Robert Loggia

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Robert Loggia
Robert Loggia.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Salvatore Loggia
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 3 jannewaris 1930
berteplak New York (New York)
stoarn 4 desimber 2015
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Flag of Sicily.svg Sisyljaansk
jierren aktyf 19512015
prizen Saturn Award 1988
offisjele webside
n.f.t.

Robert Loggia (eins: Salvatore Loggia; New York, 3 jannewaris 1930Los Angeles, 4 desimber 2015) wie in Amerikaansk akteur en regisseur fan etnysk Sisyljaansk komôf. Hy waard bekend mei rollen yn films as Scarface, Prizzi's Honor en An Officer and a Gentleman en yn tillefyzjesearjes as Mancuso, FBI en The Sopranos. Hy waard nominearre foar in Oscar en twa kear foar in Emmy Award, en wûn yn 1988 in Saturn Award.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Salvatore Loggia waard yn 1930 berne op Staten Island, in borough fan 'e stêd New York. Hy wie de soan fan 'e skuonmakker Beniamino Loggia, dy't berne wie yn it doarp Palma di Montechiaro, op Sisylje, en dy syn frou Elena Blandino, berne yn Vittoria, ek op Sisylje. Hy groeide op yn 'e Italjaanske ymmigrantebuert Little Italy, op Manhattan, en wie fan hûs út Italjaansktalich. Loggia trochrûn de middelbere skoalle oan 'e New Dorp High School, en learde neitiid fierder oan it Wagner Kolleezje. Hy studearre in blaumoandei sjoernalistyk oan 'e Universiteit fan Missoury, mar stapte al rillegau oer nei de Noardwestlike Universiteit, yn Chicago, dêr't er ûnder Alvina Krause aktearlessen folge. Letter learde er fierder ûnder Stella Adler oan 'e Actor's Studio, yn New York. Hy ûnderbriek syn stúdzjetiid om yn it Amerikaanske Leger te tsjinjen, dêr't er de rang fan luitenant berikte, en wurksum wie as nijslêzer op tillefyzje en radio foar it Southern Command Network yn 'e Panamakanaalsône.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1951 ôf stie Loggia yn New York op 'e planken, en yn 1955 makke er syn debút op Broadway yn it stik The Man with the Golden Arm. In jier letter hied er syn earste roltsje yn in film, wêrfoar't er lykwols net op 'e ôftiteling fermelden waard. Yn 1958 briek er troch mei syn rol fan 'e sheriff Elfego Baca yn 'e Disney-tillefyzjesearje The Nine Lives of Elfego Baca. Yn 1966 hie Loggia fierders de haadrol yn 'e detektivesearje T.H.E. Cat, oer in ynbrekker dy't sirkusartyst wurden wie en yn syn frije tiid misdieden oploste. Doe't dy searje fanwegen ôffallende sjochsifers al rillegau stopset waard, makke Loggia in midlife-krisis troch dy't er letter omskriuwe soe as in "Dante-eske delgong yn 'e hel." Hy rekke al syn selsfertrouwen kwyt en seis jier lang liek syn karriêre oan diggels te lizzen. Syn earste houlik gie der úteinlik oan stikken en hy klaude pas wer by de wâl op doe't er yn 'e kunde kaam mei Audrey O'Brien, dy't letter syn twadde frou wurde soe.

Yn 'e jierren santich spile Loggia yn searjes as The Untouchables, Ellery Queen, The Big Valley, Rawhide, Charlie's Angels, Starsky and Hutch, Columbo, Kojak en Hawaii Five-0. Letter wied er ek te sjen yn gastrollen yn The Little House on the Prairie, Falcon Crest, Magnum, P.I., Frasier en The Sopranos, wêryn't er de gewelddiedige maffioso Feech La Marna spile. Dêrnjonken wie Loggia ek as tillefyzjeregisseur aktyf, û.m. fan ôfleverings fan 'e detektivesearjes Quincy M.E., Magnum, P.I. en Hart to Hart. Regisseur Blake Edwards caste Loggia fierders gauris yn byrollen yn syn films, wêrûnder Revenge of the Pink Panther (1978) en S.O.B. (1981).

Loggia yn 1966.

Ek spile Loggia yn 'e film Mercy Mission: The Rescue of Flight 771 (1983), dy't basearre wie op in wierbard ynsidint mei Air New Zealand-flecht 103. Begjin jierren tachtich waard er fierders wrâldferneamd mei rollen yn 'e maffiafilms Scarface (1983) en Prizzi's Honor (1985), en as in gewelddiedige sûplap (en de heit fan haadrolspiler Richard Gere) yn An Officer and a Gentleman (1982). Ek mei syn rol as de sjef fan 'e generale stêf fan 'e Amerikaanske Striidkrêften yn 'e science fiction-film Independence Day (1996) krige er in protte bekendheid.

Loggia waard yn 1986 nominearre foar in Oscar (de wichtichste Amerikaanske filmpriis) foar syn rol fan 'e gnoarrige privee-detektive Sam Ransom yn 'e skriller Jagged Edge (1985). Yn 1990 folge in nominaasje foar in Emmy Award (de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis) foar syn rol fan 'e FBI-agint Nick Mancuso yn 'e tillefyzjesearje Mancuso, FBI. Yn 2001 waard Loggia jitris nominearre foar in Emmy foar syn byrol fan pake Victor yn 'e komeedzjesearje Malcolm in the Middle. Fierders wûn er yn 1988 in Saturn Award yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur foar syn optreden yn 'e film Big.

Mei syn djippe, gnarsende stim krige Loggia ek in protte wurk as stimakteur. Sa wurke er yn 1988 mei oan 'e Disney-tekenfilm Oliver & Company. Letter wied er as stimakteur û.m. belutsen by de produksje fan 'e kompjûterspultsjes FreeSpace 2 (1999), Scarface: The World is Yours (2006) en Grant Theft Auto III (2010), en de tekenfilm The Dog of Flanders (1997). Teffens hied er in weromkearende rol yn 'e tekenfilmrige Tom Goes to the Mayor (2004-2006).

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Loggia troude yn 1954 mei Marjorie Sloan, mei wa't er trije bern krige: Tracey, John en Kristina. Syn soan waard produksje-ûntwerper, en syn beide dochters aktrises. Troch Loggia syn midlife-krisis rekke syn houlik mei Sloan yn 'e twadde helte fan 'e jierren sechstich yn 'e swierrichheden, en dat kaam nea wer goed. Uteinlik skieden se yn 1981. It jiers dêrop wertroude Loggia mei de sakefrou Audrey O'Brien, dy't in dochter út in eardere relaasje hie, Cynthia Marlette, dy't sadwaande Loggia syn styfdochter waard. Loggia en O'Brien bleaune oant syn ferstjerren byinoar.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2010 waard by Loggia de sykte fan Alzheimer fêststeld. Likegoed gied er suver oan syn dea ta troch mei aktearjen. Hy ferstoar op 4 desimber 2015 yn syn hûs yn 'e Los Anzjelynske wyk Brentwood, oan komplikaasjes feroarsake troch syn krupsje. Robert Loggia waard 85 jier.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.