Eva Mendes
Eva Mendes | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Eva Mendes | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 5 maart 1974 | |
berteplak | Miami (Floarida) | |
etnisiteit | ![]() | |
jierren aktyf | 1998 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Eva Mendes (Miami, 5 maart 1974) is in Amerikaansk aktrise, model en filmprodusinte fan Kubaansk komôf. Hja sette har aktearkarriêre ein jierren njoggentich útein, wêrby't hja yn 't earstoan benammen te sjen wie yn B-films. Letter briek Mendes troch mei rollen yn grutte Hollywood-produksjes as Training Day, 2 Fast 2 Furious, Stuck on You, Hitch en We Own the Night. Se is ek aktyf as sjongster en hat û.m. in duët mei sjonger CeeLo Green útbrocht.
Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mendes waard yn 1974 berne yn Miami, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida, as it bern fan Kubaanske ymmigranten. Nei de skieding fan har âldelju waard hja yn it Kalifornyske Glendale, in foarstêd fan Los Angeles, grutbrocht troch har allinnichsteande mem, dy't yn Hollywood by it bekende Mann's Chinese Theatre wurke en letter in baan yn 'e loftfeartyndustry fûn. Mendes har heit hie in eigen slachterijgruthannel.
Mendes waard strang roomsk grutbrocht, en Mendes naam it sels in hoartsje yn omtinken en wurd non. Hja folge de middelbere skoalle oan 'e Hoover High School yn Glendale, en learde letter fierder oan 'e Kalifornyske Steatsuniversiteit te Northridge, dêr't se marketing studearre. Dy stúdzje briek se lykwols ôf om in aktearoplieding te dwaan.
Modelle-karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mendes kaam yn 1996 foar it earst yn 'e belangstelling te stean troch har meiwurking as model oan 'e fideoklip fan it nûmer Miami, fan Will Smith. Datselde jiers wurke hja ek mei oan 'e fideoklip fan it nûmer Se a Vida É (That's the Way Life Is), fan 'e Pet Shop Boys. Yn 1997 wie se te sjen yn 'e klip fan it nûmer Hole in My Soul fan Aerosmith, en yn 2004 wurke se ek mei oan 'e klip fan The End Has No End, fan The Strokes.
Begjin jierren-2000 waard Mendes it fêste gesicht fan Revlon Cosmetics, as ynternasjonale wurdfierster fan 'e Revlon-kampanje om jild byinoar te bringen foar ûndersyk op it mêd fan boarstkanker. Yn 2007 liet Mendes har, krekt as in protte oare modellen en aktrises, neaken (mar mei de krúsjale lichemsdielen bûten byld) fotografearje foar de anty-bûntkampanje fan 'e dierebeskermingsorganisaasje PETA. It jiers dêrop waard in minder kekene neakenfoto fan har brûkt foar in reklamekampanje fan it Calvin Klein-parfum Secret Obsession; dy foto waard yn 'e Feriene Steaten ferbean.
Datselde jiers stie Mendes as model op 'e kalinder fan it drankmerk Campari, wylst se dêr ek wurdfierster foar wie. Oare merken dêr't Mendes foar yn 't spier west hat, binne Magnum-iisko's, Cocio-sûkelarjemolke, Thierry Mugler-parfum, Reebok-skuon en Pantène-sjampo. Yn 2011 stie se yn in kleankatalogus fan it Nederlânske warehûs Peek & Cloppenburg. Sels ûntwerpt Mendes ek klean, foar it merk New York & Company. Fierders hat se ek in kolleksje bêdrêding en diggelguod op 'e merk brocht, dy't ferkocht wurde yn 'e warehûskeatling Macy's.
Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mendes har aktearkarriêre begûn nei't in ympressario in foto fan har ûnder eagen krigen hie dy't in freon fan him yn syn portfolio hie. Har earste rol hie se yn 1998 yn 'e horrorfilm Children of the Corn V: Fields of Terror, dy't nea yn 'e bioskopen draaide, mar daliks op fideo útbrocht waard. Doe't se de film weromseach wie Mendes teloarsteld oer har prestaasjes, en besleat se in akteartrener yn it hieren. Neitiid wurke se mei oan oare B-films, lykas A Night at the Roxbury (1998), My Brother the Pig (1999), Urban Legends: Final Cut (2000) en Exit Wounds (2001). Hja hie har earste tillefyzjerol yn 1998 yn 'e rige Mortal Kombat: Konquest.

