Springe nei ynhâld

Frederikshavn

Ut Wikipedy
Frederikshavn
Emblemen
Polityk
Lân flagge fan Denemark Denemark
regio Noard-Jutlân
gemeente Frederikshavn
Sifers
Ynwennertal 22.961 (2023)
Oerflak 13.6 km²
Hichte 7 m
Oar
Postkoade 9900
Koördinaten 57° 26' N 10° 32' E
Offisjele webside
www.frederikshavn.dk
Kaart
Frederikshavn (Denemark)
Frederikshavn

Frederikshavn (earder Flatstrand) is in stêd yn it noarden fan Denemark. De stêd is ûnderdiel fan 'e gemeente Frederikshavn yn 'e regio Noard-Jutlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hjoeddeiske stedsgebiet fan Frederikshavn wurdt al tûzenen jierren bewenne. Argeologyske fynsten binne der fan de Stientiid oant de tiid fan 'e Wytsings, lykas grêfhichtes, hunebêden, delsettings en de argeologyske fynsten yn it noardlikste diel fan Jutlân.

Geunstich foar de ûntwikkeling fan Frederikshavn wie de lokaasje oan 'e see mei in natuerlike haven en goede oanlismooglikheden. De ôfstân fan 'e kusten fan Sweden en Noarwegen is by Frederikshavn net grut en dat brocht ekonomyske, politike en militêre foardielen. Sa waard it eardere fiskersplakje Fladstrand ("flak strân") yn 1818 troch de Deenske kening Freark VI stedsrjochten jûn. Ek waard it plak nei de Deenske kening omneamd yn Frederikshavn. Mei in haven koe de stêd him snel ûntwikkelje ta in wichtich hannelssintrum yn 'e regio.

De strategyske lokaasje wie yn 'e tiid fan 'e Dútske besetting ek belangryk, doe't de stêd ien fan 'e fjouwer belangrykste ferdigeningslokaasjes yn Denemark waard. Fjouwer gebieten hiene ûnder de Dútske besetting deselde status: njonken Frederikshavn wiene dat Aalborg, Esbjerg en Hanstholm.

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1850 1855 1860 1870 1880 1890 1901 1906 1911
Ynwennertal 1.374 1.467 1.843 2.133 2.891 4.848 6.538 7.176 7.917
Jier 1921 1930 1940 1950 1960 1970 1981 1990 2000
Ynwennertal 9.411 9.882 15.275 18.388 22.570 24.848 24.938 25.137 24.680
Jier 2010 2020
Ynwennertal 23.331 23.124

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Frederikshavn einiget de E45, dy't yn Dútslân begjint.

De haven wurdt ek brûkt om minsken oer te setten nei Sweden en Noarwegen. Der binne feartsjinsten nei Larvik, Moss, Vestero Havn, Oslo en Göteborg. De havenkoade foar fiskersboaten is FN.

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Frederikshavn fan Wikimedia Commons.