Springe nei ynhâld

Oerlis:Flaainamme

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wat is it ferbân tusken ferneamen en flaainammen? Aliter 13 apr 2009, 23.38 (CEST)[beäntwurdzje]

Goede fraach. Ik tink wol dat it yn dit artikel neamd wurde mei. It jout in reden oan wêrom't flaainammen minder brûkt wurde. --Kening Aldgilles 13 apr 2009, 23.47 (CEST)[beäntwurdzje]

It mei wol op dizze side neamd wurde, at wy derby skriuwe wat it is. Oars is it krekt as in flinterwjuk oer de Stille Oseaan. Aliter 14 apr 2009, 03.22 (CEST)[beäntwurdzje]

Neffens wurdt it begryp flaainamme wol útlein. En it ferneamen fan bern, dat stiet op dy side wêrfan ek noch in keppeling nei dy side makke is. Neffens my is dat it doel ek fan keppelings? Do kinst it artikel ek noch oanfolje asto tinkst dat der saken oan ûntbrekke. Ik bin wol nijsgjirrich nei watsto no krekt bedoelst. --Kening Aldgilles 14 apr 2009, 13.10 (CEST)[beäntwurdzje]
Dei Aliter,'k Haw in lytse oanpassing dien om de tekst wat dúdliker te krijen. Mar bliuw jo frij fielen om de tekst te feroarjen/ferbetterjen. Groetnis, --Swarte Kees 14 apr 2009, 17.08 (CEST)[beäntwurdzje]

Tank Swarte Kees, dat wie yndie it ferbân dêr't ik nei frege. Aliter 14 apr 2009, 20.45 (CEST)[beäntwurdzje]

In flaainamme is in namme dy't út de bernetiid oerbleaun is. Is poppenamme in synonym? Drewes (talk) 13 aug 2014, 21.19 (CEST)[beäntwurdzje]