Springe nei ynhâld

Kristiaan VIII fan Denemark

Ut Wikipedy
Kristiaan VIII fan Denemark
aadlik persoan en/of hearsker
Kristiaan VIII
Kristiaan VIII
bertedatum 28 jannewaris 1768
berteplak Kopenhagen
stjerdatum 3 desimber 1839
stjerplak Kopenhagen
dynasty Hûs Oldenburg
Kening fan Denemark
regear 1839-1848
foargonger Freark VI fan Denemark
opfolger Freark VII fan Denemark
Kening fan Noarwegen
regear 1814
foargonger Freark VI fan Denemark
opfolger Karel II fan Sweden
Hartoch fan Sleeswyk
regear 1839-1848
foargonger Freark VI fan Denemark
opfolger Freark VII fan Denemark
Hartoch fan Holstein
regear 1839-1848
foargonger Freark I
opfolger Freark II
Hartoch fan Lauenburg
regear 1839-1848
foargonger Freark I
opfolger Freark II

Kristiaan VIII (berne op de Christansborg op 18 septimber 1786 Kopenhagen, dêre op 20 jannewaris 1848 ek ferstoarn) wie fan 1839 oant 1848 kening fan Denemark en foar in koart skoft as Kristiaan Freark yn 1814 ek kening fan Noarwegen. Hy wie de âldste soan fan erfprins Freark fan Denemark, in soan fan Freark V, en Sofia Frederika fan Mecklenburch-Schwerin.

Erfprins Freark en Sofie Frederike mei Kristiaan, Juliane en Louise (1790).

Prins Kristiaan Freark waard op 18 novimber 1786 op 'e Christiansborg berne, de haadresidinsje fan 'e Deenske keninklike famylje yn it sintrum fan Kopenhagen. Hy wie de âldste soan en it âldste noch libjende bern fan erfprins Freark en Sofie Frederike fan Mecklenburch (1758-1794). Yn 'e earste tsien jier fan dat houlik krigen hja foar de berte fan prins Kristiaan Freark trije famkes, dy't allegear deaberne wiene. Prins Kristiaan Freark krige noch twa jongere suskes en in broerke, Juliane Sofia , Louise Charlotte en Freark Ferdinand.

It wie lykwols in publyk geheim yn 'e famylje dat Friedrich von Blücher (1760–1806), de adjudant fan 'e erfprins, wolris de biologyske heit fan Kristiaan Freark en syn jongere suskes en broer wêze koe.

Doe't Kristiaan Freark berne waard wie syn omke Kristiaan VII kening fan Denemark en Noarwegen. Fanwegen syn gestel koe dy lykwols net regeare en nei de fal fan Struensee yn 1772 late erfprins Freark tegearre mei syn mem, keninginne-widdo Juliane Marie en har adfiseur Ove Høegh-Guldberg it regintskip foar syn healbroer, oant de soan fan 'e kening, de jonge kroanprins Freark, him yn 1784 openearre en de macht nei him loek. Doe't prins Kristiaan berne waard en yn syn bernetiid wiene de ferhâldings tusken kroanprins Freark en syn famylje min fanwegen de machtsstriid oer de kening. Stadichoan waarden de relaasjes yn 'e famylje wer wat better.

Kristiaan Freark yn 'e âldens fan 16 jier.

Kristiaan Freark waard konservatyf grutbrocht neffens de oanwizings fan minister Ove Høegh-Guldberg, dy't yn 1784 út it regear set waard. Hy krige in besteklike en brede oplieding en waard mei wittenskippers en keunstners yn kontakt brocht, dy't oan it hôf fan syn heit ferbûn wiene. Fan syn bejeftige mem erfde er syn talinten en de leafde foar de wittenskip en keunst waard him al ier bybrocht. Syn kreaze en freonlike uterlik makke him yn Kopenhagen tige populêr.

Oardel jier nei syn foarming yn 'e slottsjerke fan slot Frederiksberg ferstoar syn heit erfprins Freark op 7 desimber 1805 yn 'e âldens fan 52 jier. De doe 9 jier âlde Kristiaan Freark folge him op as nûmer twa yn 'e line fan opfolging. Doe't ek kening Kristaan VII op 13 maart 1808 stoar, waard kroanprins Freark as Freark VI ta kening fan Denemark en Noarwegen salve. Om't de nije kening noch gjin manlik neiteam hie, waard Kristiaan Freark de mooglike troanopfolger.

