Springe nei ynhâld

Flodder (telefyzjesearje)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 sep 2021 om 23.03 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Untfangst en resultaat: red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Flodder
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Dick Maas
produsint Dick Maas
Laurens Geels
útfierend
   produsint
Laurens Geels
regisseur(s) ferskaat, sjoch tekst
senario Dick Maas
Wijo Koek
basearre op Flodder (film)
muzyk Dick Maas
Peter Schon
tillefyzjestudio First Floor Features
distribúsje Veronica TV (HMG)
spilers
haadrollen Coen van Vrijberghe de Coningh
Nelly Frijda
Tatjana Šimić
Stefan de Walle
Lou Landré
Herman Passchier
skaaimerken
foarm live action-tillefyzjesearje
sjenre komeedzjesearje
seizoenen 5
jierren 19931995 en 1998
tal ôfl. 62
spyltiid (ôfl.) 25 min.
lân/lannen Nederlân
taal Nederlânsk
webside Flodder yn 'e IMDb

Flodder wie in tige súksesfolle Nederlânske komeedzjesearje dy't yn 1993 foar it earst op 'e tillefyzje kaam. De searje, nei in idee fan produsint Dick Maas, wie basearre op 'e súksesfolle film mei deselde namme út 1986. De searje folget de eksploaten fan 'e asosjale húshâlding Flodder, dy't by wize fan sosjaal eksperimint troch de gemeente in wente yn in lúksueuze fillawyk tawiisd krigen hat. De dêrút fuortkommende en satirysk yn byld brochte botsing tusken twa folslein ferskillende maatskiplike fermiddens foarmet it útgongspunt fan 'e searje. Flodder rûn yn 't earstoan trije seizoenen, fan 1993 oant 1995. Yn 1997 waarden noch twa ekstra seizoenen opnommen, dy't yn 1998 op 'e tillefyzje kamen. It hommels ferstjerren, yn novimber 1997, fan akteur Coen van Vrijberghe de Coningh, dy't ien fan 'e haadrollen spile, makke foargoed in ein oan 'e searje. Anno 2021 wurdt Flodder noch altyd geregeldwei werhelle op sawol de Nederlânske as de Flaamske tillefyzje.

De searje Flodder kaam fuort út 'e film Flodder, dy't yn 1986 in daverjend kommersjeel súkses wie. Yn 1992 waard in ferfolchfilm makke, Flodder in Amerika!, dy't ek tige súksesfol wie. Produsinten Dick Maas en Laurens Geels besleaten dêrop fierder fan harren súksesformule te profitearjen troch in komeedzjesearje foar op 'e tillefyzje te meitsjen. De produksje dêrfan waard yn novimber 1992 oankundige. Harren film- en tillefyzjestudio First Floor Features hie dêr doe in oerienkomst oer sletten mei Veronica, dat doedestiden ûnderdiel wie fan 'e Holland Media Groep.

Flodder waard makke troch tillefyzjeprodusinten Dick Maas en Laurens Geels foar harren film- en tillefyzjestudio First Floor Features. Geels hie as útfierend produsint ek it tafersjoch oer de hiele produksje, wylst Maas ek de titelmuzyk en de soundtrack komponearre (mei bydragen fan Peter Schon), as regisseur aktyf wie en tegearre mei Wijo Koek it meastepart fan 'e senario's skreau. Guon ôfleverings waarden regissearre troch Wijo Koek, Pieter Walther de Boer, Martin Lagestee, Myrna van Gilst, Hans Scheepmaker, Ine Schenkkan, Marc Nelissen, Joram Lürsen en Allard Bekker. Oan 'e senario's waarden ek bydragen levere troch Esmé Lammers, Frank Ketelaar, Hanco Kolk en Robert Alberdingk Thijm, wylst Mike van Diem, Coen van Vrijberghe de Coningh, Stefan de Walle en Willem Wertwijn ideeën foar senario's oanleveren. De montaazje wie yn 'e hannen fan Bert Rijkelijkhuizen.

Ferskate akteurs dy't yn 'e films Flodder en Flodder in Amerika! spile hiene, waarden ree befûn om ek yn 'e searje deselde rollen te fertolkjen. Dêrby gie it om Nelly Frijda (Ma Flodder), Tatjana Šimić (dochter Kees Flodder), Lou Landré (Sjakie van Kooten) en ferskate byrolspilers, lykas Bert André en Lettie Oosthoek (buorman en buorfrou Neuteboom). Huub Stapel en René van 't Hof, dy't yn 'e beide films Johnnie Flodder, resp. soan Kees Flodder spile hiene, wiene beducht foar typecasting en heakken dêrom ôf. Hja waarden ferfongen troch Coen van Vrijberghe de Coningh, resp. Stefan de Walle. Herman Passchier, dy't yn Flodder in Amerika! de rol fan pake Flodder oernommen hie fan 'e yn 1989 ferstoarne Jan Willem Hees, spile deselde rol yn 'e searje.

