Gebit

Ut Wikipedy
In röntgenfoto fan in diel fan it minsklik gebit.

It gebit of gebyt is it gehiel fan tosken en kiezzen yn 'e mûle fan in minske of de bek fan in bist.

In gebit hat ferskate funksjes, wêrfan't de wichtichste de (foar)ferwurking fan iten is. Foar bisten foarmet it gebit dêrnjonken ek ien fan 'e wichtichste wapens, dat ynset wurde kin foar sawol predaasje as selsferdigening. Oan 'e gearstalling fan in gebit kin men sjen oft in bist in karnivoar, in herbivoar of in omnivoar is. Rûchwei kin men nammentlik stelle dat karnivoaren gjin kiezzen hawwe en herbivoaren mar amperoan oer snijtosken beskikke, wylst omnivoaren in kombinaasje fan dy beide toskfoarmen hawwe.