Evangeelje fan Markus
Evangeelje fan Markus | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Εὐαγγέλιον κατὰ Μᾶρκον ("Euangelion kata Markon") | |
auteur | Jehannes Markus (?) | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 66 – 73 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Evangeelje fan Mattéus | |
● folgjend diel | Evangeelje fan Lukas | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Da Godstyding Bescreauwn trog Marcus | |
publikaasje | Gau, ±1860 | |
oersetter | Waalke van Borssum Waalkes |
It Evangeelje fan Markus, yn it oarspronklike Gryksk: τὸ Εὐαγγέλιον κατὰ Μᾶρκον, to Euangelion kata Markon (mar meastentiids koartwei Markus neamd), is it âldste evangeelje, en ien dat erkend wurdt as ien fan 'e fjouwer kanonike evangeeljes. It is it twadde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel en foarmet yn 'e mande mei de evangeeljes fan Mattéus en Lukas ien fan 'e trije synoptyske evangeeljes. It fertelt fan it libben en ûnderrjocht, de dea en de weropstanning út 'e dea fan 'e joadske learmaster Jezus fan Nazaret, dy't troch de kristenen beskôge wurdt as de messias en de Soan fan God. De earste ûnderskate Fryske oersettings fan it Evangeelje fan Markus ferskynden al yn 'e njoggentjinde iuw.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Evangeelje fan Markus wurdt troch moderne bibelwittenskippers en histoarisy datearre tusken 66 en 73 n.Kr., om't it frij wis is dat de skriuwer op 'e hichte wie fan 'e Joadske Opstân. Sûnt de tiid fan Klemins fan Aleksandrje hawwe teologen oannomd dat it yn Rome skreaun is; tsjintwurdich tinkt men earder oan Syrje, bgl. de stêd Antiochje. De tekst op himsels jout gjin oanwizing oangeande de identiteit fan 'e skriuwer, mar neffens de tradysje, dy't weromgiet op 'e teolooch Irenaeus en de biskop Papias fan Hiëropolis, beiden út 'e twadde iuw, moat it Jehannes Markus west hawwe, deselde dy't neamd wurdt yn 'e Hannelingen fan 'e Apostels, it Earste Brief fan Petrus en de brieven fan Paulus oan Filémon en de Kolossers. Hy soe earst in reismaat fan Paulus west hawwe en letter in assistint fan Petrus, dy't de wichtichste boarne foar syn ferhaal foarmje soe. Der is gjin ier kristlike tradysje bekend dy't it Evangeelje fan Markus oan in oar taskreaut as Jehannes Markus. Guon hjoeddeiske bibelwittenskippers (bgl. R. Pesch, J. Gnilka e.o.) binne lykwols fan tinken dat de skriuwer in anonime kristen wie.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn alle gefallen wie de skriuwer sels gjin eachtsjûge fan 'e yn Markus beskreaun foarfallen, mar hat er him by it skriuwen basearre op 'e oerlevering. De grûnslach foarme dêrby de tradysje (of mooglik in earder skreaune boarne) oer it lijen en de krusiging fan Jezus, dêr't de skriuwer oare gegevens út 'e Jezustradysje oan tafoege. Oan dat gehiel joech er in sterke literêr-teologysje struktuer mei. Dêrby moat wol oantekene wurde, dat guon ferhalen út Markus (dy't letter ek oernommen binne yn Mattéus en Lukas) frijwol wis net fan kristlike oarsprong binne. Sa bestiet der in teory (fan Dennis R. MacDonald and Richard Carrier) dy't hawwe wol dat it ferhaal fan "Legioen" (Markus 5:9) en dat fan 'e frou mei de albasterne flesse nardusbalsem (Markus 14:3-9) allebeide ûntliend binne oan Homêros syn Odyssee en basearre binne op Polyphemus, resp. Eurycleia.
Der wurdt fan útgien dat it Evangeelje fan Markus ynearsten foaral brûkt waard troch net-joadske kristenen, omdat joadske nammen en Arameeske útdrukkings ("Boanerges" (3:17); "Talitha Koem" (5:41); "Korban" (7:11); "Bartiméus" (10:46); "Abba" (14:36); "Eloi," ensf. (15:34)) yn dit evangeelje altyd hiel krekt ferkleare wurdt. Ek komme der relatyf sjoen net in protte ferwizings nei en sitaten út it Alde Testamint yn foar.
Skaaimerken fan it evangeelje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- In geslachtsregister fan Jezus krekt as yn Mattéus en Lukas ûntbrekt.
- De skriuwer stelt him Jezus foar as beklaaid mei macht, de liuw út 'e stam Juda.
- De skriuwer tekenet hiel persiis de wurden (3:17, 5:41, 7:11, 7:34, 14:36), lokaasje (9:35) en it meneuveljen (3:5, 3:34, 5:32, 9:36, 10:16) fan Jezus op.
- De skriuwer notearret ek hiel persiis alle details fan persoanen (1:29, 1:36, 3:6, 3:22, ensf.), oantallen (5:13, 6:7, ensf.), plakken (2:13, 4:1, 7:31, ensf.), en tiden (1:35, 2:1, 4:35, ensf.) dat yn 'e oare evangeeljes faak fuortlitten wurde.
