Flaainamme

Ut Wikipedy

In flaainamme of poppenamme is in namme of oantsjutting dy't bedoeld is om te flaaikjen. Men kin dan bgl. tinke oan beneamings as "skatsje" en "leave", dy't fral troch manlju foar froulju brûkt wurde.

It kin ek in namme wêze dy't út de bernetiid oerbleaun is. Gewoane Fryske nammen wurde dan feroare lykas by:
Pibe (Sybren), Kinge (Rinse), Pom (Rommert), Ije (Sytse), Kei (Gerrit), Kike (Grytsje), Kekke (Geartsje en Gelske), Kinke (Rinske), Pomme (Romkje), Nine of Nynke (Tryntsje), Poai (Baukje of Froukje) en Koai (Joukje).

Troch it minder ferneamen fan pakes en beppes ferdwine in soad Fryske nammen en dêrtroch ek de flaainammen dy't by dy nammen heare.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Vleinamen.
  • Piter Sipma - Fryske Nammekunde I, (1952) side 126