By in besite oan syn memme famylje yn Mecklenburch kaam prins Kristiaan Freark oan it hôf yn 'e kunde mei syn nicht Charlotte Frederike fan Mecklenburch-Schwerin. Hja wie de âldstse dochter fan syn omke, hartoch Freark Frâns I fan Mecklenburch, en syn frou Louise fan Saksen-Gotha-Altenburg. De brulloft fûn plak op 21 juny 1806 yn Ludwigslust yn Mecklenburch.

Charlotte Frederike fan Mecklenburch.

Ynearsten wennen hja yn it slot Plön yn it hartochdom Holstein, dêr't Charlotte Frederike op 8 april 1807 in soan krige, dy noch op de dei fan 'e berte ferstoar. Sûnt 1808 wennen hja yn Kopenhagen yn it paleis Levetzau fan 'e Amalienborg, dêr't op 6 oktober 1808 harren iennichst oerlibjende soan Freark Karel Kristiaan krigen, de lettere kening Freark VII.

It wie net in lokkich houlik. Charlotte Frederike moat yn har jongerein moai west ha en hja wie frivoal en grappich, mar tagelyk hie hja faak in min sin en fergriemde hja ek in soad jild. Yn 1809 waard prinses Charlotte Frederikke fan it hôf ferballe fanwegen in affêre mei de komponist en hôfmuzikant Jean Baptiste Édouard Du Puy. It houlik waard nei mar fjouwer jier op 31 maart 1810 ûntbûn.

Hja mocht har soan net wer sjen en yn 1829 ferliet hja Denemark en ferhûze se nei Carlsbad en fan dêrwei yn 1830 Itaalje, dêr't hja har bekearde ta it katolisisme. Fan 'e herinneringen oan it houlik soe foar Kristiaan VIII syn hiele libben lêst hâlde.

Kening fan Noarwegen (1814)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As de troanopfolger waard Kristiaan Freark yn maaie 1813 gûverneur fan Noarwegen. Hy wie dêr populêr en hy krige dêr Tvende Rigers Haab ("Hoop fan twa lannen") as bynamme.

Op 14 jannewaris 1814 moast Denemark as gefolch fan de Frede fan Kiel it keninkryk Noarwegen oan Sweden ôfstean. In nije personele uny moast oan 'e iene kant de ekpânsjedrift fan 'e Sweedske kroanprins Karel Jehan yn 'e mjitte komme, wylst oan 'e oare kant Grut-Brittanje Denemark swakker meitsje woe, om 't Denemark it earder mei Napoleon holden hie.

Kristiaan Freark wegere lykwols de ferklearring fan ôfstân fan Noarwegen troch syn keninklike neef te erkennen, mar besocht yn it stee dêrfan mei help fan 'e Noaren in soeverein keninkryk Noarwegen te stiftsjen. De Noaren woene mei in berop op it keninklik kiesrocht gjin absolutistyske kening, mar in liberale grûnwet mei in konstitúsjonele monargy.

Kristiaan Freark waard op 25 febrewaris 1814 yn Trondheim ta regint útroppen, wylst de folksfertsjintwurdigers in grûnwetjaande kommisje keazen dy't in nije grûnwet ûntwerpe moast. Op 17 maaie 1814 waard de grûnwet op 'e Ryksdei yn Eidsvoll oannommen en Kristiaan Feark waard keazen ta kening fan Noarwegen. Twa dagen letter lei Kristiaan Freark foar it Noarske parlemint de eed op 'e grûnwet ôf.

Kroanprins Karel Jehan fan Sweden sette lykwols it leger yn tsjin Kristiaan Freark en in Britske float blokkearre Noarwegen. Op 14 augustus 1814 wie Kristiaan Freark twongen om in wapenstilstân te tekenjen, wêrmei der in ein oan 'e Sweedsk-Noarske oarloch kaam. Op 10 oktober fan dat jier moast Kristiaan Freark ôftrede en de kroan fan Noarwegen oerdrage oan Karel XIII fan Sweden.

Houlik mei Karoline Amalia

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keninginne Karoline Amalia fan Denemark.

Nei't Kristiaan werom wie yn Denemark besocht er it nochris mei syn earste frou oan te lizzen, mar yn desimber 1814 folge der in ferloving mei syn nicht Karoline Amalia fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Augustenburg, de dochter fan hartoch Freark, dy't noch itselde jier ferstoar, en de suster fan 'e Deenske kening Louise Auguste fan Denemark. Syn skoanheit hie troch syn houlik de Deenske troan foar himsels en syn neiteam opeaske. De brulloft waard op 22 juny 1815 yn it slot Augustusborg op it eilân Als yn it hartochdom Sleeswyk fierd. It twadde houlik bleau sûnder bern.

