Robert De Niro

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Robert de Niro

Robert Mario De Niro Jr. (New York, 17 augustus 1943) is in Amerikaansk akteur. Hy spilet faak yn films dy't regissearre binne troch Martin Scorsese. Njonken in oantal nominaasjes wûn er in Oskar foar Bêste Manlike Byrol yn The Godfather Part II (1974) en Bêste Manlike Haadrol yn Raging Bull (1980). Hy wurdt beskôge as ien fan de bêste akteurs fan syn generaasje.

Libbenrin[bewurkje seksje | edit source]

Robert De Niro waard berne yn de New Yorkse wyk Greenwich Village op 17 augustus 1943, as soan fan de skildershúshâlding Robert De Niro en Virginia Admiral. De Niro jr. folget in tonieloplieding oan it Stella Adler Conservatory of Acting en makket ferfolgens yn 1966 syn filmdebút yn The Wedding Party. Troch films fan regisseur Martin Scorsese, lykas Mean Streets (1973), Taxi Driver (1976), New York, New York (1977) en Raging Bull (1980), waard De Niro ien fan de meast súksesfolle akteur fan de santiger jierren.

Yn de njoggentiger jierren bewiist De Niro dat er ek in komysk talint hat mei syn films as Mistress (1992) en Mad Dog and Glory (1993). Sûnt 1993 produsearret er sels films, û.o. A Bronx Tale (1993), Marvin's Room (1996) en The Good Shepherd (2006).

Yn 2003 krige De Niro de Lifetime Achievement Award foar syn komplete oeuvre.

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]