cantonica, dy't hast hielendal út woastyn bestiet. Canto Bight leit lykwols oan 'e kust fan 'e See fan Cantonica, de grutste keunstmjittige oseaan fan it Stjerrestelsel. De besikers fan Canto Bight foarmje in mingsel fan toeristen en profesjonele gokkers, mei dêropta oplichters en dieven dy't fan 'e kasino's en de kliïntêle dêrfan profitearje wolle. Behalven de kasino's biedt Canto Bight foar de besikers ek farren yn lúkse jachten op 'e See fan Cantonica en de races mei fathiers, oer de útkomst wêrfan't weddenskippen ôfsletten wurde kinne.

Yn 'e Skywalker Saga wurdt Canto Bight yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi. Dêryn binne de âld-stoarmtroeper Finn, de monteur Rose Tico en de robot BB-8 op in misje om 'e float fan it Ferset te rêden. Se reizgje nei Canto Bight op 'e siik nei in har oanrikkemandearre master-koadebrekker, waans tsjinsten se ferlet fan hawwe en dy't dêr yn ien fan 'e kasino's oan it gokken wêze soe. Finn wurdt ferbline troch alle pracht en preal, mar Rose wiist derop dat ûnder dat oerflak aaklike dingen beskûl geane, lykas bistemishanneling, berne-arbeid en it caterjen foar oarlochsprofiteurs. Se neamt Canto Bight "in ferskriklik plak, dat fol sit mei de minste lju út it Stjerrestelsel." De master-koadebrekker fine Finn en Rose net, mei't se al rillegau troch de pleatslike plysje oppakt wurde foar foutparkearjen. Se bedarje yn 'e sel, dêr't se yn 'e kunde komme mei in oare arrestant, de hacker DJ. Dyselde brekt harren út 'e sel en biedt oan om harren koadebrekker te wêzen. Finn en Rose stegerje dat oanbod earst ôf, mar se betinke har as se letter fannijs troch de plysje yn it nau dreaun binne en rêden wurde troch DJ en BB-8.

Rian Johnson, de regisseur fan The Last Jedi, sei yn in fraachpetear dat er Canto Bight foarmjûn hie nei it foarbyld fan 'e kasinostêd Monte Carlo, yn Monako, en yn mindere mjitte ek nei it foarbyld fan Las Vegas. De opnamen fan bûtendoarsênes yn it nachtlike Canto Bight waarden eins dien yn Dubrovnik, in Kroätyske havenstêd oan 'e kust fan 'e Adriatyske See.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin