Springe nei ynhâld

Edinburgh

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 mai 2023 om 20.48 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (oare posysjekaart)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Edinburgh
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Lânsdiel Skotlân
Gemeente Edinburgh
Sifers
Ynwennertal 464.990 (2014)
Oerflak 264 km²
Befolkingsticht. 1.828,0 / km²
Stêdekloft 1.339.000 (2014)
Hichte 47 m
Oar
Stifting <7e iuw
Tiidsône UTC
Simmertiid UTC +1
Koördinaten 55°57′11″N 3°11′20″W
Offisjele webside
www.edinburgh.gov.uk
Kaart
Edinburgh (Skotlân)
Edinburgh
Lokaasje yn Skotlân.

Edinburgh, soms ferfryske ta Edinburch of Edinboarch (Ingelsk: Edinburgh, Skotsk: Embra, Embro of Edinburrie, Skotsk-Gaelysk: Dùn Èideann, poëtysk: Edina of Dunedin), is de haadstêd fan it Britske lânsdiel Skotlân. Dit plak leit yn 'e krite Lothian, oan 'e eastkust fan Skotlân en de súdkust fan 'e Firth fan Forth, en draacht yn it Skotsk de flaainamme Auld Reekie ("Ald Stjonkert"). Neffens in offisjele skatting út 2014 hie Edinburgh doe 465.000 ynwenners, wêrmei't it de op ien nei grutste stêd fan Skotlân is (nei Glasgow), en de op seis nei grutste stêd fan it Feriene Keninkryk. As stêdekloft hat Edinburgh mei alle foarstêden derby in befolking fan goed 1,3 miljoen minsken. Histoarysk stiet Edinburgh bekend as in sintrum fan ûnderwiis (yn 't bysûnder op it mêd fan 'e genêskunde), it rjocht, literatuer, wittenskippen en technology.

Edinburgh leit yn it sintrale leechlân fan Skotlân, oan 'e súdlike kust fan 'e Firth fan Forth, dat in see-earm fan 'e Noardsee is dy't djip yn Skotlân ynsnijt, en dêr't fierder westlik de rivier de Forth yn útmûnet. De iepen Noardsee leit eins 42 km eastlik fan Edinburgh. Súdlik fan 'e stêd rize de Pentlânheuvels op. Edinburgh makket diel út fan 'e krite Lothian (histoarysk fan Midlothian), en ûntstie oarspronklik deunby de heuvel Castle Rock.

De moderne stêd wurdt wol fan sein dat er krekt as Rome op sân heuvels boud is. Njonken Castle Rock binne dat Calton Hill, Corstorphine Hill, Craiglockhart Hill, Braid Hill, Blackford Hill en Arthur's Seat. Dy lêste heuvel, Arthur's Seat, is eins in deade fulkaan. Troch Edinburgh hinne streamt in rivierke dat it Wetter fan Leith hjit, en dat bewesten de stêd útmûnet yn 'e Firth fan Forth. It sintrum fan Edinburgh wurdt yn midstwa spjalte troch Princes Street (de "Strjitte fan 'e Prinsen"). Oan 'e súdkant leit Old Town, it âldste diel fan 'e stêd, en oan 'e noardkant leit New Town, dat in stik minder âld is (mar al lang gjin "Nije Stêd" mear).

It Kastiel fan Edinburgh.

Minsklike bewenning giet yn 'e krite fan Edinburgh, op grûn fan argeologyske fynsten, teminsten werom oant 10.500 jier lyn. De stêd sels waard foàr de sânde iuw stifte troch iere Ketyske bewenners fan Lothian, dy't in fêsting op 'e heuvel Castle Rock oanleine. Yn 638 waard Lothian ferovere troch de Angelen, en waard it in ûnderdiel fan it Keninkryk Noardumbrje. Edinburgh bleau yn 'e hannen fan wat letter de noardlike Angelsaksen waarden oant it omtrint 950 ferovere waard troch it Keninkryk Skotlân. Yn 'e iere tolfde iuw krige Edinburgh stedsrjochten fan kening David I fan Skotlân. Tsjin 'e midden fan 'e fjirtjinde iuw (om 1366 hinne) waard it foar it earst neamd (troch de Frânske kronykskriuwer Jean Froissart) as de haadstêd fan Skotlân. Nettsjinsteande ferskate ferwuostgings troch de Ingelsen, lykas yn 1356 (ûnder de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch) en yn 1544 (ûnder de saneamde Rûge Hofmakkerij) kaam Edinburgh dy klappen frij gau wer te boppe.

