Gynekolooch

Ut Wikipedy
Tekening út 1822 fan Jacques-Pierre Maygnier; lit gynekologysk ûndersyk sjen yn in tiid dat dokter perfoast it froulik geslacht net sjen mocht.

In gynekolooch is in arts dy't spesjalisearre is yn de frouljussykten, oftewol gynekology. De gynekolooch hâldt him ûnder oaren dwaande mei:

  • Ofwikingen en sykten fan de froulike geslachtsorganen: ynfeksjes en ûntstekkingen, kanker, 'fersakkingsproblemen', ynkontininsje, hormonale problemen mei of sûnder ôfwikingen fan de menstruaasjesyklus, seksuele problemen.
  • It swierwêzen en de befalling, benammen as dy net goed ferrinne, prenatale diagnostyk.
  • Fertiliteitsteurnissen.

Behannelingen fan dizze syktes en ôfwikingen kinne medikaminteus of operatyf wêze.

Oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oplieding ta gynekolooch yn Nederlân bestiet út:

  • Stúdzje genêskunde - 6 jier
  • Assistint yn oplieding ta spesjalist (AIOS) - 6 jier

Bekende gynekologen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]