- Dit evangeelje jout Jezus op bysûnder minsklike wize wer, útsein dan dat er de Kristus is. Hy wurdt lulk en fertrietlik (3:5), hat honger (11:12), sliept as er wurch is (4:38), en hâldt fan bern (10:16).
- De berte fan Jezus en syn bernsjierren ûntbrekke yn dit evangeelje. It giet oer syn libben as folwoeksene, en jout yn it bysûnder omtinken oan Jezus syn ûnskuldige dea oan it krús.
- Opfallend yn Markus is de ein; hiel oars as de oare evangeeljes hâldt Markus samar ynienen op. Nei de sabbat geane trije froulju nei Jezus syn grêf ta. It grêf blykt leech te wêzen, en in jongfeint fertelt harren dat Jezus opstien is út 'e dea en dat de dissipels him yn Galileä wer moetsje sille. Der wurdt fierders neat fertelt oer dy oankundige moeting mei de opstiene messias. Neitiid hat men besocht om dat hiaat op te foljen, dat alles dat nei Markus 16:8 komt is in lettere tafoeging.
Relaasje mei oare synoptyske evangeeljes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Markus is net inkeld it âldste evangeelje; it is ek it koartste. Boppedat hat it as boarne tsjinne foar sawol it Evangeelje fan Mattéus as it Evangeelje fan Lukas. Sadwaande hat Markus fan syn 662 fersen 406 gemien mei Mattéus en Lukas beiden en dêropta nochris 145 inkeld mei Mattéus en 60 inkeld mei Lukas. Net mear as 51 fersen steane allinne mar yn Markus. Sadwaande wurde dizze trije nau besibbe boeken de synoptyske evangeeljes neamd.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste Fryske oersetting fan it Evangeelje fan Markus ferskynde om 1860 hinne (ek wol datearre as: tusken 1853 en 1860) ûnder de titel Da Godstyding Bescreauwn trog Marcus, fan 'e hân fan dû. Waalke van Borssum Waalkes (1818-1866), herfoarme predikant te Gau. Yn 1897 kaam der in oare oersetting fan Markus út, diskear fan ûnderwizer en boekferkeaper Sake Kornelis Feitsma (1850-1918). Yn 1912 waard de oersetting fan Van Borssum Waalkes yn in "omstavere" ferzje útjûn troch Gerben Postma en Pieter de Clercq, mar dy hiene de tekst sa yngeand bewurke en oanpast, dat it eins in hiele oare fertaling wurden wie (sjoch ûnder). It hiele Frysktalige Nije Testamint kaam út yn 1933, yn in fertaling fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, deselden dy't yn 1943 ferantwurdlik wiene foar de earste folsleine bibeloersetting, dy't in útjefte fan it Nederlands Bijbelgenootschap yn opdracht fan it Kristlik Frysk Selskip wie. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting, mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel. Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan it Evangeelje fan Markus waard dêrby dien troch pater dr. S. Galama ofm, ûnderstipe troch frisikus M.J. de Haan. Lykwols kaam der yn 1994 in nije evangeeljefertaling út fan Wybren Jan Buma e.o., ûnder de titel De Fjouwer Evangeeljes, op 'e nij ferfryske.
Ferliking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bibelfers | Da Godstyding Bescreauwn trog Marcus (oers. W. van Borssum Waalkes, ±1860) |
It Evangeelje neffens Markus Forfryske (oanpassing oers. Van Borssum Waalkes troch G. Postma en P de Clercq, 1912) |
Nije Fryske Bibeloersetting (1978) |
---|---|---|---|
Markus 9:1-3 | In Hij sprieäk jen hjar: Mei wierins sis Ik jimma, dat ir binne ieniga fen dij't hjir steana, dij't da dea net smeitja silla, ta dat hja sjuwnd hawwa silla it koninkrijk fen God, komd wa͡ezinda mei kra͡eft. In nei sechz daegin naem Jesuz mei Him Petris in Jacobus, in Johannes, in brogta' hjarrin allinna yn 't bijsuwndir op nei ien heaga berg; in Hij waerd fan gedaenta foroara yn hjar bijwêâzin. In syn kleärin waerdena glinsterjinda, oërwyt lyk az snieä, sokk' az ien gnappir follir op da ierda net wyt meitsja kin. | En hy sei hjarren: Wiswier siz ik jimme, det der somliken binne fen dy't hjir steane, dy de dead nea net smeitsje scille oant hja sjoen habbe det it keninkryk Gods mei krêft kommen is. En nei seis dagen naem Jezus mei him Petrus en Jacobus en Johannes, en brocht hjar op in hege berch ôfsûnderlik, allinnich. En hy waerd foar hjar eagen fen oansjen foroare, en syn klean waerden blinkjende, oerwyt lyk as snie, sa as nin folder op ierde gûds wyt meitsje kin. | Hy sei tsjin harren: Under de minsken dy't hjir steane, binne guon dy't net stjerre sille, ear't se sjoen hawwe, dat it Godsryk mei krêft kommen is. Seis dagen neitiid naam Jezus Petrus, Jakobus en Jehannes mei en brocht harren op in hege berch, dêr't se hielendal ûnderinoar wienen. Foar har eagen feroare Er fan oansjen: syn klean begûnen sa glânzjend wyt te wurden as gjin mins op 'e wrâld se blikke kin. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Citations, Sources en Further reading, op dizze side. |