Suwâld
Suwâld | ||
Doarpshûs de Suderfinne | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Tytsjerksteradiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 625 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 13,45 km², wêrfan: - lân: 12,65 km² - wetter 0,8 km² | |
Befolkingsticht. | 51 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 10' N 5° 55' E | |
Offisjele webside | ||
Side Suwâld FB-side Doarpsbelang Suwald FB-side Ald Suwâld | ||
Kaart | ||
Suwâld is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel op de râne fan de Fryske Wâlden, súd fan Hurdegaryp en tsien kilometer súdeastlik fan Ljouwert.
Suwâld hat 625 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme komt fan suderwâld. It streekdoarp is ûntstien op in lange smelle sânrêch bewesten de Wide Ie. Oan beide kanten fan de sânrêch lei leechfean. It doarp komt al as Suethawald foar yn 1328 en as Zuwawald yn 1419. Yn de 12e iuw moat der al in tsjerkje stien hawwe.
Suwâld hat de earste sinnepont fan 'e wrâld, dy pont mei de namme 'Schalkediep' fart oer it Prinses Margrietkanaal en wurdt in soad brûkt troch fytsers. Yn it simmerseizoen fart hy alle dagen fan 11:00 oere oant 20.30 oere, sneins oant 18 oere. Oan it Prinses Margrietkanaal is in jachthaven foar passanten.
Suwâld hat 625 (1 jannewaris 2023)[3] ynwenners.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Suwâld hat in aktyf ferieningslibben. Boppedat wenje der ferskate keunstners mei in eigen atelier dy't op ôfspraak foar de besiker ipen binne. Yn de buorren fan it doarp stean de restaurearre tsjerke en it doarpshûs 'De Suderfinne' mei de jeugdsoas It Pypke. De doarpskrante hjit 'Mei Inoar'. De bewenners wurde ek wol 'kanaäniten' neamd.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side PKN-tsjerke Sint-Georgius (Suwâld).
Suwâld hie njonken de herfoarme tsjerke ek in grifformearde tsjerke (sjoch: Eben-Haëzer (Suwâld)). De grifformearde tsjerke waard yn 2000 ferkocht nei't de grifformearden en herfoarmen tegearre gyngen en docht tsjintwurdich tsjinst as wenhûs. Yn it ramt fan de foarming fan in PKN-gemeente krige de herfoarme tsjerke de namme fan foar de reformaasje werom.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bernemienskip De Triangel (Prot.-kristlik)
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Biljertklub Keu's genoeg
- Muzykferiening 'Speelt wel'
- Oranjeferiening Suwâld
- Skaak- en damklub Gezellig Samen zijn
- Shantykoar Pypkesjongers
- Sportferienings Suwâld: gymnastykferiening, follybalferiening, fuotbalferiening Suwâld
- Toanielselskip Suwâld 'Kom mar Op'
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2006 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 672 | 613 | 616 | 589 | 544 | 622 | 663 | 638 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Petrus Overney (1636-1711), klokkejitter
- Douwe Algra (1900-1975), fersetsman
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alde Lunewei, Aldemiede, Daniel Bouweswei, De Warren, Ds Oosterhuisstrjitte, Ds Pelstrjitte, Heechhiem, Louwsmarwei, Monnikenwei, Mostermûne, Noarderein, Symen Halbeswei, Suderein, Tsjerkebuert.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tytsjerksteradiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldtsjerk • Burgum • Earnewâld • Eastermar • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Garyp • Gytsjerk • Hurdegaryp • Jistrum • Mûnein • Noardburgum • Oentsjerk • Ryptsjerk • Sumar • Suwâld • Tytsjerk • Wyns | ||
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De Joere • Gytsjerksterhoeke • It Heechsân • Iniaheide • Kûkherne (foar in part) • Lytse Geast • Noardermar • Quatrebras • Sigerswâld • Skûlenboarch • Sumarreheide • Tergrêft • It Wytfean • Sânhuzen • Swarteweisein | ||
· · |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|