Springe nei ynhâld

Amarillo (Teksas)

Ut Wikipedy
Amarillo
Emblemen
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Teksas
County Potter County
Randall County
Sifers
Ynwennertal 200.393 (2020)
Oerflak 269 km² (ynkl. wetter)
264,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 756,5 / km²
Stêdekloft 269.703 (2020)
Hichte 1.116 m
Oar
Stifting 1887
Tiidsône UTC –6
Simmertiid UTC –5
Koördinaten 35°11′57″N 101°50′43″W
Offisjele webside
www.amarillo.gov
Kaart
Lizzing fan Amarillo yn Teksas.

Amarillo (útspr.: [ˌæməˈɹɪloʊ], likernôch: "ê-muh-ril-loo") is in stêd yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Teksas, dy't ta de regio fan 'e Teksaanske Panhandle heart. Amarillo is it haadplak fan Potter County. De namme fan it plak is Spaansk foar "giel". Amarillo is de grutste stêd yn 'e Teksaanske Panhandle en hat as sadanich in sintrumfunksje foar de omlizzende krite. De stêd neamt himsels de "Heliumhaadstêd fan 'e Wrâld", om't der sa'n protte helium wûn wurdt. Amarillo stiet ek bekend as de "Yellow Rose of Texas" (de "Giele Roas fan Teksas"). Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2020 hie Amarillo doe 200.000 ynwenners. As stêdekloft, mei alle foarstêden meirekkene, kaam de befolking op 270.000 minsken.

'Amarillo' is it Spaanske wurd foar de kleur giel. De stêd is nei alle gedachten ferneamd nei de giele blommen dy't groeie oan 'e iggen fan 'e deunby leine Amarillomar en Amarillo Creek. Dy oerflaktewetters binne sels wer ferneamd nei de gielige ierde fan 'e iggen.

De binnenstêd fan Amarillo.

Amarillo leit yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Teksas, yn 'e regio dy't de Panhandle fan Teksas neamd wurdt. Dat betsjut it "Pannehânsel" en ferwiist nei de smelle geografyske foarm fan 'e krite, dy't ynklamme leit tusken it grûngebiet fan 'e buorsteaten Oklahoma (yn it easten en noarden) en Nij-Meksiko (yn it westen). De stêd leit op 'e Llano Estacado, in plato dat it grutste part fan noardwestlik Teksas omfettet, en dat it súdwestlikste diel is fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. It is in tige lanlik en flak gebiet, en Amarillo wurdt omjûn troch tichtbegroeide prêrje. Binnen Teksas leit Amarillo in hiel ein út 'e reek. Feitliks leit it tichter by Oklahoma City, Santa Fe en Denver, de haadstêden fan Oklahoma, Nij-Meksiko, resp. Colorado, as by Austin, de haadstêd fan Teksas.

Neffens gegevens fan it Amerikaanske Folkstellingsburo beslacht Amarillo in oerflak fan 269 km², wêrfan 264,9 km² lân en 4,1 km² oerflaktewetter. De stêd beslacht dielen fan twa countys, Potter County en Randall County, mar it is it haadplak fan Potter County. De rivier de Canadian streamt 32 km benoarden Amarillo en foarmet de noardgrins fan 'e Llano Estacado. De rivier is ôfdamme, en de Meredithmar, de resultearjende opslachmar, foarsjocht Amarillo en omkriten fan drinkwetter. Deunby Amarillo leit ek it Panhandle Field, in 81.000 ha mjittend ierdoalje- en ierdgasfjild. Op in ôfstân fan 40 km besuden Amarillo leit de Palo Duro Canyon, in djippe kleau.

Yn april 1887 keazen grûnspekulant J.I. Berry en syn sakepartners út Colorado City (Teksas) in plak mei in wetterfoarrie út oan it trasee fan 'e spoarwei Fort Worth and Denver City Railroad om in nij plak oan te lizzen, dat se 'Oneida' neamden. Oneida feroare al rillegau fan namme yn Amarillo, dat oarspronklik op syn Spaansk útsprutsen waard as [aːmaˈriʝo] (likernôch: "ah-ma-ry-joo"). Meitiid waard de útspraak lykwols ferbastere ta [ˌæməˈɹɪloʊ] (likernôch: "ê-muh-ril-loo"). Op 30 augustus 1887 waard it plak fan Berry-en-dy útornearre om it haadplak fan it nije Potter County te wurden. Troch it spoarstasjon groeide Amarillo al rillegau út ta de lokaasje fan in wichtige feemerk, dêr't de ranchers harren kij ferkochten oan slachthuzen yn Chicago en oare stêden yn it easten, wêrnei't de bisten yn feewagons laad waarden om dêrhinne oerbrocht te wurden.