De beide jongste bern út 'e Flodder-húshâlding, dochter Toet fan alve en soan Henkie fan tsien, waarden yn it earste seizoen spile troch Mandy Negerman en Melle de Boer, dy't dy rollen yn Flodder in Amerika! ek fertolke hiene. Omreden fan 'e leeftyd fan 'e personaazjes ûntgroeiden de akteurs dizze rollen lykwols al fluch. Sadwaande waarden de rollen fan Toet en Henkie yn seizoen 2 en 3 spile troch Scarlett Heuer en Sander Swart, en yn seizoen 4 en 5 troch Djune-Ann van Asten en Rogier van de Weerd

Yn febrewaris en maart 1993 waard de fiktive wyk Zonnedael neiboud by de First Floor Factory, it haadkantoar fan First Floor Features yn Almeare. De set bestie út acht filla's, kompleet mei opritten, garaazjes, gazons en brievebussen. It ynterieur fan 'e filla fan 'e Flodders waard lykwols binnendoar yn 'e tillefyzjestudio boud. Allinne foar de ôflevering Goed Gedrag waard op 24 july 1993 yn Sittard filme, yn deselde echte fillawyk dêr't ek de film Flodder yn 1986 foar in part opnommen wie. (Dat is de sêne wêryn't Johnnie, soan Kees en dochter Kees omride yn Johnnie syn rôze Chevrolet.) De opnamen foar it earste seizoen fan Flodder rûnen fan 29 april 1993 oant en mei 24 july fan dat jier. Oars as de measte oare komeedzjesearjes út 'e 1990-er jierren waard Flodder net op fideo (tape), mar op 16 mm-film draaid.

Nei't it earste seizoen fan trettjin ôfleverings fan elts 25 minuten net inkeld yn Nederlân (by Veronica), mar ek yn Dútslân (yn neisyngronisearre foarm), in grut súkses wurden wie, waard besletten ta it meitsjen fan noch twa seizoenen. De opnamen fan it twadde seizoen (ek fan trettjin ôfleverings) rûnen fan 6 april oant en mei 3 july 1994, en de opnamen fan it trêde seizoen (fan tsien ôfleverings) duorren fan 29 july oant en mei 18 septimber 1995. It wie de bedoeling om nei trije seizoenen in ein oan 'e searje te breidzjen. Dick Maas woe nammentlik op it hichtepunt ophâlde om 'e kwaliteit te behâlden. It trêde seizoen wie trije ôfleverings koarter as de earste beide seizoenen, om't Maas besleat om 'e senario's foar de lêste trije plande ôfleverings fan seizoen 3 gear te foegjen ta it skript foar de bioskoopfilm Flodder 3. Dy waard oanslutend op seizoen 3 mei deselde cast opnommen fan 21 septimber oant novimber 1995.

Yn desimber 1996 kaam fan Veronica it fersyk om in nij seizoen fan Flodder te meitsjen, om't de werhellings fan 'e searje noch altyd tige goed besjoen waarden. Maas en Geels wiene gau om, mar guon leden fan 'e cast, benammen Stefan de Walle en Nelly Frijda, dy't ûnderwilens oare ferplichtings oangien wiene, moasten bepraat wurde. Uteinlik waarden tusken maart en novimber 1997 efterinoar oan it fjirde en fyfde seizoen fan Flodder opnommen, mei opteld 26 nije ôfleverings. It totaal oantal ôfleverings fan 'e hiele searje kaam dêrmei op 62.

Maas hie plannen om yn 1998 noch in sechsde seizoen te meitsjen, mar in ûnferwachts en tryst barren makke dat ûnmooglik. Op 15 novimber 1997, trije dagen nei it foltôgjen fan 'e opnamen fan seizoen 5, sakke nammentlik Coen van Vrijberghe de Coningh ynienen yninoar doe't hy, Tatjana Šimić en Stefan de Walle foar in stikmannich sponsors fan First Floor Features yn 'e studio yn Almeare in sêne út 'e searje neispilen. Hy bliek in hertstilstân krige te hawwen. Doe't reänimaasje net holp, ferstoar er yn 'e ambulânse ûnderweis nei it sikehûs. Seizoen 4 en 5 waarden fan jannewaris oant septimber 1998, mei tastimming fan 'e djipdrôven, postúm útstjoerd. Noch Maas, noch de rest fan 'e cast seach yn hoe't in oare akteur binnenhelle wurde koe om 'e rol fan Johnnie Flodder oer te nimmen, dy't Van Vrijberghe de Coningh him sa eigen makke hie. Sadwaande kaam der doe definityf in ein oan 'e Flodder-franchise.

Utgongspunt fan 'e plot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e film Flodder is te sjen dat de wente fan 'e asosjale probleemhúshâlding Flodder op fersmoarge grûn stiet. Op inisjatyf fan sosjaal wurker Sjakie van Kooten wurdt harren dêrop by wize fan sojsaal eksperimint in nij wenplak tawiisd yn 'e fillawyk Zonnedael. Sjakie is der nammentlik hillich fan oertsjûge dat in better wenfermidden liede sil ta in positive feroaring yn it hâlden en dragen fan 'e Flodders. Dat blykt lykwols net sa te wêzen. Krektoarsom, de húshâlding sleept hiel Zonnedael mei omleech nei harren nivo, in proses dat kulminearret yn 'e folsleine ferwoastging fan harren filla. Neitiid wurde de Flodders yn Flodder in Amerika! yn it ramt fan in kultureel útwikslingsprojekt troch de gemeente nei New York ta stjoerd.

