Ronin (film)

Ut Wikipedy
Ronin
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John Frankenheimer
produsint Frank Mancuso jr.
senario J.D. Zeik
David Mamet (as Richard Weisz)
kamerarezjy Robert Fraisse
muzyk Elia Cmiral
filmstudio United Artists
FGM Entertainment
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer
spilers
haadrollen Robert De Niro
Jean Reno
Natascha McElhone
byrollen Stellan Skarsgård
Jonathan Pryce
Skipp Sudduth
Féodor Atkine
Sean Bean
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 25 septimber 1998
foarm langspylfilm
sjenre aksje-skriller, heistfilm
taal Ingelsk en Frânsk
spyltiid 121 minuten
budget en resultaten
budget $55 miljoen
opbringst $70,7 miljoen

Ronin is in Amerikaanske aksjeskriller en heistfilm út 1998 ûnder rezjy fan John Frankenheimer, mei yn 'e haadrollen Robert De Niro, Jean Reno en Natascha McElhone. De titel ferwiist nei de Japanske term rōnin foar in masterleaze kriger. It ferhaal giet oer in stikmannich hierlingen dy't yn 'e earm nommen wurde troch in jonge frou om in mysterieuze koffer te stellen fan in kloft swierbewapene lju. Ronin waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie net mear as in hiel beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in kafee yn 'e Paryske wyk Montmartre moetet in Ierse, Deirdre, twa Amerikanen, Sam en Larry, en in Frânsman, Vincent. Hja nimt harren nei in pakhûs, dêr't se opwachte wurde troch in Ingelsman, Spence, en in Dútser, Gregor. Ut petearen tusken de fiif manlju docht bliken dat se allegearre âld-militêren of âld-leden fan feilichheidstsjinsten binne, dy't no as hierling wurkje. Deirdre fertsjintwurdiget harren nije wurkjouwers, dy't anonym bliuwe wolle. Hja praat mei harren de misje troch wêrfoar't se ynhierd binne: se moatte in kolonne fan in stikmannich auto's yn in mûklaach lokje, de swierbewapene befeiligingslju útskeakelje en in metalen koffer bútmeitsje wêrfan't nea bekend wurdt wat der no eins yn sit.

As tarieding foar de misje moat it team oan genôch en gaadlike fjoerwapens sjen te kommen. Vincent, Sam, Larry en Spence geane nei in ôfsprutsen punt yn Parys om jild tsjin wapens út wikseljen mei in wapenhanneler mei wa't Deirdre de keap ôfsprutsen hat. It blykt lykwols in falstrik te wêzen as de wapenhannelers harren it jild ôfhandich besykje te meitsjen sûnder de wapens te leverjen. Troch de wachens fan Sam en de profesjonaliteit fan Vincent witte se har in wei út 'e swierrichheden te sjitten, en tanksij de sjauffeursfeardichheden fan Larry kinne se neitiid in efterfolging troch de Frânske plysje ôfskodzje. Spence, dy't ûnferantwurde risiko's nimt en nei ôfrin fan 'e sjitpartij de boel derút jaget, wurdt werom yn it pakhûs troch Sam lykwols ûntmaskere as ien dy't al syn kwalifikaasjes byinoar liigd hat. Hy wurdt dêrom troch Deirdre ôftanke foar't de haadmisje begjint.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens moetet Deirdre har opdrachtjouwer, IRA-kopstik Seamus O'Rourke, dy't har fertelt dat de Russyske maffia it kofferke ek hawwe wol. Har team moat dêrom sa gau mooglik yngripe om 'e ferkeap oan 'e Russen foar te kommen. It team set ôf nei Nice, oan 'e Frânske Riviêra, dêr't de ûnderhannelings tusken de mysterieuze besitters fan it kofferke en de Russen plakfine. As Deirdre mei in plan fan oanpak op 'e lapen komt, warskôget Sam har dat se dêrfoar twa man te koart komme. Deirdre seit dat dêr neat oan te dwaan is en set it plan troch. Wylst se tegearre by nacht út 'e auto wei in lânhûs yn 'e rekken hâlde dêr't de besitters fan it kofferke ferbliuwe, jouwe Sam en Deirdre ta oan harren wjerssidige seksuele oantrekking troch de leafde te bedriuwen.

