Knocked Up (film)
Knocked Up | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Judd Apatow | |
produsint | Judd Apatow Shauna Robertson Clayton Townsend | |
útfierend produsint |
Seth Rogen Evan Goldberg | |
senario | Judd Apatow | |
kamerarezjy | Eric Edwards | |
muzyk | Loudon Wainwright III Joe Henry | |
filmstudio | Apatow Productions | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Katherine Heigl Seth Rogen | |
byrollen | Leslie Mann Paul Rudd Jason Segel Jay Baruchel Jonah Hill Martin Starr | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 1 juny 2007 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske komeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 129 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $25 miljoen | |
opbringst | $219,1 miljoen |
Knocked Up is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2007 ûnder rezjy fan Judd Apatow, mei yn 'e haadrollen Katherine Heigl en Seth Rogen. De titel is in Amerikaansk-Ingelske sprektaalterm en betsjut "Mei Bern Skopt". It ferhaal folget de súksesfolle karriêrefrou Alison en de blowende liddichgonger Ben, dy't nei in onenightstand ûnder ynfloed fan drank ta inoar feroardiele wurde as Alison swier rekket. Knocked Up krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Los Angeles wennet de tsjeppe jonge Alison Scott yn it gastefertrek fan 'e filla fan har suster Debbie en sweager Pete en de bern. Se wurket efter de skermen by de tillefyzjestjoerder E!, mar wurdt troch de bazen fan 'e stjoerder útnûge om it ris as ferslachjouster en presintatrise te besykjen. Dy kâns grypt se mei beide hannen oan, mei't se graach karriêre meitsje wol. Underwilens dielt de út Kanada ôfkomstige liddichgonger Ben Stone in hûs mei in stikmannich maten wylst er libbet fan in skeafergoeding dy't er fan 'e oerheid fan Britsk-Kolumbia krigen hat nei't er as teenager oanriden is troch in frachweintsje fan 'e posterijen. Mei syn maten wurket er oan in webside dy't neakensênes fan bekende aktrises yn films yn kaart bringt, as se teminsten net al blowend omloailakje.
De deis dat Alison promoasje makket ta ferslachjouster en presintatrise giet se mei Debbie nei in nachtklub ta om dat te fieren. Dêr treft se Ben oan 'e bar, mei wa't se yn petear rekket as de barkeeper harren allebeide negearret. As Debbie ûnferwachts nei hûs moat om't ien fan 'e bern útslach krigen hat dat mooglik de wetterpokken wêze kin, bliuwe Alison en Ben tegearre efter. Nei in jûn dat se der net yn spuid hawwe, belânje se tegearre op bêd, dêr't se troch in beskonken misferstân ûnbeskerme seks hawwe. De oare moarns ûntdekke se by it brea-iten al hiel gau dat se absolút neat gemien hawwe. De te grouwe mar joviale Ben, dy't likegoed noch wolris mei Alison op bêd wol, stiet derop om kontaktgegevens út te wikseljen. Alison hat lykwols bot spyt fan 'e dronken onenightstand en wol dy it leafst sa fluch mooglik ferjitte.
