Katherine Helmond

Ut Wikipedy
Katherine Helmond
akteur
Katherine Helmond by de útrikking fan 'e Emmy Awards yn 1989.
Katherine Helmond by de útrikking fan 'e
Emmy Awards yn 1989.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Katherine Marie Helmond
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 july 1929
berteplak Galveston (Teksas)
stoarn 23 febrewaris 2019
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Iersk
jierren aktyf 19552018
prizen Golden Globe 1980 & 1989
offisjele webside
n.f.t.

Katherine Helmond (folút: Katherine Marie Helmond; Galveston, 5 july 1929Los Angeles, 23 febrewaris 2019) wie in Amerikaansk toaniel-, tillefyzje- en filmaktrise, dy't ek aktyf wie as tillefyzjeregisseur. Yn 'e Feriene Steaten briek hja yn 'e twadde helte fan 'e 1970-er jierren troch mei har rol as Jessica Tate yn 'e komyske soapsearje Soap. Wrâldwiid krige se mids 1980-er jierren bekendheid as Mona Robinson yn 'e komeedzjesearje Who's the Boss? Helmond wurke ek as stimaktrise en wûn twaris in Golden Globe, yn 1980 en yn 1989.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Helmond waard yn 1929 berne yn Galveston, oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko yn 'e Amerikaanske steat Teksas, as de dochter fan Joseph P. Helmond (1904-1983) en Thelma Malone (1910-1981). Hja wie fan etnysk Iersk komôf. Helmond waard grutbrocht troch har mem en beppe, dy't allebeide fromme roomsen wiene. Se gie nei in roomske legere skoalle, dêr't se foar it earst yn kontakt kaam mei aktearjen doe't se yn ferskate skoalletoanielstikken spile. Nei't se de middelbere skoalle ôfmakke hie, studearre se in semester oan 'e Bob Jones Universiteit yn Greenville (Súd-Karolina), dêr't se yn 'e film Wine of Morning spile, dy't troch dy universiteit produsearre waard.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1955 ferfear Helmond nei New York, dêr't se har karriêre begûn op it toaniel, mei in rol yn Shakespeare syn As You Like It. Letter runde se trije jier efterinoar in simmerteäter yn it Catskill-berchtme yn New York-Steat, wylst se de rest fan it jier aktearlessen joech op ferskate universiteiten. Yn 1962 makke se har debút op 'e tillefyzje yn in ôflevering fan 'e searje Car 54, Where Are You?, mar oant de 1970-er jierren lei se har benammen ta op it toaniel. Se stie ferskate kearen op Broadway, û.m. yn toanielstikken as Private Lives, Don Juan en Mixed Emotions. Yn 1973 waard se nominearre foar in Tony Award (de meast prestizjeuze Amerikaanske toanielpriis) foar har rol yn 'e Broadway-útfiering fan it stik The Great God Brown, fan Eugene O'Neill.

Katherine Helmond yn 1977.

Fan 1971 ôf wie Helmond ek te sjen op it wite doek, yn films as The Hospital (1971), The Hindenburg (1975), Family Plot (1976), Time Bandits (1981), Brazil (1985) en Lady in White (1988). Foar dy lêste rol waard se nominearre foar in Saturn Award yn 'e kategory bêste froulike byrol. Op 'e tillefyzje spile se de rol fan Emma Borden (de suster fan) yn 'e tillefyzjefilm The Legend of Lizzie Borden (1975). Fan 1977 oant 1981 hie se in fêste rol as Jessica Tate, de matriarch fan 'e famylje Tate, yn 'e komyske soapsearje Soap. Mei dy rol briek Helmond yn 'e Feriene Steaten troch. Se wûn der yn 1980 in Golden Globe mei foar bêste aktrise yn in komeedzjesearje of tillefyzjemusical, en waard der fjouwer jier efterinoar (fan 1978 oant en mei 1981) foar nominearre foar in Emmy Award.

Yn 1983 folge Helmond in workshop regissearjen oan it American Film Institute, wêrnei't se in ôflevering fan 'e tillefyzjesearje Benson regissearre dêr't se sels ek in gastrol yn hie. Fan 1984 oant 1992 spile se de rol fan Mona Robinson (de mem fan Angela Bower, spile troch Judith Light) yn 'e komeedzjesearje Who's the Boss?, mei fierder Tony Danza en Alyssa Milano. Yn dy rol krige Helmond ek bûten de Feriene Steaten bekendheid. Se wûn der yn 1989 in Golden Globe mei foar bêste froulike byrol yn in searje, minysearje of tillefyzjefilm. Yn 1986 waard se foar har rol yn Who's the Boss? foar dyselde priis nominearre, en yn 1988 en 1989 waard se dêrfoar nominearre foar in Emmy foar bêste froulike byrol.

Fan 1995 oant 1997 hie Helmond in weromkearende rol yn alve ôfleverings fan 'e searje Coach as Doris Sherman, de eksintrike eigneresse fan it fiktive Amerikaansk fuotbalteam de Orlando Breakers. Fan 1996 oant 2004 spile se Lois Whelan, de skoanmem fan Raymond Barone, yn fjirtjin ôfleverings fan 'e komeedzjesearje Everybody Loves Raymond. Dêrfoar waard se nochris nominearre foar in Emmy, diskear yn 'e kategory bêste froulik gastrol yn in komeedzjesearje. Fierders hie se gastrollen yn tillefyzjesearjes as The Glades, Melissa & Joey en True Blood. As stimaktrise liende Helmond fierders har stim oan it personaazje Lizzie yn 'e lange tekenfilm Cars (2006) en de ferfolgen Cars 2 (2011) en Cars 3 (2017). Yn deselde snuorje krige se op it toaniel loovjende kritiken foar har rol yn Eve Ensler har Fagina Monologen.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1957 troude Helmond mei in George N. Martin, fan wa't se yn 1962 skiede. Datselde jiers noch troude se op 'e nij, diskear mei David Christian, mei wa't se de rest fan har libben troud bleau. Se wennen efterinoar yn New York, op Long Island, yn Londen en yn Los Angeles. Helmond hie gjin bern. Sy en har man wiene boedisten.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2018 hie Helmond har lêste rol yn 'e film Frank and Alva. Hja litte oan 'e sykte fan Alzheimer, dy't geandewei oanboaze. Op 23 febrewaris 2019 kaam se thús yn Los Angeles yn 'e âlderdom fan 89 jier te ferstjerren oan komplikaasjes fan demintens. Har dea waard in wike letter buorkundich makke.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.