Kostroma (oblast)
Kostroma oblast
Костромская область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Oblast |
lân | Ruslân |
Federaal Distrikt | Sintraal |
Ekonomyske Regio | Sintraal |
haadplak | Kostroma |
grutste plak | Kostroma |
taal | Russysk |
sifers | |
ynwennertal | 620.776 (2022) |
oerflak | 60.211 km² |
befolkingstichtens | 10 ynw. / km² |
Etnyske groepen | Russen (95,6 %) Oekraïners (1,1%) stân 2002 |
oar | |
stifting | 13 augustus 1944 |
tiidsône | UTC +3 |
koördinaten | 57° 45' N 40° 55' E |
webside | www.region.kostroma.net |
De Oblast Kostroma (Russysk: Костромская область; Kostromskaja oblast) is in oblast yn it noardwestlike diel fan Ruslân.
Troch it súdwestlike diel fan de oblast streamt de Wolga. It klimaat is tuskenbeiden en likernôch 73% bestiet út bosk.
De ekonomy bestiet fral út houtferwurking, tekstylyndustry en it ferwurkjen fan itensguod. Dêrnjonken foarmet toerisme in wichtige boarne fan ynkommen.
Skiednis
De regio is al foar it kristenjen bewenne. Oant slavyske stammen tusken de 9e en 12e iuw it lân ynnamen, bewennen finsk-ûgryske folken it gebiet. Stadichoan rekke it gebiet ûnder it bewâld fan it foarstedom Vladimir-Sûzdal en sûnt de Mongoalske oerhearsking yn de 14e iuw ferdwûn hearde it gebiet by it Grutfoarstedom Moskou.
Under Peter de Grutte waard it gebiet yn 1708 in provinsje fan it gûvernemint Moskou. Yn 1787 ûntstie it gûvernemint Kostroma, dat oant yn de Sovjet-tiid bestean bleau. Op 14 oktober 1929 waard it ûnderdiel fan de yndustry-oblast Ivanovo (Ivanovskaja Promyschlennaja oblast), wêryn't it ynearsten noch oant yn 1930 in okrûg wie.
Op 13 augustus 1944 waard út dielen fan de yn de jierren 1930 stifte oblasten Jaroslavl, Ivanovo, Gorki en Vologda lang om let de oblast Kostroma stifte.
Befolkingsûntwikkeling
Jier | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Befolking | 1.081.000 | 1.077.000 | 921.000 | 871.000 | 804.000 | 809.000 | 736.600 | 628.400 |
Bestjoersyndieling en stêden
De oblast Kostroma is te ferdielen yn 24 rajons en 6 stedsdistrikten. De iennige stêd mei mear as 100.000 ynwenners is it bestjoerssintrum fan de oblast, Kostroma. Meiïnoer hat de oblast 12 stêden en 7 plakken mei in stedsk karakter.
Eardere stêden
De folgjende plakken fan de tsjintwurdige oblast Kostroma hiene eartiids stedsrjochten:
Namme (heutiger) |
Russysk | Rajon/stedsdistrikt (tsjintwurdich) | Lokaasje | fan | oant | opmerking |
---|---|---|---|---|---|---|
Kady | Кадый | Kadyjski rajon | 57° 46' N 43° 11' E | 1778 | 1924 | tuskentiids doarp (selo), no in delsetting mei in stedsk karakter (sjoch boppesteande tabel) |
Parvenjevo | Парфеньево | Parfenjevski rajon | 57° 26' N 41° 10' E | 1708 | 1797 | tsjintwurdich doarp (selo); Namme as stêd Parfenjev (Парфеньев) |
Sûdislavl | Судиславль | Sûdislavski rajon | 57° 52' N 41° 42' E | 1719 | 1925 | tuskentiids doarp (selo), no in delsetting mei in stedsk karakter (sjoch boppesteande tabel) |
Unzja | Унжа | Makarjevski rajon | 58° 1' N 44° 0' E | 1708 | 1924 | tsjintwurdich doarp (selo) |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Kostroma
|
Dielgebieten fan Ruslân | ||
---|---|---|
Republyk | Adygeä • Altai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari El • Mordoovje • Noard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva | |
Kraj | Altai • Chabarovsk • Kamtsjatka • Krasnodar • Krasnojarsk • Perm • Primorje • Stavropol • Transbaikal | |
Oblast | Amoer • Archangelsk • Astrachan • Belgorod • Brjansk • (Cherson) • Irkûtsk • Ivanovo • Jaroslavl • Kaliningrad • Kalûga • Kemerovo • Kirov • Koergan • Koersk • Kostroma • Leningrad • Lipetsk • Magadan • Moermansk • Moskou • Nizjni Novgorod • Novgorod • Oarenburch • Omsk • Orjol • Penza • Pskov • Rjazan • Rostov • Sachalin • Saratov • Smolensk • Sverdlovsk • Tambov • Tjûmen • Tomsk • Tsjeljabinsk • Tûla • Tver • Uljanovsk • Vladimir • Vologda • Voronezj • Wolgograd • (Zaporizja) | |
Autonome oblast | Joadske Autonome Oblast | |
Autonoom distrikt | Chanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka | |
Federale stêd | Moskou • Sint-Petersburch • (Sebastopol) | |
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne | ||
· · |