De oare deis oerfalt it team de kolonne auto's fan 'e besitters fan it kofferke by La Turbie. Trochdat se, sa't Sam al warskôge hie, in pear man te koart komme, slagget it harren wol om alle begeliedende auto's út te skeakeljen, mar wit de auto mei it kofferke te ûntkommen. Nei in wylde efterfolging dy't begjint oer ûnferhurde wegen en einiget yn 'e nauwe strjitsjes fan 'e binnenstêd fan Nice, witte se de flechtsjende auto klem te riden. As der in sjitpartij útbrekt, makket Gregor gebrûk fan 'e gaos om it kofferke te stellen en dermei út te naaien. Hy besiket de rest fan it team te deadzjen mei in bom dy't er yn in soartgelikens kofferke ferstoppe hat, mar Sam trochsjocht syn plan op it lêste momint en smyt it nije kofferke fuort.

Neitiid iepenet Gregor, dy't in âld-lid fan 'e KGB is, ûnderhannelings mei Michi, in foaroanman fan 'e Russyske maffia dy't sels foarhinne ek foar de KGB wurke hat. Nettsjinsteande dy mienskiplike eftergrûn besiket Michi Gregor te bedragen troch him in koffer mei jild takomme te litten dat foar it meastepart út blanko papier bestiet. Gregor reägearret troch de kontaktpersoan dea te sjitten en dêrnei syn fraachpriis te fertrijedûbeljen.

Underwilens makket Sam, dy't foarhinne foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA wurke hat, gebrûk fan syn kontakten by syn âlde wurkjouwer om Gregor op te spoaren. Wannear't Gregor foar de twadde kear it bútmakke kofferke oan 'e Russen besiket te ferkeapjen, diskear yn it Romeinske Amfiteäter fan Arles, wurdt de útwikseling fan jild en guod ûnderbrutsen troch Sam, Vincent en Deirdre. Sam efterfolget de flechtsjende Gregor, dy't him ûntkomt. Deirdre en Vincent reitsje behelle yn in sjitpartij mei de Russen. Sam, dy't weromkomt om te helpen, rêdt it libben fan Vincent, mar wurdt yn 'e side rekke troch in ferdwaalde kûgel. Underwilens dûkt ek Seamus yn Arles op. Hy fermoardet Larry, dy't as sjauffeur yn 'e flechtauto klearsit, en fettet dêrnei in foarbykommende Gregor yn 'e kraach. Hy hjit Deirdre om yn te stappen en sûnder Sam en Vincent fuort te riden, wat sy mei tsjinnichheid docht. De feralterearre Sam en Vincent kape in passearjende auto en pike út.

Neitiid nimt Vincent de ferwûne Sam mei nei in lânhûs op it Frânske plattelân, dêr't in freon fan sines wennet dy't Jean-Pierre hjit. Dêr peuteret Vincent ûnder tafersjoch fan Sam sels de kûgel út syn wûne, wêrnei't er de wûne ûntsmet en hechtet. Mei't it gjin djippe wûne wie, betteret Sam dêrnei al rillegau wer op. Letter keare Vincent en Sam werom nei Parys, dêr't se mei help fan kontakten fan Jean-Pierre op 'e siik geane nei Gregor en de Ieren.

Yn Parys wurdt Gregor troch in gewelddiedige ûnderfreging oertsjûge om Seamus en Deirdre it kofferke te jaan, dat er ferstoppe hie troch it as in pakketsje nei himsels op te stjoeren. Wannear't se it op it postkantoar ôfhelje, wachtsje Sam en Vincent harren op, mar om't Sam gefoelens ûntwikkele hat foar Deirdre en wegeret har del te sjitten, slagget it har en Seamus om mei Gregor en it kofferke te ûntkommen. Der folget in spektakulêre efterfolging mei sjitten oer en wer, dêr't benammen ûnskuldige passanten de dupe fan wurde. Nei't se in ein as spûkriders oer in autosnelwei tusken it temjitte kommende ferkear troch slalomd hawwe, sjit Vincent lang om let in bân fan Deirdre har auto lek. Dêrtroch reitsje sy en har passazjiers fan it rjochte paad ôf en komme se telâne op in ûnôf fiadukt dêr't se mei auto en al fan ôf trûdelje. Foar Sam en Vincent binne se dêrûnder ûnberikber. Wylst Deirdre tydlik fêstsit yn it autowrak en Seamus in skoft bewusteleas rekket, wit Gregor mei it kofferke te ûntkommen.