Yn 'e sechstjinde iuw wie Edinburgh it sintrum fan 'e Skotske Reformaasje. Nei't de Skotske kening Jakobus VI yn 1603 ek kening fan Ingelân waard en sadwaande mei syn hof nei Londen ferhuze, sakke Edinburgh yn polityk opsjoch foargoed yn oansjen. Yn 1638 late it besykjen fan Karel I om in hierargyske biskoppestruktuer te yntrodusearjen yn 'e Tsjerke fan Skotlân ta grut ferset fan 'e presbyterianen yn Edinburgh en de rest fan Skotlân, dat úteinlik ta in hichtepunt kaam yn 'e Oarloggen fan de Trije Keninkriken. Yn 'e Edinburghske Greyfriars Kirk waard doe it ferbûn (Covenant) tekene troch in grut tal predikanten, eallju en boargers. Neitiid waard Edinburgh yn 1650 beset troch de Ingelske troepen fan Oliver Cromwell fanwegen de Skotske stipe foar de troansbestiging fan Karel II.


Nei't yn 1707 de personele uny tusken Ingelân en Skotlân omset waard yn in politikenien, ferlear Edinburgh de status fan haadstêd fan in ûnôfhinklik lân. Yn 'e earste helte fan 'e achttjinde iuw ûntjoech de stêd him ta in wichtich sintrum fan it Jeropeeske bankwêzen. Under de Jakobityske Opstân fan 1745 waard Edinburgh in skoft lang beset troch Skotske opstannelingen ûnder lieding fan prins Karel Edwert Stuart, better bekend as Bonnie Prince Charlie. Yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw wie de stêd it hert fan 'e Skotske Ferljochting en krige it de bynamme "it Atene fan it Noarden", fanwegen alle grutte tinkers dy't har dêr sammelen, lykas David Hume, Adam Smith, James Hutton en Joseph Black.

It ynterieur fan it Skotske Parlemintsgebou.

Tsjin 1821 wie Edinburgh as it grutste plak fan Skotlân ynhelle troch de fluch groeiende yndustrystêd Glasgow. Healwei de iuw rekke Old Town almar mear yn ferfal, oant der yn 'e 1860-er jierren grutskalich renovaasjewurk útfierd waard ûnder it liederskip fan boargemaster William Chambers. Dêrfandinne dat it âlde hert fan 'e stêd sa'n fiktoriaanske boustyl hat. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw waard troch it krewearjen fan planolooch Patrick Geddes mear renovaasjewurk ferrjochte, mar troch de ekonomyske stagnaasje yn it Ynterbellum rekke Old Town hieltyd mear ferpaupere oant it stedssintrum yn 'e 1960-er en 1970-er jierren einlings en te'n lêsten op 'e nij oanpakt waard. Doe't Skotlân yn 1999, nei in referindum oer dy kwestje, selsbestjoer krige, waard Edinburgh foar it earst yn hast trijehûndert jier wer de sit fan in nasjonaal parlemint.

Utsjoch oer Edinburgh, mei op 'e eftergrûn de deade fulkaan Arthur's Seat.

Edinburgh hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoarysk stiet Edinburgh bekend as in sintrum fan ûnderwiis (yn 't bysûnder op it mêd fan 'e genêskunde), it rjocht, literatuer, wittenskippen en technology. De Universiteit fan Edinburgh, dy't oprjochte waard yn 1582, is no ien fan 'e fjouwer universiteiten yn 'e stêd. Yn Edinburgh stiet sûnt 1999 ek it Skotske Parlemint, en dêrnjonken is it de sit fan 'e Britske monargy yn Skotlân. It is ek it plak dêr't de algemiene synoade fan 'e Tsjerke fan Skotlân op jierlikse basis gearkomt.

