Sharon Stone

Ut Wikipedy
Sharon Stone 2005
Sharon Stone yn 2004
Sharon Stone by de Premiêre fan „When a man falls in the forest“ yn Berlyn (2007)

Sharon Vonne Stone (Meadville (Pennsylvania), 10 maart 1958) is in Amerikaanske aktrise, filmprodusint en earder model. Hja waard tige bekend troch har rol yn Paul Verhoevens film Basic Instinct.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stone waard berne as it twadde bern (fan de fjouwer) fan Joe en Dorothy Stone, beide út de arbeidersklasse. As bern lies hja leaver as dat se mei oare bern boarte. Mei in IQ fan 154 waard se op har fyftjinde al op de Edinboro University talitten.

Ein jierren 70 gie se oan 't wurk as model by de Ford Modeling Agency, mar dat befoel har net sa en yn 1980 begjint se mei aktearjen. Sharon Stone krige yn 1980 in lytse rol yn Woody Allens Stardust Memories, har filmdebút.

Fan 1984 - 1990 wie se troud mei telefyzjeprodusint Michael Greenburg.

Yn de jierren tachtich foel it Stone net ta om rollen te finen oars as dy fan it stereotype "domme blondje". De films dêr't sy yn de tiid yn spile (û.o. King Solomon's Mines (1985), Police Academy 4: Citizens on Patrol, Action Jackson), hienen net in protte súkses by kritisy en publyk.

Dat feroare yn 1990, doe't hja in rol krige yn Paul Verhoeven syn Total Recall, dêr't se in heak fan in frou fan Arnold Schwarzenegger yn spile. Dat jier posearre se ek foar de Playboy. Dochs duorre it noch twa jier eardat se in rol fan bestjutting krige, it waard in haadrol yn wer in film fan Verhoeven, Basic Instinct, neist Michael Douglas. Dy film makke fan Stone in wiere stjer. Sy spilet in iiskâlde biseksuele ferliedster; fral de sêne op it plysjeburo dêr't se yn sjen lit dat se gjin slipke oan hat, is wrâldferneamd wurden.

Yn de neikommende films, Sliver en The Specialist (mei Sylvester Stallone), borduerde se fierder op it eroatyske en het ferliedlike út de Verhoeven-films. Yn 1995 lit Stone har lykwols fan in earnstige kant sjen, mei rollen yn Sam Raimi's western The Quick and the Dead en Martin Scorsese syn Casino. De lêste film smiet har in Golden Globe en in Oskarnominaasje foar Bêste Aktrise op.

De measte fan de dêrnei kommende films wienen gjin súkses, útsein de ynsekte-animaasje Antz. Yn 2004 spile Stone tsjinoer Halle Berry yn Catwoman, dy't úteinlik ek folle súkses hie. Yn 2006 kaam it ferfolch fan Basic Instinct, Basic Instinct 2: Risk Addiction, út.

Yn 1998 troude sy mei redakteur Phil Bronstein. Se giene út elkoar yn 2004. Tegearre hawwe sy in adoptearre soan, Roan Joseph (2000). Stone hat noch in adoptearre soan, Laird Vonne, berne yn 2005.

Yn 2005 kaam Sharon Stone iepenlik út foar har biseksualiteit. Hja is in bekend fjochtster foar gelike rjochten fan homoseksuelen.

Filmografy (seleksje)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]