Acht wiken letter begjint Alison moarns op it wurk lêst te krijen fan slimme mislikens, oant spuien oan ta. Pas as in kollega har freget oft se soms swier is, falt by har it kwartsje en beseft se ta har kjeltme dat it giet om moarnsmislikens. Nei't ferskate swierenstests, dy't sy en Debbie by de drogisterij helje, posityf (of eins negatyf) útpakke, nimt se kontakt op mei Ben, dy't se mei it nijs nuver oer it mad komt. Syn earste reäksje is dan ek tige ûngefoelich. Alison wurdt troch Debbie en har mem ûnder druk set om in abortus te nimmen, wylst Ben by syn heit te rie giet. Dyselde seit tsjin him dat dit it moaiste is wat him (Ben) oerkomme kinnen hie. Dêr heakket er oan ta dat it in misfetting is dat men jins libben planne kin, om't it altyd ûnferwachtse dingen op jins paad bringt. Mar dat is no krekt it moaie oan it libben. Alison beslút it bern te hâlden en bellet mei in swier moed Ben op, fan wa't se in negative reäksje ferwachtet. Ben ferrast har lykwols troch te sizzen dat er har stypje sil by alles dat se dwaan wol, wêrnei't er de libbenswiisheid opleppellet dy't syn heit him bybrocht hat. Alison is sa opluchte dat der in bân tusken har beiden begjint te groeien.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Ben giet mei Allison nei de gynekolooch, dêr't befêstige wurdt dat Alison acht wiken swier is. Neitiid beslute se om in serieuze relaasje in kâns te jaan. Dat giet op knoffelige wize. Debbie moat net folle fan Ben hawwe, mar Pete fynt him wol in aardige keardel. Ben syn maten meie Alison yn 't earstoan wol lije, al meitsje se har tige ûnnoflik mei harren ûnbetamsume hâlden en dragen. As Debbie oan har jonge dochterkes Charlotte en Sadie op omslachtige manear útleit dat Alison en Ben dingen mei-inoar dogge dy't manlju en froulju eins allinne hearre te dwaan as se troud binne, kriget Ben dêr it ferkearde idee fan en docht er Alison in houliksoansiik mei in leech trouringdoaske, wêrby't er ûnthjit dat er, sadree't er dêr it jild foar hat, de trouring foar har keapje sil dy't se fertsjinnet. Alison fynt it lykwols noch fierstente betiid om oer trouwen te tinken en pakt mear om mei it ferburgen hâlden fan har swierens foar har bazen, om't se bang is ûntslein of alteast yn funksje weromset te wurden.
Nei in aardich wat ûnthjittend begjin fan 'e relaasje ûntsteane der spannings tusken Ben en Alison. Ben en syn maten ûntdekke it bestean fan Mr. Skin, in webside dy't persiis docht wat sy mei harren webside berikke woene, wat foar Ben in rare ôfdijer is. Alison rekket almar mear besoarge en teloarsteld oer Ben syn gebrek oan ferantwurdlikheid en tawijing, en begjint sadwaande te twifeljen oan 'e langetermynsmooglikheden fan harren relaasje. Dêrby spylje de swierrichheden dêr't Debbie en Pete mei ompakke in grutte rol.
Pete wurket as scout foar in talinteburo foar rockbands en moat dêrfoar (nei eigen sizzen) op aparte tiden fuort. Debbie fermoedet dat er har bedraacht mei in oare frou. Se sleept Alison en Ben mei by har ûndersyk en trijeresom folgje se Pete op in jûn nei in wenhûs yn in bûtenwyk, dêr't de foardoar los blykt te wêzen. Debbie is der no wis fan dat se Pete mei in oare frou op bêd trappearje sil, mar it docht bliken dat Pete eins lid is fan in fantasysportklub op it mêd fan honkbal, dêr't er geregeldwei hinne giet. Dêrnjonken, sa bychtet er no op, tsjocht er der ek gauris allinne op út, bygelyks om nei de bioskoop te gean. Debbie fynt dat noch minder, seit se, as dat er har mei in oare frou bedragen hie, in riddenearring dy't Pete út noch yn net begrypt. Debbie wiist Pete de doar, en as Ben letter Pete syn kant yn it konflikt kiest, set Alison him ûnderweis nei in ôfspraak mei de gynekolooch út 'e auto, wat ta de ein fan harren relaasje liedt.
Ben en Pete geane tegearre nei Las Vegas, dêr't se ûnder ynfloed fan paddo's ta it besef komme dat se mis west hawwe en dat se ferantwurdlikheid nimme moatte yn harren relaasjes. Tagelyk sleept Debbie de no sichtber swiere Alison mei nei in nachtklub, mar de útsmiter wegeret harren de wachtrige passearje te litten om't Debbie te âld en Alison swier is. Nei earst yn razernij útbarst te wêzen, beklaget Debbie har yn triennen oer har libben. Se beslút dat se Pete weromhawwe wol en nei syn weromkear út Las Vegas fermoedsoenje se harren. Ben giet nei it jierdeisfeest fan Sadie, de âldste dochter fan Pete en Debbie, dêr't er besiket om syn relaasje mei Alison wer op 'e rails te krijen, mar sy hâldt de boat ôf. Op har wurk hat Alison in moaie ynstruier: har bazen hawwe sa njonkelytsen wol troch dat se yn ferwachting is, mar ûndersyk hat útwiisd dat swiere froulju goed lizze by it publyk fan Alison har show, dat foar it meastepart út froulju bestiet. Se stelle sadwaande foar om har in hiele rige fraachpetearen mei ferneamde froulju hâlde te litten dy't ek swier binne.