Har trochbraak kaam mei har rol as Sara Harris yn Training Day (2001), dy't har rollen yn gruttere Hollywood-produksjes besoarge. Sa spile se yn 2 Fast 2 Furious (2003), Once Upon a Time in Mexico (2003), wêrfoar't se nominearre waard foar in Teen Choice Award, en Stuck on You (2003). Yn 2005 hie se de froulike haadrol yn 'e komeedzje Hitch, en letter hie se haadrollen yn Guilty Hearts (2005), Trust the Man (2006), Ghostrider (2007) en We Own the Night (2007). Foar Live! (2007) wie Mendes net inkeld aktrise, mar ek útfierend produsinte.
Yn 2008 waard se nominearre foar in Golden Raspberry Award foar minste aktrise, foar har rol yn The Women. Datselde jiers spile se ek yn The Spirit, en neitiid wie se noch te sjen yn The Bad Lieutenant: Port of Call New Orleans (2009), The Other Guys (2010), Last Night (2010) en Fast Five (2011). Yn 2012 brocht se in besyk oan it Afrikaanske lân Sierra Leöane, dêr't se meiwurke oan 'e dokumintêre Half the Sky: Turning Oppression into Opportunity for Women Worldwide. Dat jiers wie se ek te sjen yn 'e films Girl in Progress en The Place Beyond the Pines, folge troch Clear History (2013) en Lost River (2014).
Sjongkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 2010 song Mendes mei R&B-sjonger CeeLo Green in duët fan it liet Pimps Don't Cry, dat diel útmakke fan 'e soundtrack fan 'e film The Other Guys. Yn 2011 naam se in eigen ferzje op fan it nûmer The Windmills of Your Mind.
Yn 'e Media[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e ranglist fan 'e 99 meast begearlike froulju fan 'e wrâld, gearstald troch de webside AskMen.com, waard Mendes yn 2008 it fjirde plak taparte, wylst se yn 2009 op it earste plak stie. It tydskrift Maxim joech har yn 2007 it sânde plak en yn 2010 it alfde plak yn in ranglist fan 'e hûndert meast seksy froulju fan 'e wrâld. It Amerikaanske tydskrift People Magazine neamde har yn 2012 de meast kreaze frou fan lykfol hokker leeftyd.
Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mendes gie fan 2002 oant 2010 om mei in George Augusto. Yn septimber 2011 rekke se behelle in relaasje mei akteur Ryan Gosling, har tsjinspiler út 'e film The Place Beyond the Pines. Op 12 septimber 2014 krigen hja in dochterke, Esmeralda Amada. Mendes is in oanhingster fan transendinte meditaasje. Hja is ek fegetariër, út sawol etyske omtinkens as fanwegen sûnensredens.
Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier | titel | rol | oantekenings |
---|---|---|---|
1998 | Children of the Corn V: Fields of Terror | Kir | |
A Night at the Roxbury | breidsfamke | ||
Mortal Kombat: Konquest | Hanna | gastrol, 1 ôflevering | |
1999 | My Brother the Pig | Matilda | |
2000 | The Disciples | Maria Serranco | |
Urban Legends: Final Cut | Vanessa Valdeon | ||
2001 | Exit Wounds | Trish | |
Training Day | Sara Harris | ||
All About the Benjamins | Gina | ||
2003 | 2 Fast 2 Furious | Monica Fuentes | |
Once Upon a Time in Mexico | Ajedrez Barillo | ||
Out of Time | Alex Díaz Whitlock | ||
Stuck on You | April | ||
2005 | Hitch | Sarah Melas | |
The Wendell Baker Story | Doreen | ||
Guilty Hearts | Gabriella | ||
2006 | Trust the Man | Faith | |
2007 | Ghost Rider | Roxanne Simpson | |
Knocked Up | harsels | net fermeld op ôftiteling | |
We Own the Night | Amada Juarez | ||
Live! | Katy | ek útfierend produsint | |
Cleaner | Ann Norcut | ||
2008 | The Women | Crystal Allen | |
The Spirit | Sand Saref | ||
2009 | Bad Lieutenant: Port of Call New Orleans | Frankie Donnenfeld | |
2010 | The Other Guys | Sheila Gamble | |
Last Night | Laura | ||
2011 | Fast Five | Monica Fuentes | net fermeld op ôftiteling |
2012 | Holy Motors | Kay M | |
Girl in Progress | Grace | ||
The Place Beyond the Pines | Romina | ||
2013 | Clear History | Jennifer | |
2014 | Lost River | Cat |
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- (in) Folsleine filmografy fan Eva Mendes yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Eva Mendes at Her Hottest: in dia-rige fan Life Magazine
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|