Springe nei ynhâld

Amalienborg

Ut Wikipedy
Amalienborg
Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
adres Amalienborg Slotsplads 5, 1257 Kopenhagen
koördinaten 55° 41' N 12° 35' E
Skiednis
boujier 1750
Oars
boustyl Rokoko
Webside
hiemside Museum Amalienborg
Kaart
Amalienborg (Kopenhagen)
Amalienborg

De Amalienborg yn it stedsdiel Frederiksstaden fan Kopenhagen is de residinsje fan 'e Deenske foarstinne Margrethe II. De gebouwen fan 'e Amalienborg foarmje de moaiste foarbylden fan rokoko-arsjitektuer yn Denemark.

Ek har twa soannen Frederik en Joachim wenje dêr mei harren hûshâlding. De gebouwen stamme út de twadde helte fan 'e 18e iuw. Sûnt 1794 wurdt de Amalienborg brûkt as keninklike residinsje.

De Amalienborg bestiet út fjouwer hast gelikense stedspaleizen yn in fjouwerkant om in achthoekich plein. Yn it midden stiet it stânbyld fan Frederik V.

Gravuere Sophie Amalienborg

It gebiet fan Frederiksstaden waard yn it ramt fan in grutte stedsútwreiding ûnder Kristiaan IV by Kopenhagen foege. Yn 1660 kocht keninginne Sophie Amalie stikken grûn yn Frederiksstaden om dêr in kastiel te bouwen as ferfanging fan it kastiel, dat by it Sweedske belis fan Kopenhagen tusken 1658 en 1660 fernield wie. Alhoewol't it in minne tiid wie, slagge hja der yn om genôch jild by inoar te sammeljen foar de bou fan de Sophie Amielienborg. It wie net in grut kastiel en yn barokke styl. Sophie Amalie mocht graach op har kastiel wêze en ferstoar dêr yn 1685.

Fjouwer jier letter baarnde it 16 jier âlde kastiel ôf. Foar de fiering fan de 44e jierdei fan Kristiaan V op 15 april 1689 wie der in houten teäter by it kastiel delset, dêr't in feestlike foarstelling jûn wurde soe. De kening fûn it sa moai, dat hy ek in breder publyk fan de foarstelling genietsje litte woe en by dy gelegenheid foel ien fan de 800 oaljelampen om. Al gau stie it houten gebou yn 'e lôge en mei it slot. By de brân kamen 180 minsken om en it teäter baarnde mei it kastiel ôf.

De âlde residinsje fan Kopenhagen (1698)

Nei de brân stie allinne noch de eastlike fleugel fan it kastiel mei de tsjerke. De tsjerke waard troch it garnizoen brûkt oant yn 1706 de Garnizoenstsjerke foltôge wie. It park en de omjouwing waarden op 'e nij ynrjochte neffens de ûntwerpen fan Ole Rømer as tarieding foar in nij projekt fan Kristiaan V, nammentlik om dêr in grutte nije residinsje te bouwen as ferfanging fan it âlderwetske kastiel fan Kopenhagen. Denemark hie om 1690 hinne yntusken wer redelike ferhâldings mei Sweden, sadat it mooglik wie om in ûntwerp fan de Sweedske hôfarsjitekt Nicodemus Tessin de Jongere fte freegjen. Dy hie plannen foar in paleis fan trije fleugels mei oerienkomsten fan it kastiel yn Stockholm dat er boude. Mar der wie gjin jild foar de útfiering en nei de dea fan Kristiaan V yn 1699 ferdwûnen de plannen yn 'e iiskast.