De searje Flodder borduerret fuort op it útgongspunt fan 'e earste film, mar negearret de ein fan dy film en alles wat der bart yn Flodder in Amerika! Yn 'e searje wenje de Flodders nammentlik noch altyd yn 'e filla yn Zonnedael, dy't net ferneatige is. De searje folget de nuvere eksploaten fan 'e húshâlding yn 'e fillawyk, wêrby't de satirysk yn byld brochte botsing tusken twa folslein ferskillende maatskiplike fermiddens de basis fan 'e ferhalen foarmet. De film Flodder 3 slút oan op seizoen 3. Dêryn rint de sitewaasje wer folslein út 'e hân, mei diskear as útkomst dat hiel Zonnedael ôfbrând, útsein de filla fan 'e Flodders. (Dêroan is dúdlik te merken dat Flodder 3 oarspronklik as it definitive ôfskie fan 'e húshâlding bedoeld wie.) Yn seizoen 4 wurdt Flodder 3 negearre en is de sitewaasje wer weromset nei de ein fan seizoen 3 fan 'e searje.

personaazje akteur/aktrise
Johnnie Flodder Coen van Vrijberghe de Coningh
Ma Flodder Nelly Frijda
dochter Kees Flodder Tatjana Šimić
soan Kees Flodder Stefan de Walle
Sjakie van Kooten Lou Landré
Pake Flodder Herman Passchier
Henkie Flodder Melle de Boer (seiz. 1)
Sander Swart (seiz. 2-3)
Rogier van de Weerd (seiz. 4-5)
Toet Flodder Mandy Negerman (seiz. 1)
Scarlett Heuer (seiz. 2-3)
Djune-Ann van Asten (seiz. 4-5)

Weromkearende rollen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
personaazje akteur/aktrise
buorman Ed Neuteboom Bert André
buorfrou Tilly Neuteboom Lettie Oosthoek
Kareltje Miguel Stigter
Hennie Laus Steenbeeke
de wethâlder Edmond Classen
SRV-man Van Putten Hans van Hechten
buorfrou Els van de Boogerd Paula Majoor
buorfrou Liesbeth Vonk Marloes van den Heuvel
buorfrou #4 Lucie de Lange

Huub Stapel, dy't yn 'e films Flodder (1986) en Flodder in Amerika! (1992) de rol fan Johnnie Flodder fertolke, spile yn 'e ôflevering Egotrip út seizoen 5 de gastrol fan Paolo Marquez. Horace Cohen, dy't yn 'e film Flodder de rol fan Henkie Flodder spile, wie yn 'e ôflevering Huisarrest, út seizoen 4, te sjen as in tennisjonge en yn 'e ôflevering Egotrip, út seizoen 5, as klant. Mandy Negerman, dy't de rol fan Toet Flodder fertolke yn seizoen 1, kearde yn 'e ôflevering Rijles út seizoen 5 werom as learlinge.

Oare bekende persoanen dy't gastrollen yn 'e tillefyzjesearje Flodder fertolken, wiene û.o. Cynthia Abma, Najib Amhali, Ben Cramer, Jules Croiset, Ellen ten Damme, Frans van Deursen, Wendy van Dijk, Porgy Franssen, Theo van Gogh, Bart de Graaff, Frédérique Huydts, Arthur Japin, Frits Lambrechts, Victor Löw, Michiel Romeyn, Leontine Ruiters (letter Borsato), Ernst-Daniël Smid, Serge-Henri Valcke en Edwin de Vries.

seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant omrop
1 13 7 oktober 1993 30 desimber 1993 Veronica
2 13 6 oktober 1994 31 desimber 1994
3 10 1 oktober 1995 3 desimber 1995
4 13 23 jannewaris 1998 17 april 1998
5 13 24 april 1998 4 septimber 1998

Untfangst en resultaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Flodder hie as komeedzjesearje grut súkses op 'e Nederlânske tillefyzje en ek om utens, û.m. yn Dútslân. Op Veronica waarden de ôfleverings út 'e searje trochinoar troch 800.000 minsken besjoen, wat foar de 1990-er jierren poerbêste sjochsifers wiene. Sûnt is de searje suver sûnder ophâlden op 'e Nederlânske tillefyzje werhelle, oant 2001 troch Veronica, fan 2001 oant 2005 troch Yorin, fan 2005 oant 2015 op RTL5 en fan 2016 oant 2021 (no) op RTL7. Yn febrewaris 2016 waard Flodder troch de lêzers fan Veronica Magazine útroppen ta de bêste Nederlânske tillefyzjesearje fan 'e ôfrûne 25 jier. Yn Belgje waard de searje fan 2018 oant 2020 werhelle troch de Flaamske tillefyzjestjoerder CAZ.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.