Termunterzijl
Termunterzijl | ||
Haven fan Termunterzijl | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Iemsdelta | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 295 (2021)[1] | |
Oerflak | 0,3 km² | |
Befolkingsticht. | 983 /km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 18' NB, 7° 2' EL | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje fan Termunten yn de eardere gemeente Delfsyl |
Termunterzijl (Grinslânsk: Ziel) is in doarp oan de Westeriems yn de gemeente Iemsdelta yn Grinslân. It doarp hat likernôch 300 ynwenners en hearde fanâlds ta it karspel Termunten. Oant 1808 wie it doarp part fan it Klaai-Aldamt en fan 1818 oant 1990 hearde it, mank mei de doarpen Borgsweer, Termunten, Wagenborgen en Woldendorp ta de gemeente Termunten. Dy gemeente gie doe op yn de gemeente Delfsyl, dy't yn 2021 wer opgie yn de gemeente Iemsdelta.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp is ûntstien neidat yn 1601 yn it Termunterzijldjip een skutslûs oanlein waard. Dêr einige de Stedswei dy't de stêd Grins oer Appingedam, Farmsum en de Easterhoeke ferbûn mei de Eastfryske stêd Emden.
Foar it doarp ûntstie wie dêr al in syl tichteby it doarp Termunten dy't yn de mûning fan de Munter Ae lei. De slûs waard yn 1553 ôfdamme om't dy skeind rekke wie nei it ûntstean fan de Doalert. Yn 1565 waard der sprutsen fan Olde munterzyl. Yn 1584 waard troch spaanske troepen dêre in skâns oanlein, de Termuntersile scanze, dy't letter wer ôfbrutsen waard.
Yn de santjinde iuw wie Termunterzijl in warber hannelsplak. Der wie de nedige yndustry lykas in oaljemûne. Ek wennen der ien of mear houthannelers. Ek wie der yn Termunterzijl in fermanje fan de minnisten fan de streaming fan de de Ukowallisten.
By de Sint-Martensfloed fan 1686 rekke it doarp folslein ferwoastge en kamen hast alle ynwenners om. Yn 1725 waard yn opdracht fan de stêd Grins ûnder lieding fan stedsboumaster Anthony verburgh in nije slûs oanlein mei in sierwurk: Boog van Ziel.
Oan de ein fan de Frânske tiid wie Termunterzijl militêr wichtich omdat der in batterij fêstige wie foar it belis fan Delfsyl (1813-1814). Mids 19e iuw wie it in fiskers- en hannelsplak. Dat lêste hie it foaral te tankjen oan de bloei fan de feankoloaniale skipfeart. It doarp hie doe 50 huzen en 340 ynwenners. [2]. Yn de lêste desenniums fan de 20e iuw waard de rekreaasjefeart wichtich foar de haven. By de ferheging fan de diken op deltahichte yn 1972 waard in nije slûs en in útdykske stoarmfloedkearing oanlein. Yn 2000 wie it kombinaasjegemaal Rozema klear. It âlde gemaal Cremer út 1930 en 1931 is der ek noch altyd. Op it heden wenje der sa'n 295 minsken (2021)..[3]
Tusken 1919 en 1948 rûn de steamtramline fan de Stoomtramweg-Maatschappij Oostelijk Groningen troch Termunterzijl.
Boppe de âlde syl stiet de Boog van de Ziel: de brêge boppe de âld slûs dy't fersierd is mei de wapens fan de sylfesten de sylfesters.
Termunterzijl is in beskerme doarpsgesicht. Troch it doarp rint de Ynternasjonale Doalertrûte. Tsjintwurdich hat it doarp in opspuite sânstrân foar rekreaasje.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|