Net útfierd ûntwerp fan Carl Marcus Tuscher (1705-1751)

Opfolger Kristiaan VI hie gjin ynteresse yn it gebiet, mar in pear keaplju en reders hiene dy ynteresse wol om it gebiet ekonomysk te ûntwikkeljen. Doe't Frederik V foarst waard, woe dy it 300-jierrich jubileum fan de Oldenburchske keninklike famylje op 'e Deenske troan fiere mei de oanlis fan in kompleet nije wyk: Frederiksstaden. Syn winsken waarden doe kombinearre mei de ideeën fan de keaplju en reders. It idee wie in monumintale wyk te bouwen mei in monumintale tsjerke, de lettere Frederikstsjerke. De strjitten moasten op in sintraal plein by inoar komme, dat neffens de ûntwerpen fan 'e hôfarsjitekt Nicolai Eigtved mei fjouwer idintike stedspaleizen omfieme waard. Dy stedspaleizen foarmje de hjoeddeiske Amalienborg, wêrmei yn 1750 útein set waard. Eigtved wie lykwols net betinker fan it achthoekige plein, dat idee kaam fan de Dútske arsjitekt Marcus Tuscher, dy't dêrnjonken ek in tekening makke foar in barokke fontein mei in ruterstânbyld. Tuscher ferstoar al yn 1751 en de fontein waard net útfierd, mar it plein waard wol mei wat oanpassings neffens syn ideeën útfierd. Midden op it plein kaam in ruterstânbyld fan Frederik V fan Jacques-François-Joseph Saly.

Map of the Amalienborg Palace

Yn 1750 waard begûn mei de bou fan alle fjouwer stedspaleizen. De fouwer opdrachtjouwers wiene maarskalk en greve Adam Gottlob Moltke, greve Christian Frederik von Levetzau, baron Joachim von Brockdorff en baron Severin Leopoldus Løvenskiold. Hja hearden allegear ta de nije adel. Løvenskiold moast lykwols syn noch net foltôge stedspaleis yn 1754 ferkeapje oan grevinne Anna Sophie Schack om 't it projekt him finansjeel de kop koste.

De stedspaleizen moasten fan bûten alle fjouwer itselde wêze, mar mochten binnen fan inoar ferskille. As earste waard yn 1754 it stedspaleis fan Moltke foltôge. Eigtved hold persoanlik taferjoch op it ynrjochtsjen fan it stedspaleis fan Moltke, dat it moaiste meubilêr krige. Hy ferstoar lykwols in pear moanne nei de oplevering fan it stedspaleis en it wurk oan de oare trije stedspaleizen gie fierder ûnder lieding fan oare arsjitekten, lykas Laurids de Thurah, Christian Joseph Zuber en Philip de Lange. Brockdorff's stedspaleis waard yn 1758 foltôge, Levetzau's stedspaleis yn 1760, wylst it stedspaleis fan Schack, dat fertraging oprûn troch de wiksel yn it eigendom yn 1754 en in brân fuort dêrnei, yn 1755 foltôge waard.

Yn 1794 waard nei in brân yn 'e Christiansborg de Amalienborg fan 'e eigners oernommen troch it Keninklik Hûs. De eallju wiene ree harren stedspaleizen yn ruil foar promoasje en jild ôf te stean en de arsjitekt Caspar Friedirch Harsdorff waard oanwiisd om de stedspaleizen fan Schacks en Moltke mei in kolonnade mei inoar te ferbinen. Ek ferhege er de tuskengebouwen fan 'e stedspaleizen mei in ferdjipping.

Sûnt dy tiid krigen de ferskillende stedspaleizen fan 'e Amalienburg ek de nammen fan de keningen Kristiaan VII, Kristiaan VIII, Frederik VIII en Kristiaan IX.

Nei de Peaskekrisis fan 1920 waard de Amalienborg de permaninte residinsje fan it Keninklik Hûs fan Denemark.

Fjouwer stedspaleizen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fjouwer stedspaleizen binne ferneamd nei Deenske foarsten:

  • Christian VII (westelike fleugel) of it lânhûs fan Moltke. Dat is it gastefebliuw en wurdt brûkt foar representative doelen.
  • Christian VIII (noardelike fleugel) of it lânhûs fan Levetzau. Amalienborg Museum
  • Frederik VIII (eastlike fleugel) of it lânhûs fan Brockdorff. Earder de residinsje fan keninginne Ingrid, no it wenpaleis fan 'e kroanprins mei syn hûshâlding.
  • Christian IX (súdlike fleugel) of it lânhûs fan Schack. It wenpaleis fan keninginne Margrethe II.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: da:Amalienborg.