Sam en Vincent witte net wêr't se Gregor no sykje moatte, dat se beslute it fan 'e oare kant oan te pakken. Mei't er perfoarst besykje sil it kofferke fannijs oan 'e Russen te ferkeapjen, geane se op 'e siik nei de Russen. It docht bliken dat Michi, de foaroanman fan 'e Russyske maffia, in jonge freondinne hat, de ferneamde keunstrydster Natasja Kirilova. Dyselde lit har keunsten sjen yn 'e iishal Le Zénith foar in publyk fan tûzenen. Sam en Vincent bejouwe har ûnder it publyk en hâlde Michi yn 'e rekken. As dy ûnder it optreden fan Natasja fuortroppen wurdt foar in moeting mei Gregor, folgje se him. Gregor fertelt Michi dat er in fertrouling opdracht jûn hat om boppe út 'e hal wei Natasja mei in skerpskuttersgewear ûnder skot te nimmen. As hysels dyjinge net binnen de stelde tiid opskillet om te sizzen dat er it jild ûntfongen hat en yn feilichheid is, sil de skutter Natasja deasjitte. It docht lykwols bliken dat Gregor him raar fersjoen hat op 'e relaasje tusken Michi en Natasja, want Michi kiest derfoar om Gregor dea te sjitten en de dea fan Natasja op 'e keap ta te nimmen.

As Sam en Vincent arrivearje, treffe se Gregor dea oan en is it kofferke poater. Se efterfolgje Michi nei bûten ta, wêrby't se har tusken it troch de moard op Natasja yn panyk alle kanten útspattende publyk hinne wrakselje moatte. Underwilens wurdt Michi bûtendoar opwachte troch Seamus, dy't him ûnferhoeds deasjit en it kofferke oernimt. Sam en Vincent geane útinoar. Vincent giet efter Seamus oan, mar rekket ferwûne as de efterfolging op in sjitpartij útrint. Underwilens siket Sam de flechtauto mei Deirdre efter it stjoer. As er har fynt, hjit er har om te meitsjen dat se fuortkomt. Hy bringt út dat er nea by de CIA weigien is, en dat syn hiele belutsenens by de saak in undercoveroperaasje is om Seamus op te spoaren en út te skeakeljen. As se dat heart, kiest Deirdre derfoar om harsels te riden en docht se wat Sam har oanrikkemandearre hat troch út te piken en Seamus yn syn eigen sop gearsiede te litten. Seamus wurdt dêrtroch twongen en sykje binnendoar beskûl. Sam efterfolget him nei de kelders fan 'e iishal, dêr't er yn in mûklaach rint wêrby't Seamus him yn it skouder sjit. Ear't Seamus Sam lykwols it genedeskot jaan kin, wurdt er sels fan efteren deasketten troch Vincent.

Sam en Vincent moetsje inoar noch in lêste kear yn it kafee yn Montmartre dêr't se foar it earst mei-inoar yn 'e kunde kommen binne. Sam sjocht hieltyd sykjend om him hinne, mar Vincent seit dat Deirdre wol wizer is as om werom te kommen nei in bekende lokaasje. Wylst de beide mannen as freonen ôfskie nimme en elts har wegen geane, fernijt in radiobulletên fan 'e BBC dat der in fredesakkoart sletten is tusken it Britske regear en Sinn Féin, de politike tûke fan 'e IRA. De oerienkomst is foar in wichtich part mooglik makke troch de útskeakeling troch ûnbekenden fan it eardere IRA-kopstik Seamus O'Rourke, dy't him fan 'e IRA ôfspjalten hie om't er op frede tsjin wie, en dy't it fredesproses drige te sabotearjen.

Alternative einen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Regisseur John Frankenheimer filme twa alternative einen foar de film.