Kristiaan Freark bringt in besite oan 'e keunstakadeemje fan Kopenhagen.

Yn itselde jier waard Kristiaan Freark gûverneur fan Fún, mar hy hie dêr gjin politike ynfloed en wijde him oan 'e keunst en wittenskip, yn it bysûnder mineralogy en geology. Tusken 1818 en 1822 reizgen hy en Karoline Amalia in soad troch Europa. Hja profilearren harren mei it befoarderen fan 'e de wittenskip en smieten harrensels op as beskermers fan 'e keunst. Se brochten bygelyks in besite oan de byldhouwer Bertel Thorvaldsen en joegen him de opdracht om de by it Britske bombardemint fan 1807 ôfbaarnde Leaffrouwetsjerke fan Kopenhagen op 'e nij te dekorearjen mei byldhouwurk..

Kristiaan Freark's demokratyske ideeën soargen foar erchtinken yn it regear en dêrfandinne waard er pas yn 1831 troch syn neef, kening Freark VI, yn 'e steatsried beneamd. Mar ek al hiene de Deenske liberalen fanwegen de moderne Noarske grûnwet hege ferwachtings fan him, der feroare net in hiel soad. Kristiaan Freark liet him yn 1838 yn in petear mei Metternich yn Eastenryk alle kenne dat er om de rêst yn it keninkryk te bewarjen gjin foarstanner fan grutte feroarings wie.

De Kristiaan VIII en keninginne Karoline Amalia yn salvingsklaaiïng.

Nei't Freark VI op 3 desimber 1839 sûnder manlik neiteam stoar, waard Kristiaan Freark op 28 juny 1840 as kening Kristiaan VIII fan Denemark salve.

It aldergrutste probleem yn 'e tiid fan syn regear wiene de nasjonalistyske spannings tusken Denen en Dútsers, dy't de ienheid fan it keninkryk bedrigen. Kristiaan VIII woe beide partijen graach rjocht dwaan en alhoewol't de kening tûk en ferljochte wie, wist er him net goed ried mei de saak. Syn belangrykste riedjouwer bleau Johan Gunder Adler, dy't sûnt 1814 syn kabinetssekretaris wie. Kristiaan VIII hold ek alle ministers oan fan syn foargonger. As gûverneur fan 'e hartogdommen sette er syn sweager Freark fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Augustenburg yn, in fûle tsjinstanner fan 'e Deenske taal. Doe't er mei de liberaal Orla Lehmann en syn oanhingers konfrontearre waard, dy't mei ferwizing nei de Noarske grûnwet om in nije liberale grûnwet foar Denemark fregen, ferwiisde de kening nei de âlde steatsgrûnwet, want neffens de kening koe eltse feroaring yn it foardiel fan nasjonalistyske krêften it lykwicht yn 'e Deenske ienheidssteat bedriigje.

Doe't de oanfraach foar Deensk as offisjele taal yn 'e Deensktalige gebieten fan it hartochdom Sleeswyk yn 1838 mei in lytse mearderheid troch it parlemint fan Sleeswyk oannommen waard, karde hy yn 1840 in wet goed dy't de ynfiering fan it Deensk as de juridyske en bestjoerlike taal fan Noard-Sleeswyk mooglik makke, wêrby it Deensk en it Dútsk yn 'e mingde taalgebieten op offisjeel mêd lyk oan inoar berjochtige wiene. Yn it heger ûnderwiis fan Noard-Sleeswyk soe Deensk ynstee fan Dútsk de taal wurde, mar Dútsktaligen yn Noard-Sleeswyk protestearren dêr tsjin en easken alle dagen Dútske les, dat ek tastien waard. De ienheid fan 'e hartochdommen koe sa noch in skoft bestean bliuwe, mar de nasjonalisten waarden fan beide kanten jimmeroan ûntefredener.

Kristiaan hie ien soan, dy't al twa kear skieden wie en gjin bern hie. Fan him wie ek gjin neiteam mear te ferwachtsjen as opfolger fan 'e troan. De Deenske wet fan 1665 bepaalde dat ek oer de froulike line de troan erfd wurde koe. Yn dat gefal soe Kristiaan's nicht Louise fan Hessen him opfolgje. Hja wie de dochter fan syn suster Louise Charlotte fan Denemark.

Kening Kristiaan VIII yn 1845.