Nei in nij petear mei syn heit beslút Ben dat it tiid is om folwoeksen te wurden. Hy siket betelle wurk as webside-ûntwerper, hiert in appartemint en ferhuzet by syn maten wei. Yn syn frije tiid lêst er einlings alle boeken oer swierens dy't er tegearre mei Alison kocht hat, mar dêrnei mar wat omtommelje litten hat. As Alison weeën kriget, binne Pete en Debbie mei de bern krekt in lang wykein fuort. Ta har skrik blykt har gynekolooch ek krekt dan nei in bar mitzvah yn San Francisco te wêzen. Yn panyk skillet se Ben op, dy't har nei it sikehûs bringt en in oare gynekolooch foar har regelet. Dyselde hat net folle geduld mei Alison en foldocht har min, mar nei't Ben de man meinimt de gong op om ûnder fjouwer eagen mei him te praten, giet it better. Wylst se yn 'e weeën leit, biedt Alison oan Ben har ûntskuldigings oan om't se syn tawijing yn twifel lutsen hat.
As Debbie en Pete halje-trawalje yn it sikehûs arrivearje, makket Debbie Ben dúdlik dat er no fierder wol yn 'e wachtkeamer sitten gean kin, om't sy by Alison bliuwt. Ben nimt har mei op 'e gong om ek mei har ûnder fjouwer eagen te praten, wêrby't er har goed it mannewaar opseit en har sels nei de wachtkeamer stjoert. Paradoksaal genôch wint Ben mei dat optreden foar it earst Debbie har respekt. Pete spyt it allinne mar dat er dy konfrontaasje net opnommen hat op syn fideokamera. Ben syn maten arrivearje yn it sikehûs en geane by Pete en Debbie yn 'e wachtkeamer sitten. Lang om let befalt Alison fan in sûne poppe, in famke. Ben makket it nijs oan 'e wachtsjenden bekend en wurdt fan alle kanten lokwinske. Letter, as Alison skjin te'nein yn 'e sliep fallen is, stiet Ben mei syn dochterke op 'e earm by har bêd en fertelt it bern dat it net dragen fan in kondoom de bêste beslissing is dy't er ea nommen hat. Nei't se fan 'e befalling bekommen binne, nimt Ben Alison en harren dochterke mei nei hûs, dat foar harren no net mear it gasteferbliuw fan Pete en Debbie is, mar syn eigen appartemint.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Alison Scott | Katherine Heigl |
Ben Stone | Seth Rogen |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Debbie | Leslie Mann |
Pete | Paul Rudd |
Jason | Jason Segel |
Jay | Jay Baruchel |
Jonah | Jonah Hill |
Martin | Martin Starr |
Charlotte | Iris Apatow |
Sadie | Maude Apatow |
Harris Stone | Harold Ramis |
frou Scott | Joanna Kerns |
Jodi | Charlyne Yi |
Jack | Alan Tudyk |
Jill | Kristen Wiig |
Brent | Bill Hader |
dokter Kuni | Ken Jeong |
dokter Angelo | J.P. Manoux |
dokter Pellagrino | Tim Bagley |
dokter Howard | Loudon Wainwright III |
gynekolooch #5 | B.J. Novak |
gynekolooch #6 | Mo Collins |
ferpleechkundige Samuel | Adam Scott |
útsmiter by nachtklub | Craig Robinson |
klaaister by Alison har tillefyzjeprogramma | Tami Sagher |
stripper yn Las Vegas dy't lapdance docht | Stormy Daniels |
oare stripper yn Las Vegas | Nautica Thorn |
Alison har freondinne | Nick Thune |
harsels | Jessica Alba (cameo) |
himsels | Steve Carell (cameo) |
himsels | Andy Dick (cameo) |
himsels | James Franco (cameo) |
harsels | Eva Mendes (cameo) |
himsels | Ryan Seacrest (cameo) |
himsels | Dax Shepard (cameo) |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Knocked Up waard regissearre troch Judd Apatow nei in senario fan himsels. As produsinten wiene Apatow, Shauna Robertson en Clayton Townsend by it projekt belutsen foar de filmstudio Apatow Productions. Seth Rogen en Evan Goldberg hiene as útfierende produsinten it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $25 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Eric Edwards, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Loudon Wainwright III en Joe Henry. Wainwright hie ek in lyts roltsje yn 'e film. De opnamen foar Knocked Up fûnen plak yn Los Angeles.