Fierders is Edinburgh ferneamd om it Ynternasjonaal Festival fan Edinburgh, dat sûnt 1947 bestiet en elts jier yn 'e simmer in grut tal toanielopfierings en klassike-muzykkonserten nei de stêd ta hellet. Underdiel dêrfan is it Ynternasjonaal Filmfestival fan Edinburgh, dat elts jier yn juny plakfynt.

Toeristyske attraksjes yn 'e stêd binne it ferneamde Kastiel fan Edinburgh, it Paleis fan Holyrood, it Skotske Parlemintsgebou, de Katedraal fan Sint-Giles, de tsjerken Greyfriars Kirk, it Nasjonaal Museum fan Skotlân, de Skotske Nasjonale Gallery en Canongate Kirk, en de histoaryske Old Town en de achttjinde-iuwske New Town (dy't tegearre op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO steane). Niget kin men ek hawwe oan 'e saneamde Greyfriars Bobby, in byldsje op it tsjerkhôf fan 'e Greyfriars Kirk fan it trouwe hûntsje dat nei de dea fan syn baas jierrenlang de wacht hold by dy syn grêf.

It Nasjonaal Museum fan Skotlân.
It Old College-gebou fan 'e Universiteit fan Edinburgh.
De Katedraal fan Sint-Giles.

Neffens in offisjele skatting op grûn fan gegevens fan 'e Britske folkstelling fan 2011 hie Edinburgh yn 2014 in befolking fan 464.990 minsken, wêrmei't it de op ien nei grutste stêd fan Skotlân is (nei Glasgow), en de op seis nei grutste stêd fan it Feriene Keninkryk. De befolkingstichtens bedroech 1.828,0 minsken de km². As stêdekloft hat Edinburgh mei alle foarstêden derby in befolking fan goed 1,3 miljoen minsken. Tusken 2001 en 2011 groeide de befolking fan Edinburgh mei 6,2%.

Wat de rasiale opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2011 sa: 91,7% blanken; 5,5% Aziaten; 1,4% swarten; 1,4% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Fan 'e befolking fan Edinburgh wie yn 2011 84% berne yn it Feriene Keninkryk en 70% yn Skotlân. Der wennen yn Edinburgh 58.000 minsken dy't berne wiene yn Ingelân, en fan 'e 15,9% dy't bûten it Feriene Keninkryk berne wiene, kamen 13.000 út Poalen, 8.600 út Ierlân, 8.100 út Sina, 6.500 út Yndia, 5.900 út Pakistan, 3.700 út 'e Feriene Steaten, 3.500 út Dútslân, 2.100 út Austraalje, 2.000 út Frankryk, 2.000 út Spanje, 1.800 út Súd-Afrika en 1.800 út Kanada.

Yn 2011 bestie fierders 43,0% fan 'e ynwenners fan Edinburgh út kristenen (mei de presbyteriaanske Tsjerke fan Skotlân as grutste denominaasje) en 2,6% út moslims.

Berne yn Edinburgh

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It byldsje fan Greyfriars Bobby.
De Nasjonale Gallery fan Skotlân.
It haadkantoar fan 'e Bank of Scotland.

Stoarn yn Edinburgh

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Edinburgh hat in seeklimaat mei koele simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 19,1 °C (nachts 11,5 °C), en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 7,0 °C (nachts 1,3 °C). Rekôrtemperatueren wiene 31,4 °C op 4 augustus 1975 en –14,6 °C op ferskate dagen yn desimber 2010. Edinburgh kriget jiers trochinoar 704,3 mm delslach, en hat yn trochsneed 124,2 reinige dagen en 1.426,6 oeren sinneskyn yn 't jier.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.