Kristiaan woe dy regeling ek foar Sleeswyk en Holstein ynfiere, want in oare erfopfolging soe in ein makke ha oan de personele uny tusken Denemark en de hartochdommen. De parleminten fan Sleeswyk en Holstein wiene lykwols foar Kristiaan's sweager, hartoch Kristiaan August fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Augustenburg. Kristiaan August wie in soan fan Louise Auguste, de suster fan Freark VI. Boppedat kaam Kristiaan August sels út in âldere line fan it Hûs Oldenburch. Neffens de regels dy't yn it Dútske Bûn jilden hy dy it rjocht om it hartochdom Holstein te erven. Al yn 1837 hie Kristiaan August in anonym wurk mei de titel Die Erbfolge in Schleswig-Holstein publisearre, wêryn er it Holsteinske erfrjocht foar hiel Sleeswyk-Holstein fan tapassing ferklearre en mei it Ferdrach fan Ribe dêrmei syn eigen oanspraken rjochtfeardige.

Nei in iepen brief fan de kening fan 8 july 1846, weryn er de Deenske keninklike wet ek fan tapassing ferklearre foar Sleeswyk en Lauenburg, namen de parleminten fan 'e hartochdommen út protest ûntslach. It hartochdom Sleeswyk frege no ek om lid te wurden fan it Dútske Bûn. It Ferdrach fan Londen brocht in oplossing foar de erfkwestje. Dat ynternasjonale ferdrach folge de Deenske wet en befêstige de oanspraken fan Kristiaan fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg fanwegen syn frou Louise fan Hessen, de nicht fan Kristiaan VIII. Dat brocht Kristiaan August as Kristiaan IX op 'e troan, dy't sa yn hannen fan it Hûs Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg kaam.

Yn desimber 1847 joech Kristiaan VIII opdracht om in nije grûnwet foar de hiele steat op te stellen mei as doel de absolute monargy ôf te skaffen. Hy ferstoar lykwols noch foardat it ûntwerp oan 'e steatsried foarlein wurde koe. De hanthavening fan syn belied troch syn soan en opfolger Freark VII laten yn Denemark ta de Maartrevolúsje fan 1848, doe't de soargen fan nasjonalistyske Denen tanamen oer in Dútske hegemony yn 'e hiele steat, en ta de trije jier duorjende oarloch yn Sleeswyk-Holstein, om't Dútsksinnigen dêr benaud wiene dat de saneamde Eiderdeenske beweging in anneksaasje fan Sleeswyk yn it keninkryk en dêrmei in skieding fan 'e hartochdommen beävensearje soene.

De grêven fan kening Kristiaan VIII en syn frou Karoline Amalia.

Yn 1848 ferstoar kening Kristiaan VIII oan bloedfergiftiging nei in ierlitten. De kening waard yn 'e domtsjerke fan Roskilde byset.

Ut it earste houlik mei Charlotte Frederike fan Mecklenburch-Schwerin hied er twa soannen:

  • Kristiaan Freark (berne en ferstoarn op 8 april 1807), prins fan Denemark
  • Freark Karel Kristiaan (berne op 6 oktober 1808; ferstoarn op 15 novimber 1863), kening fan Denemark.

Dêrnjonken hied er mei oare froulju ferskillende ûnwettige bern. Sa soed er in yn 1807 berne dochter ha by grevinne Elisa fan Ahlefeldt. Neffens in oare teory soene hja de âlders wêze fan 'e yn 1805 berne dichter Hans Christian Andersen.

Stambeam Kristiaan VIII fan Denemark
Oerpakes en - beppes Kristiaan VI fan Denemark (1699-1746)
x
Sofia Magdalene fan Brandenburch-Bayreuth (1700-1770)
George II fan Grut-Brittanje (1683-1760)
∞ 1705
Karoline fan Brandenburch-Ansbach (1683-1737)
Kristiaan Loadewyk II fan Mecklenburch-Schwerin (1683-1756)
∞ 1705
Gustava Karolina fan Mecklenburch-Strelitz (1694-1748)
Frâns Jozias fan Saksen-Coburg-Saalfeld (1697-1764)
∞ 1695
Anna Sofia fan Schwarzburg-Rudolstadt (1700-1780)
Pakes en beppes Freark V fan Denemark (1723-1766)
x
Louise fan Hannover (1724-1751)
Loadewyk fan Mecklenburch-Schwerin (1725-1778)

Sofia Frederika fan Saksen-Coburg-Saalfeld (1731-1810)
Alders Freark fan Denemark (1753-1805)
x
Sofia Frederika fan Mecklenburch-Schwerin (1758-1794)

Kristiaan VIII fan Denemark (1786-1848)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Christian VIII..