Jongemastate

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Raerder Bosk")
Gean nei: navigaasje, sykje

Jongema State

Jongemastate mei op de foargrûn de poarte út 1603

Jongemastate wie in state dy't oan de noardkant fan Raerd, (Boarnsterhim) stien hat. Tsjintwurdich stiet allinne it poartegebou út 1603 noch oerein en ek de grêft is noch yntakt.

Fan Jongemastate is wis dat dêr al sûnt de 15e iuw bewenning west hat. Sa waard it slot yn 1461 bewenne troch Kempo Jongema. Letter hat Jongemastate iuwenlang yn eigendom west fan it bekende Fryske geslacht Van Eyzinga. Lêste bewenner fan it slot wie Hobbe Baerdt, soan fan Adrianus Henricus van Slooten, boargemaster fan de gemeente Raerderhim fan 1872 oant 1896, en Jonkfrou Maria Clara van Sminia, dy't ek op de state wenne hawwe. Jongemastate is yn 1912 ôfbrutsen.

Terrein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Holwoartel op Jongemastate
poarte Raerder Bosk

It terrein, dat yn 'e folksmûle as Raerder Bosk oantsjutten wurdt, is tsjintwurdich eigendom fan It Fryske Gea, dy't ek it behear docht. Yn it parke steane in soad beammen en stinzeplanten lykas de holwoartel. Utsein yn de maitiid is it park frij tagonklik foar it publyk.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]