Lisa Bonet
Ut Wikipedy
Lisa Michelle Bonet (San Francisco (Kalifornje), 16 novimber 1967) is in Amerikaansk aktrise. Sy spile de rol fan Denise Huxtable-Kendall yn The Cosby Show. Dêrtroch is sy fral bekend. Hja begûn mei aktearjen doe't hja 11 jier wie, foaral op audysjes en yn reklames foar televyzje.
Lisa Bonet is berne yn San Francisco, út in Afrikaanshe heit en in Joadsk-Amerikaanske mem.
Op har tweintichste troude hja mei de popsjonger Lenny Kravitz. Op 1 desimber 1988 krigen sy in dochter, Zoe Isabella Kravitz, mar op 12 april 1993 binne sy dochs út elkoar gien.
Tsjintwurdich (2007) is sy fegetariër en libbet sy mei yogalearaar Brian Kest fan wa't hja in soan hat. Sy wenje yn de omkriten fan Los Angeles.
[bewurkje seksje] Filmografy
- Angel Heart (1987)
- Bank Robber (1993)
- New Eden (1994)
- Dead Connection (1994)
- Enemy of the State (1998)
- High Fidelity (2000)
- The Lathe of Heaven (2002)
- Biker Boyz (2003)
- Whitepaddy (2006)
- Gambit (2007)
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Lisa Bonet by Internet Movie Database