Yn 'e earste alternative ein beächtet Deirdre de lêste moeting tusken Sam en Vincent yn Montmartre fan 'e treppen njonken it kafee ôf. Se tinkt deroer om har by harren te jaan, mar beslút dat net te dwaan en giet de treppen op, werom nei har auto. Dêr wurdt se oermastere en yn in buske skuord troch IRA-leden dy't har beskuldigje fan ferrie. De ymplikaasje is dat se har meinimme om har op in stil plak te fermoardzjen. Sam en Vincent, dy't harren folslein ûnbewust binne fan 'e ûntfiering fan Deirdre, nimme ôfskie en gean elts har eigen wei.

De twadde alternative ein is gelyk oan 'e earste, útsein dat Deirdre diskear by har auto troch nimmen opwachte wurdt, mar ynstapt en fuortriidt.

Robert De Niro.
Jean Reno.
Natascha McElhone.

De twadde alternative ein waard troch Frankenheimer sels ôfwiisd om't it "te Hollywood" wêze soe, troch foarút te wizen nei in mooglike ferfolchfilm. De earste alternative ein hie de foarkar fan Frankenheimer, dy't fûn dat er "echt wurke". Mar doe't de film foarset waard oan in testpublyk, die bliken dat it publyk de earste alternative ein "hate" (neffens Frankenheimer) om't men Deirdre net dea hawwe woe. Filmstudio Universal Pictures, dy't de film finansierde, skaarde him dêrnei efter de miening fan it testpublyk. Frankenheimer besleat doe ta in kompromis troch Deirdre yn 'e lêste sêne fan 'e film hielendal wei te litten.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje             akteur/aktrise
Sam Robert De Niro
Vincent Jean Reno
Deirdre Natascha McElhone


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Gregor Stellan Skarsgård
Seamus O'Rourke Jonathan Pryce
Larry Skipp Sudduth
Michi Féodor Atkine
Spence Sean Bean
Jean-Pierre Michael Lonsdale
Natasja Kirilova Katarina Witt

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Senarioskriuwer J.D. Zeik krige it basisidee foar Ronin nei't er mei fyftjin jier de roman Shōgun, fan James Clavell, lêzen hie. Dêrút putte er eftergrûnynformaasje oer echte rōnin, masterleaze samoerai, dy't er letter yn syn senario ferwurke. Oer de setting foar it skript sei Zeik: "Withoefolle jierren letter yn Nice, de lokaasje fan ien fan 'e wichtichste dielen fan it ferhaal, stoarre ik yn 'e sinne op en seach ik de silhûetten fan fiif swierbewapene sjendarmes dy't de Promenade des Anglais oerstieken. Dat byld makke dat ik besefte dat ik de film yn Frankryk spylje litte woe."

De bistro yn 'e Paryske wyk Montmartre (fotografearre yn 2011, doe't er leechstie), mei rjochts de treppen, dy't prominint yn 'e film te sjen binne.

Behalven Zeik wurke ek toanielskriuwer David Mamet oan it senario. Oer wa't de skriuwer wie fan it skript sa't dat úteinlik ferfilme waard, binne de mienings ferdield. Neffens Zeik waard Mamet by de film behelle koart foar't de opnamen úteinsette soene om 'e rol fan Robert De Niro wichtiger te meitsjen en in froulik personaazje ta te foegjen dêr't syn personaazje fereale op reitsje koe. De bydragen fan Mamet hiene sadwaande neffens Zeik net folle om 'e hakken. Regisseur John Frankenheimer sei lykwols dat Mamet eins it senario skreaun hie op basis fan in idee fan Zeik. Dêr heakke er oan ta: "We hawwe net ien inkele regel út it senario fan Zeik ferfilme." Yn septimber 1998 loek Frankenheimer dy ferklearring yn in iepen brief oan it tydskrift Variety wer yn. Hy skreau û.m.: "Zeik fertsjinnet erkenning foar in wichtige bydrage oan dizze film, en ik bin der grutsk op om mei him gearwurke te hawwen." Doe't Mamet te hearren krige dat er yn 'e begjintitels en op 'e ôftiteling tegearre mei Zeik neamd wurde soe as senarioskriuwer, stied er derop om it pseudonym "Richard Weisz" te brûken, mei't er him earder foarnommen hie om inkeld syn namme te ferbinen oan projekten wêrfoar't hy de iennichste senarist wie.

