Middelstum
Middelstum | ||
Hippolytustsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Iemsdelta | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.238 (31-12-2021) [1] | |
Oerflak | 18,39 km², wêrfan: lân: 18,22 km² wetter: 0,18 km² | |
Befolkingsticht. | 123 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 20' N 6° 38' E | |
Offisjele webside | ||
Doarpsbelang Middelstum | ||
Kaart | ||
Middelstum (Grinslannersk: Milnsum) is in doarp yn de gemeente Iemsdelta yn de provinsje Grinslân. De radiale wierdestruktuer fan it doarp is goed bewarre bleaun en it sintrum is oanwiisd as beskerme doarpsgesicht.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1795 oant 1990 wie Middelstum in selstannige gemeente. Njonken Middelstum hearden dêr ek de doarpen en buorskippen Anderwereld, Engeweer, Fraamklap, Huizinge, Oosterburen, De Palen, Rodeschool en Toornwerd by. In pear hûzen fan it doarp Kantens foelen ek noch ûnder de gemeente Middelstum. By de weryndieling fan 1990 binne dy by de doe foarme gemeente Eemsmond yndield. Eemsmond fusearre op 1 jannewaris 2019 mei de gemeenten De Marne, Bedum en Winsum ta de gemeente It Hegelân.
Wapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wapen fan Middelstum bestiet út in sulveren skyld mei in blauwe ridder, de hillige Hippolytus, patroanhillige fan Middelstum. Boppe it skyld is in gouden kroan mei trije blêden.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Middelstum is in âld wierdedoarp dat foar it earst yn de 9e iuw neamd waard doe't in Ditmar lân yn it doarp Mitilistenheim yn Hunsingo weijoech oan de abdij fan Fulda. Yn 945 waard it plak Midisheim neamd, om 1000 hinne Midlisthem', yn 1300 Midlestum, yn 1372 Myddelstumen yn 1388 lang om let Middelstum.
By it doarp stiene in hiel skoft de boargen Asingaboarch en Mentheda, dy't alle twa yn de 18e iuw (resp. yn 1744 en 1738) ôfbrutsen waarden. Fan de Asingaboarch bleau it poartegebou stean. Noardlik fan it doarp is de ferdigeningstoer fan de boarch Ewsum (ôfbrutsen yn 1863) noch oanwêzich. De famylje Fan Ewsum bewenne letter de boarch Nienoard by De Like.
De trekfeart Bûterdjip waard yn 1660 fan Bedum oer Middelstum nei Kantens trochlutsen. Dy farferbining waard oan it ein fan de 19e iuw fan grut belang en makke de bou fan in oaljemûne, in houtseachmûne, in suvelfabryk en in stienfabryk moooglik.
Tsjin it ein fan de 19e iuw waard it spoar Grins-Delfsyl oanlein. Middelstum krige oan it spoar in eigen halte. Dat stasjon is yn 1953 sletten.
Op 8 augustus 2006 waard it doarp troch de ierdgaswinning troffen troch in ierdskodding, dy't in krêft fan 3.5 op de Skaal fan Richter hie. Oant doe wie it de swierste ierdskodding fan de noardlike provinsjes.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1795 | 1849 | 1899 | 1947 | 2006 | 2017 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 583 | 1.018 | 1.057 | 1.634 | 2.419 | 2.128 | 2.015 |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1445 waard yn opdracht fan de rike haadling Onno fan Ewsum de letgoatyske Sint-Hippotytustsjerke boud. Yn 1863 waard in twadde tsjerke boud yn Middelstum, de noch jimmeroan oanwêzige fermanje. Yn 1869-1870 lieten ek de grifformearden yn it doarp in monumintale tsjerke bouwe. De moderne grifformeard-frijmakke tsjerke fan Middelstum besit in oargel fan Petrus van Oeckelen.
Yn it doarp is in lyts museum, de bakkerij Mendels, dy't foar in grut part 17e iuwsk is. Fierder is der it Kriichsmuseum Middelstum. In oar 17e-iuwsk gebou is de herberch De Valk. Oan de noardkant fan Middelstum rjochting Toornwerd stiet de nôt- en pelmûne De Hoop út 1855.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Filla Mentheda
-
De Hoop
-
Hoekstientsjerke en pastorij
-
Poartegebou Asingaboarch
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.
|