Ter Apelkanaal
Ter Apelkanaal | ||
Lokaasje Ter Apelkanaal yn de eardere gemeente Vlagtwedde | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerwâlde | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.015 1 jannewaris 2019 | |
Oar | ||
Postkoade | 9563 | |
Koördinaten | 52° 55' NB, 7° 2' EL |
Ter Apelkanaal (Grinslânsk: Troapelknoal) is in streekdoarp yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It doarp leit oan wjerskanten fan it kanaal mei deselde namme, dat in fuortsetting fan it Stedskanaal is. It doarp grinzget oan Ter Apel en Musselkanaal.
Under it doarp falle de buorskippen Jipsingboermussel, Lauderbeetse, Lauderzwarteveen, Sellingerbeetse (foar in lyts part) en Slegge, en allinnich foar de postadressen it Grinslânske part fan it doarp Zandberg.
De buorskippen Zandberg en Jipsingboermussel foarmje de noardlike part fan it lintdoarp en it doarp sels is it súdlike part.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1765 besleat de stêd Grins in kanaal grave te litten fan Bareveld oant Ter Apel, foarby de buorskippen Barnflair en Munnekemoer, dêr't it yn Drinte fierder giet as Stads-Compascuum Kanaal. It kanaal moast it oanmeitsjen fan it heechfean fan it Boertanger Fean befoarderje. It 38 kilometer lange kanaal kaam parallel oan de Semsliny te lizzen. It kanaal kaam ree yn 1856. It kanaal waard brûkt ynearsten foar de turffeart, en letter ek foar it ferfieren fan ierdappels foar de ierdappelyndustry en strie foar striekartonfabriken. Om dy plakken hinne fêstigen harren kafees en winkels, dat wer late ta it foarmjen fan in doarp.
Hjoed-de-dei wurdt it kanaal noch brûkt foar de rekreaasjefeart.
Fan 1924 oant 1935 hat der in stasjon fan de spoarline fan Stedskanaal nei Ter Apel stien. It stasjonsgebou út 1926 waard yn 1968 ôfbrutsen.
Yn 1926 waard der in houten tsjerkje yn it doarp pleatst dat yn Klazienaveen-Noard stien hat. Yn 1992 waard dy tsjerke ôfbrutsen.
Avebe
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Avebe hat in grut fabrykskompleks yn it doarp op it plak dêr't in lytse slach yn it kanaal sit. De ierdappelmoalfabryk waard yn 1904 as M & O (Musselkanaal en Omstreken) oprjochte troch 127 boeren. De fabryksgebouwen waarden yn 1913 boud.
Avebe, dat yn 1919 úteinsette as Aardappelzetmeel Verkoop Bureau (AVB), fuorsterke de ferkeap foar stikmannich selstannige koöperaasjes, wêrûnder M & O. Healwei de tweintichste iuw kamen de fabriken, dy't by Avebe oansletten wiene, mei in nij produkt: setmoalderivaten. Yn 1971 krige dat in nije ympuls doe't de fabriken en it ferkeapburo harren ta ien bedriuw ûntjoegen.
Yn 1964 fusearre de fabryk mei de ierdappelmoalfabriken Westerwolde út Veelerveen en Ter Apel en Omstreken út Ter Apel en waard de namme W.T.M. (Westerwolde, Ter Apel en Musselkanaal en Omstreken). Yn 1971 waard de fabryk dus in part fan it bedriuw Avebe.
Berne yn Ter Apelkanaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Greetje de Vries-Leggedoor (1955), CDA-politikus
- Anja Hazekamp (1968), politikus fan de Partij foar de Dieren, lid fan it Jeropeesk Parlemint
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |