Freark VI fan Denemark

Ut Wikipedy
Freark VI fan Denemark
aadlik persoan en/of hearsker
Freark VI
Freark VI
bertedatum 28 jannewaris 1768
berteplak Kopenhagen
stjerdatum 3 desimber 1839
stjerplak Kopenhagen
dynasty Hûs Oldenburg
Kening fan Denemark
regear 1808-1839
foargonger Kristiaan VII fan Denemark
opfolger Kristiaan VIII fan Denemark
Kening fan Noarwegen
regear 1808-1814
foargonger Kristiaan VII fan Denemark
opfolger Kristiaan Freark
Hartoch fan Sleeswyk
regear 1808-1839
foargonger Kristiaan VII fan Denemark
opfolger Kristiaan VIII fan Denemark
Hartoch fan Holstein
regear 1808-1839
foargonger Kristiaan VII fan Denemark
opfolger Kristiaan VIII fan Denemark
Hartoch fan Lauenburg
regear 1814 – 1839
foargonger Georg III fan Grut-Brittanje
opfolger Kristiaan VIII fan Denemark

Freark VI fan Denemark (berne op 28 jannewaris 1768 yn Kopenhagen en dêre ferstoarn op 3 desimber 1839) wie fan 1808 oant 1839 kening fan Denemark en fan 1808 oant 1814 kening fan Noarwegen. Foardat er kening waard wied er sûnt 1784 as kroanprins regint foar syn heit fan Denemark-Noarwegen.

Kroanprins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Freark waard berne op de Amalienborg yn Kopenhagen as soan fan kening Kristiaan VII en keninginne Karoline Mathilde. Syn heit wie doe 18 jier âld, de oare deis soed dy 19 jier wurde, en syn mem wie 16 jier. Kening Kristiaan VII hie gjin ynteresse yn syn keninginne en kaam net in soad by har en moast sadwaande holpen wurde troch û.o. it skriuwen fan leafdesbrieven troch de kabinetssekretaris Reverdil om it houlik yn in swierens om te setten. Prins Freark waard yn twa dagen nei syn berte op 30 jannewaris 1768 troch de biskop fan Seelân doopt.

De berte fan Freark.

By de berte fan Freark wie syn heit twa jier kening en fanwegen syn tipelsinnige karakter striden ferskillende groepen om 'e macht oer de kening. Dat feroare doe't syn heit nei in bûtenlânske reis Johann Friedrich Struensee yn it hôf yntrodusearre. Struensee wie as arts yn tsjinst nommen troch de kening en waard al gau de fertrouweling fan 'e keninginne doe't har soan Freark nei in behanneling goed de pokke-epidemy trochkaam. Njonken fertrouweling waard Struensee boppedat de minnaar fan 'e keninginne en der wurdt algemien oannommen dat Struensee de biologyske heit fan it iennige, yn 1771 berne suske fan Freark wie, prinses Louise Augusta. Kening Kristiaan VII, keninginne Karoline Mathilde en Struensee wiene ideologysk beynfloede troch de ideeën fan 'e Ferljochting en tinkers lykas Voltaire en Jean-Jacques Rousseau. Ek de hurde opfieding fan kroanprins Freark stie yn it ljocht fan dy ideeën. Ynstee fan direkte ynstruksjes te krijen en him dingen by te bringen, waard fan Freark ferwachte dat er alles út eigen ûnderfining troch it boartsjen mei twa oare jonges leare moast. In pedagogy dy't him trouwens hast it libben koste hie, mar wêrfan oannommen wurdt dat it wol hie bydroegen oan it dochs wat ûnderskiedende karakter fan 'e kroanprins.

Nei in tiid fan machtsmisbrûk troch Struensee, dy't feitlik alle macht yn it keninkryk nei him talutsen hie en opdracht joech ta in rige fan herfoarmings, liet keninginne-widdo Juliane Marie by in steatsgreep Struensee oppakke. Tagelyk waard keninginne Karoline Mathilde nei Celle ferballe en de doe fjouwer jier âlde Freark hat syn mem nea wer sjoen. De kening liet sûnt dy tiid it grutbringen fan 'e kroanprins oan keninginne-widdo Juliane Marie oer. Hja stelde nije mentors oan en ien dêrfan wie Johan Bülow, dy't hiel sekuer oantekenings makke oer de opfieding. Neffens Bülow hie de eardere opfieding grutte skea oan de kroanprins brocht, sawol fysyk as psychologysk. Bülow besocht de jonge mear sûnere ynteresses by te bringen, lykas de túnbou of lânbou. Ek moast er alle wiken nei in foarstelling yn it Keninklik Teäter, ek al binne der gjin oanwizings dat Freark dêr sels nocht oan hie.

Alle jierren moast Freark op 17 jannewaris, de dei dat der in ein kaam oan it bewâld fan Struensee, in besite bringe oan 'e keninginne-widdo om har tank te bringen foar it feit dat hja syn mem ferballe hie. Guon skiedkundigen hawwe wol ris útlein dat hja hope dat de kwetsbere kroanprins stjerre soe, mar dat wurdt tsjinspruten troch it feit dat hja foar him betroubere mentors en fersoargers beneamd hie.

Regint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kroanprins Freark yn 1784.
Jens Juel (1745-1802)

Nei't minister Andreas Peter Bernstorff dien krige hie waard de kroanprins yn 1782 yn in rûnte opnommen fan ûntefreden minsken dy't tjin it regear wiene. Neffens de Keninklike Wet krige de kroanprins de folwoeksen status by it tatsjinjen fan it foarmsel yn 1781. Op dat stuit soe de kroanprins 13 jier wurde, mar om sels de macht te hâlden besocht it regear de tatsjinning fan it foarmsel sa lang mooglik út te stellen. De kroanprins wie 16 doe't it foarmsel net mear te kearen wie en fuort nei it tatsjinjen fan it foarmsel op 4 april waard der in steatsgreep útfierd, wêrfan kroanprins Freark en de eardere minister Andreas Peter Bernstorff it masterbrein wiene. Mei in hantekening fan syn heit luts er alle macht yn de Steatried nei him ta, dêr't oant dan Ove Høegh-Guldberg , keninginne-widdo Juliane Marie en har eigen soan Freark de toutsjes yn hannen hiene. Dêrmei wie Freark no offisjeel kroanprins-regint foar syn heit, oant dy yn 1808 ferstoar.

Freark VI wurdt troch boeren betanke foar it opheffen fan 'e Stavnsbånd.

No 't Freark sels de lije yn hannen hie sette er yn 'e tiid dat syn heit noch kening wie tegearre mei Andreas Peter Bernstorff útein mei in rige lânbouherfoarmings. Dy brochten de boeren frijheid troch in ein oan 'e Stavnsbånd te meitsjen, in soarte fan liifeigenskip yn Denemark, dat yn 'e krisis fan 1730 yntrodusearre wie doe't dêr in tekoart oan boeren drige. Mei de Stavnsbånd waard besocht de migraasje nei de stêd op te kearen troch boeren te binen oan it lângoed dêr't hja berne wiene. Op 20 juny 1788 waard de Stavnsbånd ôfskaft. Foar manlju tusken de 14 en 36 jier dy't net yn tsjinst west hiene gie it earst yn 1800 yn. Ek krigen joaden gewoane rjochten.

Ek de sinsuer waard ôfskaft, mar yn 'e jierren 1790 krige Freark jimmeroan mear argewaasje fan 'e op 'e Frânske Revolúsje ynspirearre frije toan, dy't yn 'e parse hearske. Doe't Bernstorff yn 1797 ferstoar naam Freark it beslút dy parsefrijheid foar in part werom te draaien. Hy joech de kânselarij opdracht om de parsefrijheid oan te skerpen en yn 1799 kaam der in feroardening mei strange straffen foar hast alle maatskippijkrityk, dy't it politike en sosjale debat foar de oankommende 20 jier smoarde. Ferskillende skriuwers waarden ferballe, lykas ek satirikus Peter Andreas Heiberg.

Houlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marie Sofie Frederikke fan Hessen-Kassel.

Op 31 july 1790 troude kroanpins Freark mei Marie Sofie Frederikke fan Hessen-Kassel. Hja krigen tegearre acht bern, wêrfan seis al ier stoaren en mar twa famkes de folwoeksen leeftyd hellen:

Freark VI wie de lêste Deenske kening mei in offisjele minnares, nammentlik Bente Rafsted. Hja krige de bynamme frou Frederikke Dannemand. Har relaasje mei de kening waard troch de keninginne mear of minder akseptearre en duorre mear as 30 jier.

De Ingelske oarloggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Seeslach by Kopenhagen (1801).

Om net yn it Frânsk-Britske konflikt belutsen te wurden, foege Denemark him yn 1800 by de Sweedsk-Russysk-Prusyske neutraliteitsalliânsje, it saneamde wapene neutraliteitsbûn. Doe't Denemark net harke nei de Ingelske druk om út dat neutraliteitsbûn te stappen, foel de Britske float ûnder lieding fan Horatio Nelson de Deenske float by Kopenhagen oan.

De kening koe fanút it Westyndyske pakhûs de slach folgje en seach dat de Deenske float foar in grut part ferneatige waard troch Nelson, mar de Ingelsen hiene ek te lijen fan grutte ferliezen. Nelson stjoerde in ûnderhanneler nei de kust mei in brief foar Freark. Dêryn drige er de kening om de finzen nommen Deenske skippen mei bemanning en al yn 'e brân te stekken. Doe joech Freark belies en joech ta oan de Britske easken.

Yn 1804 waard Napoleon keizer fan Frankryk en de jierren dêrnei oermastere er it grutste diel fan Europa. Allinne Grut-Brittanje, Denemark en Ruslân bleaune oer. Yn 1807 stie Napoleon oan 'e Russyske grinzen en twong tsaar Aleksander I sa om frede te sluten. De tsaar moast ek ûnthjitte dat Sweden en Denemark harren wetter ôfsletten foar Ingelân. Ingelân stjoerde fuortendaliks de float nei de Sont en easke yn in ultimatum dat Denemark òf in bûn slute soe mei Grut-Brittanje òf de hiele Deenske float oan de Britten oerdrage soe. Op dat stuit wie Freark VI yn Holstein. Hy gie werom nei Kopenhagen, mar de oare deis al werom nei Holstein sûnder op it ultimatum yn te gean. De Ingelske float sette by Vedbæk en noardlik fan Køge troepen oan lân en trije dagen lang waard de haadstêd bestookt mei Ingelske brânbommen. Nei't al in soad gebouwen yn Kopenhagen ôfbaarnden, waard de Deenske kommandant twongen om ta te jaan en de float oan 'e Britten oer te dragen.

Om strategyske redenen moasten de Ingelsen lykwols yn oktober Kopenhagen wer ferlitte. Dêrnei ferklearre kroanprins Freark de oarloch oan Ingelân. Dat brocht Freark VI der ta om him mei Frankryk te ferbinen, itjinge letter ta it ferlies fan Noarwegen late. Nei de oarlochsferklearring sette Freark VI de Steatsried bûten spul en wied er syn eigen minister fan útlânske saken.

Kening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Freark as kening.

Nei de dea fan syn heit op 13 maart 1808 waard Freark offisjeel kening. Tusken 1810 en 1812 waard Frederikshavn as in haven by it doetiidske Fladstrand yn Noard-Jutlân oanlein. De haven waard ferneamd nei Freark VI.

De stipe fan Freark oan Frankryk sloech him om it gat gear doe't er yn 1814 ûnder militêre druk fan Sweden en Grut-Brittanje twongen waard de Frede fan Kiel te ûndertekenen. Denemark hie in soad fijanen lykas de Sweedske kroanprins Karel Jehan, mar ek de Russyske tsaar, dy't ferskillende kearen Denemark om 'e nocht oproppen hie om út it bûn mei Napoleon te stappen.

Freark fûn de Sweedske driging op de Deenske steat sa grut, dat hy persoanlik it kongres fan Wenen bywenje woe. Yntusken hie de Sweedske kroanprins Karel Jehan foardiel út de ferballing fan Napoleon nei Elba lutsen en troepen nei Holstein stjoerd, doe Deensk gebiet. Op 14 jannewaris 1814 waard de Frede fan Kiel sletten, dat betsjutte dat Freark VI Noarwegen oan 'e Sweedske kening oerdrage moast en Sweden dêrfoaroer dielen fan Sweedsk Pommeren en Rügen en in kompinsaasjebedrach oan Denemark fergoedzje moast.

Skandinaavje 1814; it gruthartochdom Finlân is troch it Russyske Ryk yn 1809 oermastere (ljochtgrien), Noarwegen (giel) waard yn 1814 oan 'e kening fan Sweden oerdroegen. Denemark kriget de besittings fan Sweden yn Noard-Dútslân, dy't yn 1815 oan Prusen jûn waarden yn ruil foar it hartochdom Lauenburg (rôze)

De Noaren sieten lykwols net op Sweden te wachtsjen en ferklearren harrensels ûnôfhinklik. De Deenske gûverneur en erfgenaam fan 'e troan, en prins Kristiaan Freark waard útroppen ta kening fan it ûnôfhinklike Noarwegen. It Noarske ferset waard lykols al gau brutsen troch it militêr superieure Sweden en soe der ta liede dat Noarwegen ûnôfhinklik bliuwe mocht, mar yn in personele uny mei Sweden yntegrearre waard. Kening Kristiaan Freark trede op 10 oktober 1814 nei de oanpassing fan 'e grûnwet ôf en kearde werom nei Denemark. Op 4 novimber waard kening Karel XIII fan Sweden ta de nije kening fan Noarwegen keazen.

De Sweedske kroanprins Karel Jehan, dy't yn 1812 al útstelde om Denemark tusken Ingelân en Sweden te ferdielen seach in nije kâns om de Deenske steat te bedriigjen, fral neidat nei de Frede fan Kiel yn 1814 in grut Russyke leger al fier yn Holstein trochbrutsen wie. Oan Ruslân en Ingelân hie Karel Jehan ferteld dat sawol Freark VI en prins Kistiaan bydroegen hiene oan it ferset ûnder de Noaren, en sa dus ek bydroegen oan de hegere Sweedske kriichsútjeften. Dêrom wegere de Sweedske kroanprins om de Frede fan Kiel te befêstigjen en drige Denemark mei oarloch. De plannen fan Sweden om Denemark op te dielen yn in Britsk en in Sweedske diel krigen gjin stipe fan Ingelân en Ruslân. Mar Noarwegen gie ferlern en Denemark krige de Sweedske besittings yn Noard-Dútslân, dy't yn 1815 oer Prusen jûn waarden yn ruil fan it hartochdom Lauenburg. It keninkryk Denemark wie no oan reapsein.

Alhoewol't de stânfêstigens fan Freark VI mooglik bydroegen hat oan it tefoarrekommen fan de folseine delgong fan it keninkryk, of teminsten in fierdere opdieling, wie de teloarstelling fan 'e kening grut dat er gjin grutter foardiel út it kongres helje koe. Om slimmer tefoarren te kommen joech er syn ferset op. Dochs waard syn weromkommen yn Holstein en Denmark in triomftocht. Nei alle gedachten hie it folk foar folle slimmer lykas in folsleine ûntbining fan monargy en keninkryk freze. Yn Altona, doe Deensk gebiet, waard de kening mei salútskotten ferwolkomme en in grutte, út 'e skroeven mannichte. Yn Rendsborg makken de ynwenners de hynders los fan it reau om de kening sels nei syn lânhûs te lûken, dêr't er de nacht bliuwe soe. Alles wie ferljochte en der waard yn it hiele lân dêr't de kening ûnderweis nei Kopenhagen lâns kaam, feest fierd krekt as hie Denemark net swier betelle op it kongres.

Troch de ynkorporaasje fan it Hartochdom Holstein yn it Dútske Bûn en artikel XIII fan 'e Dútske Bûnsakte, waard Freark VI twongen in grûnwet te ûntwerpen en moast er it paad útsette nei demokratisearing. Mei fjouwer dekreten op 15 maaie 1834 waarden fjouwer parleminten ynsteld, dy't de kening sels as adfysrieden ynterpretearre: yn Roskilde ien foar de eilannen, yn Viborg ien foar Noard-Jutlân, yn Sleeswyk ien foar Súd-Jutlân en yn Itzehoe ien foar Holstein. Yslân en de Fêreu-eilannen krigen trije sitten yn it parlemint fan 'e eilannen. Ek de universiteiten en de geastlike stân wiene yn 'e parleminten fertsjintwurdige, dy't mar ienris yn 'e twa jier gearkamen. Yn dy tiid hie mar ien fan 'e 40 Deenske ynwenners it rjocht om te stimmen, in rjocht dat hong fan de sekse, âldens en de wolstân.

Dea en begraffenis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De deade kening Freark op de baar.

Freark VI ferstoar yn 'e âldens fan 71 jier op 3 desimber 1839 yn 'e Amalienborg. Hy hie doe meiïnoar 55 jier oer syn lân regeard: 24 jier as kroanprins-regint en 31 jier as kening. Hy stoar sûnder eigen manlike opfolging en waard troch syn neef Kristiaan VIII opfolge.

Freark VI waard yn jannewaris 1840 yn 'e kapel fan Freark V byset. Ek keninginne Marie Sofie Frederikke en har bern binne dêr byset.

Foarâlden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stamboom Frederik VI van Denemarken
Oerpakes en
-beppes
Kristiaan VI fan Denemark (1699-1746)
x
Sofia Magdalene fan Brandenburch-Bayreuth (1700-1770)
George II fan Grut-Brittanje (1683-1760)
∞ 1705
Karoline fan Brandenburch-Ansbach (1683-1737)
George II fan Grut-Brittanje (1683-1760)
∞ 1705
Karoline fan Brandenburch-Ansbach (1683-1737)
Freark II fan Saksen-Gotha-Altenburg (1676-1732)
∞ 1695
Magdalene Augusta fan Anhalt-Zerbst (1679-1740)
Pakes en beppes Freark V fan Denemark (1723-1766)
x
Louise fan Hannover (1724-1751)
Freark fan Grut-Brittanje, prins fan Wales (1707-1751)
∞ 1736
Augusta fan Saksen-Gotha-Altenburg (1719-1772)
Alden Kristiaan VII fan Denemark (1749-1808)
x
Karoline Mathilde fan Wales (1751-1775)

Freark VI fan Denemark (1768-1839)

Bern[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme Berne Ferstoarn Opmerkingen
Mei Marie Sofie Frederikke fan Hessen-Kassel
Kristiaan 22 septimber 1791 23 septimber 1791
Maria Louise 19 novimber 1792 12 oktober 1793
Karoline 28 oktober 1793 31 maart 1881 troude yn 1829 mei prins Ferdinand fan Denemark
Louise 21 augustus 1795 7 desimber 1795
Kristiaan 1 septimber 1797 5 septimber 1797
Juliane Louise 12 febrewaris 1802 23 febrewaris 1802
Frederikke Marie 3 juny 1805 14 july 1805
Wilhelmine 18 jannewaris 1808 30 maaie 1891 1e man: prins Freark fan Denemark (de lettere kening Freark VII) (1808–1863)
2e man: hartoch Karel fan Glücksborg (1813–1878
Mei Frederikke Dannemand
Louise Frederikke Dannemand 1810 troude mei kaptein Wilhelm Zachariæ
Karoline Augusta Dannemand 1812 1844 troude mei majoar Adolph Frederik Schack von Brockdorff
Freark Willem Dannemand 20 juny 1813 12 maart 1888 earst frou: Francisca von Scholten (1821-1844)
twadde frou: Kristine Louise grevinne Schulin 1815-1884
tredde frou Regine Wilhelmine Margrethe Laursen (1840-1886)
William Christian Andersen 27 maart 1816 15 desimber 1864 troude mei Johanne Sofia Davidsen
Freark Waldemar Dannemand 6 jannewaris 1819 4 maart 1835

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: dk:Frederik 6..