Westeriems

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Westeriems (rivier))
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Westeriems súdwestlik fan Borkum

De Westeriems (Dútsk: Westerems) is de westlike ûnderrin fan de rivier de Iems yn de Iemsmûn. De Iems streamt fia de Doalert; op likernôch de hichte fan de Iemshaven splitst er yn de Westeriems en de Easteriems. De Iems mûnet fia de Westeriems tusken de waadeilannen Borkum en Rottumereach út yn de Noardsee. De rin foarmet de grins tusken Dútslân en Nederlân.

Fan 1810 oant 1814, yn de Frânske tiid, bestie der in Frânsk Departemint Westeriems.