Casting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de rollen yn Knocked Up caste regisseur Judd Apatow ferskate akteurs mei wa't er al earder gearwurke hie, lykas Seth Rogen, Jonah Hill, Jason Segel en Martin Starr. Ek James Franco, dy't yn 'e film in cameo as himsels hat, heart ta dy groep. Apatow syn frou Leslie Mann en harren beide dochters Maude en Iris spylje yn Knocked Up de rollen fan Alison har suster Debbie en har beide muoikesizzers.
Yn 'e froulike haadrol caste Apatow oarspronklik Anne Hathaway, mar dy stapte op omreden fan in kreätyf mieningsferskil (neffens Apatow syn plan om bylden fan in echte befalling foar de film te brûken). Neitiid diene Jennifer Love Hewitt en Kate Bosworth audysje foar de rol, mar de kar foel op Katherine Heigl.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Knocked Up waard fersoarge troch Universal Pictures. De film waard foar it earst fertoand op 12 maart 2007 op it filmfestival South by Southwest yn Austin (Teksas). Hy gie op op 1 juny fan dat jier yn Los Angeles yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum Strange Weirdos: Music from and Inspired by the Film Knocked Up, ferskynde op 22 maaie by platemaatskippij Concord Records.
Knocked Up waard op 25 septimber 2007 útbrocht op dvd en op 7 novimber 2008 op blu-ray. Oan 'e dvd-útjefte waard de mockumentary Directing the Director ("It Regissearjen fan 'e Regisseur") tafoege, wêryn't Bennett Miller, de regisseur fan û.m. Capote, sabeare troch de filmstudio oannommen wurdt om tafersjoch te hâlden op 'e rezjy fan Judd Apatow. Ynstee bemuoit er him dêr oanhâldend mei, wat ta oprinnende spannings op 'e filmset liedt, dy't kulminearje yn slaanderij tusken Apatow en Miller.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Knocked Up oer it algemien positive resinsjes. Sa joech de foaroansteande resinsint Richard Roeper de film in tomme omheech. Joe Leydon fan it tydskrift Variety fûn Knocked Up "eksplosyf grappich". Yn 'e Los Angeles Times priizge Carina Chocano de film om syn humor, hoewol't se fûn dat de sintrale ferhaalline net alhiel logysk yninoar siet. Yn The Baltimore Sun hie Chris Kaltenbach deselde krityk. Hy stelde fêst dat Knocked Up "bot ferlet hat fan in goede filmeditor". Dêr heakke er lykwols oan ta dat er in oerfloedich lake hie. A.O. Scott fan The New York Times ferliek Knocked Up mei Juno, in oare film oer swierens dy't ek yn 2007 útkaam. Hy kwalifisearre Juno as "in feministysk, fan frouljuskrêft útgeand antwurd en oanfolling op Knocked Up."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Knocked Up in heech goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 252 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in hilaryske, oangripende en ferfrissende blik op 'e spannings dy't hofmakkerij en de opfieding fan bern opsmite, mei in soms grouwélich, mar dochs fernimstich senario dat kundich aktearre en regissearre wurdt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Knocked Up in goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 38 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Knocked Up brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $148,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $70,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $219,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $25 miljoen betsjut dat in winst fan $194,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Knocked Up wûn yn 2007 de Teen Choice Award foar favorite komeedzjefilm en teffens de Teen Choice Award foar bêste opwûne stantsje foar de cameo fan Ryan Seacrest as himsels wêryn't er him op egosintryske wize beklaget oer "jonge talinten" en hoe't sokken "syn dei ferneuke". Judd Apatow waard foar it skript fan Knocked Up nominearre foar in Writers Guild of America Award foar bêste orizjinele senario. Seth Rogen waard foar syn rol yn 'e film nominearre foar de Canadian Comedy Award. It Amerikaansk Filmynstitút (AFI) joech Knocked Up in earfolle fermelding as ien fan 'e tsien bêste films fan 2007.
Spin-off
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2011 ferskynde de film This Is 40, ek fan Judd Apatow. Dat is in spin-off fan Knocked Up, mei Pete en Debbie yn 'e haadrol, op 'e nij spile troch Paul Rudd en Leslie Mann.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Knocked Up
- (in) Ynformaasje oer Knocked Up yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |