Springe nei ynhâld

Tall Ships' Races

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tall Ships Races)
Tall Ships' Races
De Amerigo Vespucci yn New York, yn 1976.
De Amerigo Vespucci yn New York, yn 1976.
plak en tiid
lân wikselet
plak wikselet
tiid fan it jier july en/of augustus
bysûnderheden
soarte evenemint sport (silen)
bestean 1956 – no
org. troch Sail Training International
offisjele webside
Tall Ships' Races op Facebook

De Tall Ships' Races binne in ynternasjonale sylwedstryd yn Jeropa foar saneamde tallships (grutte sylskippen), dy't elts jier yn july en/of augustus holden wurdt. It start- en finishplak en de ôf te lizzen rûte binne elts jier oars, mar it trajekt bestiet (tsjintwurdich) ornaris út twa wedstrydetappes fan ferskate hûnderten seemilen, mei dêrtuskenyn in 'freonskipsfeart' dy't de skippen mei-inoar farre. Guon jierren wurde der twa wedstriden holden yn ferskillende dielen fan 'e wrâld. De Tall Ships' Races, dy't foar it earst yn 1956 organisearre waarden, binne bedoeld om ynternasjonale freonskip oan te fiterjen en om jongerein ûnder de 25 jier yn 'e kunde komme te litten mei de see en mei it silen. It is dêrom ferplichte dat de helte fan 'e bemanning tusken de 15 en 25 jier âld is.

Dielnimmende skippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Elts sylskip of jacht mei in lingte boppe de wetterline fan 9,14 m of mear mei oan 'e Tall Ships' Races dielnimme salang't it oan 'e feilichheidseasken foldocht. Tsjintwurdich giet it dêrby faak om mear as hûndert skippen, mei dêrûnder yn 'e regel de grutste sylskippen fan 'e wrâld.

De Alexander von Humboldt II en de Sorlandet (mei op 'e eftergrûn de Stad Amsterdam) yn 'e haven fan Harns ûnder de Tall Ships' Races 2014.

Yn 'e njoggentjinde iuw rekken grutte sylskippen yn it neigean troch de opkomst fan 'e steamfeart. Nei de Twadde Wrâldoarloch drigen tallships hielendal te ferdwinen. It wie in pinsjonearre abbekaat út Londen, in Bernard Morgan, dy't as earste op it idee kaam om jongerein út ferskate lannen op 'e doe noch besteande tallships gear te bringen om it silen te learen by in freonlike ûnderlinge sylwedstryd. De doetiidske Portegeeske ambassadeur yn it Feriene Keninkryk, dr. Pedro Theotonio Pereira, wie in entûsjast ûnderstiper fan dat idee, om't it neffens him ynternasjonale freonskip tusken jongerein oanfiterje soe.

De beide mannen begûnen yn 1953 serieus te oerlizzen hoe't se harren plannen ferwurklikje koene, en sa waard yn 1956 de earste edysje fan 'e Tall Ships' Races organisearre. De wedstryd gie fan Torquay, oan 'e súdkust fan it Ingelske Devon, nei de Portegeeske haadstêd Lissabon, en der diene tweintich fan 'e oerbleaune tallships oan mei. De publike belangstelling wie sa grut, dat Morgan en Pereira besleaten en rjochtsje de feriening Sail Training International op om folgjende edysjes te organisearjen. Neitiid waarden de Tall Ships' Races yn ferskate dielen fan 'e wrâld holden, en hawwe se opteld miljoenen belangstellenden lutsen.

Fan 1973 oant 2003 stiene de Tall Ships' Races bekend as de Cutty Sark Tall Ships' Races, om't it evenemint doe sponsore waard troch Cutty Sark-whisky. Fan 2004 oant 2010 waard de wedstryd sponsore troch de Stêd, Provinsje en Haven fan Antwerpen. Sûnt 2010 is de sponsor de Poalske stêd Szczecin. Yn 2006 waard de fyftichste edysje iepene troch de Britske prins-gemaal Philip, hartoch fan Edinburch, deselde dy't ek it startsein jûn hie by de alderearste wedstryd yn 1956.

Under de Tall Ships' Races fan 2013 fergie it Noarske sylskip de Wyvern yn 'e Eastsee tusken de Sweedske eilannen Gotlân en Ölân. De bemanning waard rêden, mar in bemanningslid fan 'e Nederlânske skoender Wylde Swan ferdronk nei't er by wize fan in rêdingsaksje mei twa oaren oan board fan 'e Wyvern gien wie. Yn 2014 wie de Fryske havenstêd Harns by de Tall Ships' Races 2014 it startpunt. Yn 2018 wie dyselde stêd yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 it einpunt fan 'e Tall Ships' Races 2018.

Rûtes (ynsafier nei te gean)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier start tuskenstops finish
1956 Torquay (Ingelân) Lissabon (Portegal)
1991 Milford Haven (Ingelân) Cork (Ierlân)
Belfast (Noard-Ierlân)
Aberdeen (Skotlân)
Delfsyl (Nederlân)
1993 Newcastle-upon-Tyne (Ingelân) Bergen (Noarwegen)
Larvik (Noarwegen)
Esbjerg (Denemark)
Antwerpen (Belgje)
1994 Weymouth (Ingelân) La Coruña (Spanje)
Porto (Portegal)
Saint-Malo (Frankryk)
1995 Edinburch (Skotlân) Bremerhaven (Dútslân)
  Frederikshavn (Denemark)
Amsterdam (Nederlân)
Seebrugge (Belgje)
1996 Sint-Petersburch (Ruslân) Kotka (Finlân)
Turku (Finlân)
Kopenhagen (Denemark)
1997 Aberdeen (Skotlân) Trondheim (Noarwegen)
Stavanger (Noarwegen)
Goateboarch (Sweden)
1998 Falmouth (Ingelân) Lissabon (Portegal)
Vigo (Spanje)
Dublin (Ierlân)
1999 Saint-Malo (Frankryk) Greenock (Skotlân)
Lerwick (Skotlân)
Aalborg (Denemark)
2000 Southampton (Ingelân) Cádiz (Spanje)
Genua (Itaalje)
Cádiz (Spanje)
Hamilton (Bermuda)
Boston (Feriene Steaten)
Halifax (Kanada)
Amsterdam (Nederlân)
2001 Antwerpen (Belgje) Ålesund (Noarwegen)
Bergen (Noarwegen)
Esbjerg (Denemark)
2002 Alicante (Spanje) Málaga (Spanje)
La Coruña (Spanje)
Santander (Spanje)
Portsmouth (Ingelân)
2003 Gdynia (Poalen) Turku (Finlân)
Riga (Letlân)
Travemünde (Dútslân)
2004 Antwerpen (Belgje) Aalborg (Denemark)
Stavanger (Noarwegen)
Cuxhaven (Dútslân)
2005 Waterford (Ierlân) Cherbourg (Frankryk)
Newcastle-upon-Tyne/Gateshead (Ingelân)
Fredrikstad (Noarwegen)
Torbay (Ingelân)
Santander (Spanje)
2006 Saint-Malo (Frankryk) Lissabon (Portegal)
Cádiz (Spanje)
La Coruña (Spanje)
Antwerpen (Belgje)
2007 (Eastsee) Aarhus (Denemark) Kotka (Finlân)
Stockholm (Sweden)
Szczecin (Poalen)
2007 (Middellânske See) Barseloana (Spanje) Genua (Itaalje)
Toulon (Frankryk)
Alicante (Spanje)
2008 (Ingelân) Måløy (Noarwegen)
Bergen (Noarwegen)
De Helder (Nederlân)
2009 (Eastsee) Gdynia (Poalen) Sint-Petersburch (Ruslân)
Turku (Finlân)
Klaipėda (Litouwen)
2009 (Atlantyske Oseaan) Vigo (Spanje) Santa Cruz de Tenerife (Kanaryske Eilannen)
Hamilton (Bermuda)
Charleston (Feriene Steaten)
Boston (Feriene Steaten)
Halifax (Kanada)
Belfast (Noard-Ierlân)
2010 Antwerpen (Belgje) Aalborg (Denemark)
Kristiansand (Noarwegen)
Hartlepool (Ingelân)
2011 Waterford (Ierlân) Greenock (Skotlân)
Lerwick (Skotlân)
Stavanger (Noarwegen)
Halmstad (Sweden)
2012 Saint-Malo (Frankryk) Lissabon (Portegal)
Cádiz (Spanje)
La Coruña (Spanje)
Dublin (Ierlân)
2013 Aarhus (Denemark) Helsinki (Finlân)
Riga (Letlân)
Szczecin (Poalen)
2014 (Tall Ships' Races 2014) Harns (Nederlân) Fredrikstad (Noarwegen)
Bergen (Noarwegen)
Esbjerg (Denemark)
2015 Belfast (Noard-Ierlân) Ålesund (Noarwegen)
Kristiansand (Noarwegen)
Aalborg (Denemark)
2016 Antwerpen (Belgje) Lissabon (Portegal)
Cádiz (Spanje)
La Coruña (Spanje)
Blyth (Ingelân)
2017 Halmstad (Sweden) Kotka (Finlân)
Turku (Finlân)
Klaipėda (Litouwen)
Szczecin (Poalen)
2018 (Tall Ships' Races 2018) Sunderland (Ingelân) Esbjerg (Denemark)
Stavanger (Noarwegen)
Harns (Nederlân)
2019 Aalborg (Denemark) Fredrikstad (Noarwegen)
Bergen (Noarwegen)
Aarhus (Denemark)
Antwerpen (Belgje)
2020 Lissabon (Portegal) Cádiz (Spanje)
La Coruña (Spanje)
Dúntsjerk (Frankryk)
2021 Klaipėda (Litouwen) Turku (Finlân)
Tallinn (Estlân)
Mariehamn (Ålân)
Szczecin (Poalen)
2022 Esbjerg (Denemark) Harns (Nederlân)
Antwerpen (Belgje)
Aalborg (Denemark)
2023 De Helder (Nederlân) Hartlepool (Ingelân)
Fredrikstad (Noarwegen)
Lerwick (Skotlân)
Arendal (Noarwegen)
2024 Klaipėda (Litouwen) Helsinki (Finlân)
Tallinn (Estlân)
Turku (Finlân)
Mariehamn (Ålân)
Szczecin (Poalen)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.