As produsint wie Frank Mancuso jr. by Ronin belutsen foar de filmstudio's United Artists (UA) en FGM Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $55 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Fraisse, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Elia Cmiral.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Ronin setten op 3 novimber 1997 útein en duorren oant en mei 3 maart 1998. Yn totaal wiene der 78 draaidagen, mei't de produksje fan 19 desimber oant en mei 4 jannewaris stillei. De film waard op lokaasje yn Frankryk opnommen, wêrby't benammen filme waard yn Parys, Nice en Arles. Yn dat lêste plak waarden de sênes yn it Romeinske Amfiteäter fan Arles opnommen. De sênes by en yn 'e lobby fan it hotel yn Nice waarden eins filme by en yn it Hotel Barrière Le Majestic yn Cannes. Foar de klimaktyske sêne mei de yn panyk rekke minskemannichte by de iishal Le Zénith yn Parys waarden ûnder tafersjoch fan castingdirector Margot Capelier likernôch 2.000 figuranten ynset.

Yn it Romeinske Amfiteäter fan Arles waard ien fan 'e wapene konfrontaasjes yn Ronin filme.

Foar de iepeningssêne yn in Parysk kafee en de sêne mei de operaasje yn in lânhûs op it Frânske plattelân waarden twa folsleine filmsets neiboud yn Épinay. De bûtendoarsênes by it kafee, mei de treppen, waarden opnommen by in bistro yn 'e Paryske wyk Montmartre. De iene auto-efterfolging waard filme yn La Turbie en Nice, en de oare yn Parys, by La Défense. It diel fan 'e efterfolging wêrby't de auto's spûkride op in autosnelwei waard yn fjouwer oeren tiid opnommen op in ôfsette wei. De sêne yn 'e tunnel waard by nacht filme, om't dy oerdeis net ticht koe.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Ronin waard fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer (MGM), de memme-ûndernimming fan United Artists. De film belibbe syn wrâldpremiêre op 12 septimber 1998, op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. Dêrnei iepene Ronin op 25 septimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde moanne by platemaatskippij Varèse Sarabande. Ronin waard yn febrewaris 1999 útbrocht as VHS-keapfideo en op dvd, en kaam yn febrewaris 2009 út op blu-ray.

It Hotel Barrière Le Majestic yn Cannes, dêr't de sêne yn 'e hotellobby opnommen waard.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Ronin oer it algemien positive resinsjes. Fral de cast krige in protte lof taswaaid, wêrby't in soad resinsinten benammen Robert De Niro neamden. Todd McCarthy fan it tydskrift Variety skreau bgl. dat De Niro de film geande hold. Fierders wie der ek in protte bewûndering foar de auto-efterfolgings, dy't Janet Maslin yn The New York Times kwalifisearre as "neat minder as sensasjoneel". Michael O'Sullivan fan The Washington Post fûn se lykwols te lang, en McCarthy fûn dat der tefolle sprongen fan shot nei shot yn sieten. McCarthy en O'Sullivan fûnen allebeide dat de sêne wêryn't Sam (De Niro) en Deirdre (Natascha McElhone) har yn 'e lobby fan in hotel foardogge as toeristen om 'e doelwiten fan harren operaasje fan deunby bespionearje te kinnen, ien fan 'e bêste dielen fan 'e film wie. Ronin waard in protte ferlike mei eardere films fan regisseur John Frankenheimer dêr't spektakulêre efterfolgingssênes ynsieten, fral Bullitt (1968) en The French Connection (1971).

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Ronin in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 70 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Ronin fertsjinnet it ferlike te wurden mei The French Connection troch sterke aksje, dynamyske efterfolgingssênes en solide aktearprestaasjes." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Ronin in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 23 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ronin brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $41,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $29,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $70,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $55 miljoen betsjut dat in tige beskieden winst fan $15,7 miljoen, dêr't de marketingkosten noch ôf moatte.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.