Amarillo yn maaie 1889, trije wiken nei de stifting.

Yn 1888 setten Henry B. Sanborn, dy't lokaal bekend stiet as de "Heit fan Amarillo", en syn sakepartner Joseph Glidden útein mei it opkeapjen fan grûn eastlik fan Amarillo. Sanborn woe hawwe dat Berry it plak fan 'e stêd min útsocht hie en dat it der by swiere rein ûnder strûpe soe. Hy bea oan om perselen te ruiljen fan ûndernimmings yn it 'âlde' Amarillo fan Berry mei guons yn syn eigen nije stêd, en teffens woed er in fergoeding betelje foar it ferhúzjen nei de nije lokaasje. In protte ûndernimmers giene dêrop yn, en doe't yn 1889 nei swiere rein it âlde Berry yndie splis kaam te stean, waard de hiele stêd in ein nei it easten ta opskood nei Sanborn syn lokaasje. Yn 1893 waard Sanborn syn Amarillo ek oanwiids as it haadplak fan Potter County.

Tsjin 'e 1890-er jierren wie Amarillo ien fan 'e wichtichste plakken foar feetransport yn 'e hiele Feriene Steaten. De befolking woeks dêrtroch sterk yn oantal oan. Yn 'e 1910-er jierren, doe't de bou fan nôt yn 'e Teksaanske Panhandle tanaam, waard Amarillo ek in sintrum foar nôtopslach en ferwurking (fan guon soarten nôt) ta feefoer. Yn 1918 waard deunby de stêd ierdgas ûntdutsen en yn 1921 ek ierdoalje. It Cliffside Gasfjild hie in heech oandiel helium, en yn 1927 waard it dêrom opkocht troch de Amerikaanske federale oerheid, dy't yn 1929 yn Amarillo in heliumfabryk yn gebrûk naam. In stikmannich jierren lang wie dat fabryk de iennichste produsint fan helium yn 'e wrâld. Yn deselde snuorje groeide Amarillo út ta in krúspunt fan spoarlinen doe't de Atchison, Topeka and Santa Fe Railway en de Chicago, Rock Island and Pacific Railroad der ek nei ta oanlein waarden.

Yn 'e 1930-er jierren waard Amarillo, krekt as de rest fan 'e Teksaanske Panhandle, swier troffen troch de saneamde Dust Bowl. Dat wie in perioade fan oanhâldende grutte stofstoarmen yn dielen fan 'e Grutte Flakten, feroarsake trochdat boeren de lânseigen prêrjebegroeiïng ferfongen troch folle minder djipwoartele eksoatyske planten (ntl. nôt), dy't de moude net fêsthâlde koene. Withoefolle boeren koene harren lân sadwaande net mear bebuorkje en sochten har heil earnewêr oars, ornaris yn 'e grutte stêden. Yn deselde tiid waarden U.S. Routes 60, 87, 287 en 66 oanlein, dy't inoar by Amarillo krústen. De stêd waard dêrtroch in wichtich halteplak foar lju dy't yn 'e auto troch it lân reizgen, wat late ta it ûntstean fan gâns motels, restaurants en sûvenirwinkels.

Amarillo yn maart 1943.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard by Amarillo it Legerfleanfjild Amarillo oprjochte, en teffens de Pantex Army Ordnance Plant, in fabryk dêr't bommen en munysje produsearre waarden. Oan 'e ein fan 'e oarloch giene beide fasiliteiten lykwols ticht. Yn 1950 waard Pantex weriepene. It fabryk produsearre de hiele Kâlde Oarloch troch nukleêre wapens (en wie anno 2024 noch yn bedriuw). Yn 1951 waard ek it fleanfjild weriepene as de Loftmachtbasis Amarillo, dy't oant 1 jannewaris 1969 bestie.

