Klein Maarslag
Appearance
Klein Maarslag is in buorskip yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne) yn de provinsje Grinslân, Nederlân. It lei tusken Warfhuizen en Mensingeweer, en is te berikken oer in lytse dyk fanôf de Abelstokstertil.
Klein Maarslag hat yn it ferline in folweardich doarp west. It lei op in wierde, oan de ûnderrin fan De Hunze, dat no pleatslik de Kromme Raken neamd wurdt. It doarp hie in tsjerke dy't wierskynlik út de 12e iuw datearre. De tsjerke is yn 1811 ôfbrutsen. De plattegrûn fan de tsjerke is op de wierde oanjûn.
It iennige wat oerbleaun is fan it eardere doarp is it âlde tsjerkhôf; fan it hôf rint in Lijkenlaantje nei Groot Maarslag.
It tsjerkhôf
-
Yngong
-
Omtrek fan de eardere tsjerke. In part fan de sarken lizze noch binnen de omtrek.
-
Grêven, rjochts ien út 1609.