Op 15 maaie 1949 waard Amarillo troffen troch de Tornado fan Amarillo, in F4-tornado, dy't de helte fan 'e stêd mei de grûn lyk makke en oan sân minsken it libben koste. Yn maaie 1982 trof in F3-tornado de westlike foarstêden fan Amarillo en ferwoastge parten fan Dawn en Bushland. Diskear foelen der gjin deaden.

Amarillo wurdt beskôge as it ekonomysk sintrum fan 'e Teksaanske Panhandle, en teffens foar eastlik Nij-Meksiko (yn it westen) en de Panhandle fan Oklahoma (yn it noarden). De fleisferwurkjende yndustry is ien fan 'e wichtichste ekonomyske sektors foar de wurkgelegenheid yn Amarillo, dêr't likernôch in fjirdepart fan alle fleis fan Teksas wei komt. Op it mêd fan 'e lânbou wurdt om Amarillo hinne ek dien oan 'e bou fan stynske weet, weet, katoen, sorgum en sojabeane. Ek de ierdoaljeyndustry is in wichtige pylder fan 'e ekonomy fan Amarillo en omkriten. De produksje fan helium is yn wichtigens belune sûnt de Amerikaanske federale oerheid ein 1990-er jierren syn bemuoienis dêrmei staakte.

De FirstBank Southwest Tower, dy't in hichte hat fan 114 m, dominearret de skyline fan Amarillo.

De grutste wurkjouwer fan 'e stêd wie yn 2005 Tyson Foods, in bedriuw út 'e fleisferwurkjende yndustry, mei 3.700 wurknimmers. Dêrnei folgen it Amarillo Independent School District, in koepelorganisaasje fan skoallen út it basisûnderwiis en middelber ûnderwiis, en de Pantex Army Ordnance Plant, in fabryk dat nukleêre wapens produsearret.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2020 hie Amarillo yn doe in befolking fan 200.393 minsken. De befolkingstichtens bedroech 756,5 minsken de km². As stêdekloft, mei alle foarstêden meirekkene, hie Amarillo yn 2020 269.703 ynwenners. Dat jiers wie fan 'e befolking fan Amarillo 13,8% âlder as 65 jier en 26,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 7,9% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 15,4% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2020 sa: 51,9% blanken; 32,6% Latino's; 6,9% swarten; 4,1% Aziaten; 0,5% Yndianen; 4,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.

It Globe-News Center for the Performing Arts, de nije skouboarch fan Amarillo, waard iepene yn 2006.

Amarillo makket diel út fan 'e Amerikaanske Bibelgurdle en hie yn 2013 mear as 200 tsjerkegebouwen. Yn 2021 neamde 77,8% fan 'e ynwenners himsels religieus, en 74,5% neamde himsels kristlik. Fan it kristlike befolkingsdiel wiene de baptisten mei 40,2% de grutste denominaasje. Dêrnei kamen, yn folchoarder fan ôfnimmende grutte: de presbyterianen, mormoanen, episkopalen en lutheranen. Fan 'e oare godstsjinsten wie de islaam yn Amarillo it grutste, mei 2,1% fan 'e befolking. De joaden makken 0,1% fan 'e befolking út. Oanhingers fan Yndyske religyen, lykas it hindoeïsme en it boedisme, foarmen yn Amarillo 1,1% fan 'e befolking.

Amarillo hat in steppeklimaat, mei hjitte simmers en foar it meastepart mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,8 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 11,1 °C. Winterdeis kinne der lykwols hommelse riten fan ekstreme kjeld wêze as Arktyske lucht noardlik Teksas berikt. Sokke kjeldútbraken wurde pleatslik oantsjut as blue northers ("blauwe noarders", sa't men it yn Nederlân wol oer "súdwesters" hat). Rekôrtemperatueren yn Amarillo wiene 43,9 °C op 26 juny 2011 en –26,7 °C ûnder de Grutte Sniestoarm fan 1899 op 12 febrewaris 1899. Amarillo kriget jiers trochinoar 499 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 44 sm snie. De stêd hat fierders yn trochsneed 3.296,2 oeren sinneskyn yn 't jier. Amarillo leit yn it westen fan Tornado Alley, it diel fan 'e legere 48 steaten dêr't geregeldwei tornado's foarkomme.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.